• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Fryske berneboeken foar skoallen yn ‘e gemeente It Hearrenfean

22 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

oanbieding Lêskoffer Berneboeke-ambassadeur – It Hearrenfean. Foto: Jacob van Essen.

Freed 17 oktober krigen learlingen fan SLS De Feart yn Jobbegea in lêskoffer mei Fryske berneboeken kado út hannen fan Hedwich Rinkes, wethâlder fan Kultuer fan de gemeente It Hearrenfean, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn’t alle basisskoallen fan de gemeente in fergeze lêskoffer oanbean krije.

Njonken SLS De Feart krije ek 29 oare basisskoallen yn de gemeente in lêskoffer oanbean. De lêskoffers binne beskikber steld troch de gemeente It Hearrenfean,

Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, is optein: “It is sa wichtich dat bern harrensels weromfine kinne yn in boek, fia it ferhaal, mar ek just fia de taal. Dat kin allinnich as der in ryk oanbod fan moaie Fryske berneboeken is, sadat der in berneboek foar elkenien yn de skoalbyb stiet.” De Berneboeke-ambassadeur giet de kommende tiid by de skoallen yn de gemeente It Hearrenfean del om te fertellen oer hoe fijn en moai (foar)lêzen yn de memmetaal is en om workshops te jaan wêrby’t de wille yn taal en ferhaal foarop stiet.

Wethâlder Hedwich Rinkes fan Kultuer: “As gemeente fine wy it wichtich dat bern al op jonge leeftyd yn ’e kunde komme mei it Frysk. Yn 2022 hawwe wy dêrom in boekekiste útdield oan alle basisskoallen yn ús gemeente. No wolle wy opnij in kiste fol prachtige Fryske boeken kado jaan oan alle basisskoallen, en in lêstas oan it fuortset ûnderwiis.”

Frysk lêzen stimulearret de taalûntwikkeling

It Frysk is in weardefol ûnderdiel fan ús kultuer en identiteit, en in folweardige taal dy’t bydraacht oan de brede taalûntwikkeling. Undersyk lit sjen dat it goed behearskjen fan dyn memmetaal in sterke basis lêt foar it learen fan oare talen en it ûntwikkeljen fan taalgefoel yn ’t algemien. Mei dizze boeken stimulearje wy it brûken en belibjen fan de Fryske taal ûnder bern en jongerein.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: berneboek, Berneboeke-ambassadeur, boeken fan Fryslân, Frysk yn it ûnderwiis

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d