• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Fakatuere: Undersiker histoaryske sosjolinguistyk (0,6 fte)

18 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Fryske Akademy siket in promovearre early career ûndersiker om ús nije ûndersyksprojekt ‘Taalnoarmen, nasjonalisme en identiteitsfoarming’ te fersterkjen. It giet om in baan fan 0,6 fte (22,8 oeren) foar de perioade fan 1 febrewaris oant 31 augustus 2026.

Yn dit ûndersyksprojekt wurdt de wikselwurking tusken standerdisearring en taalpolityk, letterkunde, leksikografy en identiteitsfoarming yn Fryslân (fan de 19e iuw oant en mei de hjoeddeiske situaasje) yn kaart brocht, yn ferlykjend perspektyf mei it Nederlânsk en mei oare minderheidstalen yn Europa. 

Dit silst dwaan

Do giest oan de slach mei ferskate ûndersyksfragen, lykas: 

  • Hokker identiteitsklaims en dialektologyske foarûnderstellingen lizze te’n grûnslach oan dizze standerdisearringsprosessen?
  • Hokker rol spylje én hawwe literatoaren en nasjonale bewegers spile yn de ûntwikkeling fan de standerttaal?
  • Hoe ferhâlde top-down en bottom-up standerdisearring harren ta elkoar?
  • Hoe wurdt mei it spanningsfjild tusken sprektaal en skriuwtaal, en mei fariaasje binnen de taal omgien?

Dizze ûndersyksfragen, dy’t in kombinaasje fan metoaden út sawol de histoaryske sosjolinguistyk as de moderne kultuerskiednis freegje, reitsje oan tema’s lykas de Fryske identiteit, it ‘Geef-Frysk’ en de stavering fan it Frysk, dy’t noch geregeld ta hjitte diskusjes liede.

As ûndersiker hâldst dy mei de folgjende saken dwaande:

  • Terreinferkenning fan de Fryske kasus (literatuer- en boarnesamling).
  • Ferkennen fan de brûkberens fan in histoarysk-taalsosjologyske taksonomy (ûntwikkele foar it Baskysk).
  • Poerbêste kennis hat fan de standerdisearingsskiednis fan it Nederlânsk;
  • In kongresbydrage oer de Fryske kasus.
  • Co-auteurskip fan in publikaasje mei it ûndersyksteam.
  • It tarieden fan in oanfraach oangeande de Fryske kasus foar it NWO-Talentprogramma Veni SGW 2026.

Dit bringst mei

Wy sykje in ûndersiker dy’t:

  • Promovearre is op it mêd fan de histoaryske sosjolinguistyk.
  • Foldocht oan de kritearia foar it NWO-Talentprogramma Veni SGW 2026, û.o. promovearre yn 2023 of letter.
  • Ynteresse hat foar de Fryske kasus.
  • Iepenstiet foar in ynterdissiplinêre oanpak mei kultuerhistoarisy, sosjologen en taalkundigen.
  • Beskikt oer in nasjonaal en ynternasjonaal ûndersyksnetwurk.
  • Poerbêste kommunikative feardichheden hat.

Wat biedt de Fryske Akademy?

Wy biede in kontrakt oan fan beskate doer, fan 1 febrewaris oant en mei 31 augustus 2026, mei in omfang fan 0,6 fte (22,8 oeren/wyks). Ynskaling fynt plak konform wurkûnderfining yn UFO-profyl ûndersiker 3 yn skaal 11 fan de CAO Nederlandse Universiteiten.

Ynformaasje

Mear ynformaasje is te krijen by de projektlieder, dr. Simon Halink fia shalink@fryske-akademy.nl of tillefoanysk fia +316-20652719.

Sollisitaasjeproseduere

Dyn sollisitaasje (brief + cv) sjogge wy graach foar moandei 24 novimber yn ‘e mjitte. Stjoer dyn brief nei de HR-adviseur fan de Fryske Akademy: wurkje@fryke-akademy.nl, mei as ûnderwerp fan de mail ûndersiker histoaryske sosjolinguistyk. Geskikte kandidaten wurde útnûge foar in (online) sollisitaasjepetear op woansdei 26 novimber.

Akwisysje nei oanlieding fan dizze advertinsje wurdt net op priis steld.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: fakatuere, Fryske Akademy, historisch, sociolinguïstiek

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

8 jannewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

8 jannewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

12 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

8 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

5 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
29-30 desimber 2025: Krystkongres mei Tony Feitsmapriisútrikking

29-30 desimber 2025: Krystkongres mei Tony Feitsmapriisútrikking

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

30 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d