• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Bedriuwen: praat mar Frysk

6 februari 2026 door Gerbrich de Jong Reageer

Bedriuwen yn Fryslân steane foar in drege kar: moatte de klanten yn it Frysk of yn it Nederlânsk oansprutsen wurde? Omdat net elkenien Frysk praat en wol elkenien Nederlânsk, falt de kar dan al gau op it lêste. Somtiden giet in bedriuw safier dat Frysk praten tsjin in klant sels ferbean wurdt, lykas by de ING it gefal wie. Allinnich mar Nederlânsk brûke liket foar in bedriuw lykwols gjin goed idee. Net allinnich omdat it dan lulke Bernleffers op syn dak krijt, lykas by de ING, mar ek omdat it kânsen lizze lit. Frysktalige minsken wurde nammentlik hiel graach yn it Frysk oansprutsen.

Foar myn promoasje-ûndersyk nei Fryske oansprekfoarmen ûndersykje ik hoe’t minsken yn Fryslân inoar oansprekke. It giet my dan net om de taal dy’t se brûke (al is dat ek tige nijsgjirrich), mar om de oansprekfoarm dy’t se kieze. Lykas yn de measte Europeeske talen hat it Frysk twa wurden om ien oan te sprekken: in fatsoenlike fariant (jo) en in ynformele fariant (do, of foar de Wâldpiken lykas iksels: dû). Dêrneist is der foar beskate situaasjes in tredde opsje hiel gongber: it oansprekken yn de tredde persoan. En der binne Friezen dy’t de meartalsfoarm ‘jim’ brûke as oansprekfoarm foar ien persoan, wat in oare handige manier is om net kieze te hoegen tusken ‘do’ of ‘jo’.

Neffens resinte boeken dy’t ús taal beskriuwe, lykas de Grammatica Fries fan Popkema, is der ferskil yn hoe’t Friezen do en jo brûke en hoe’t Nederlânsktaligen jij en u brûke. Friezen soenen weromhâldender wêze yn it brûken fan do. Tagelyk soe jo yn it Frysk faker brûkt wurde as u yn it Nederlânsk. Dat klinkt logysk. Troch de Fryske mooglikheid om ien oan te sprekken yn de tredde persoan, wurdt do minder faak brûkt as jij yn it Nederlânsk. Tink mar ris oan al dy bern yn Fryslân dy’t heit en mem sizze, wylst harren Nederlânsktalige leeftiidsgenoaten jij en je sizze. Dochs wie noait ûndersocht oft it echt it gefal is dat do en jo oars brûkt wurde as jij en u. Oant no.

Myn promoasje-ûndersyk is part fan in oerkoepeljend ûndersyksprojekt fan de Radboud Universiteit dat giet oer de ympakt fan oansprekfoarmen yn ferskillende Europeeske talen. It is ien fan de alderearste ûndersyksprojekten dat de klam leit op it effekt fan oansprekfoarmen. It giet dus net om de fraach wêrom’t ien kiest foar do of jo, mar oer de fraach: wat docht it mei ien as dy mei do of jo oansprutsen wurdt? Myn kollega Maria den Hartog ûndersiket dat effekt yn it Nederlânsk en it Dútsk, en myn kollega Patricia Sanchez Carrasco yn it Frânsk en it Spaansk. Troch myn ûndersyk nei it Frysk, wurdt oan it projekt ek it perspektyf fan in minderheidstaal tafoege. Maria en Patricia hawwe yn harren ûndersyk persys itselde eksperimint útfierd, mar dan foar harren ‘eigen’ talen. It gong om in sabeare sollisitaasjepetear. Alle dielnimmers krigen filmkes te sjen fan twa recruiters dy’t harren oansprekke yn harren memmetaal. De iene helte waard oansprutsen mei it ynformele foarnamwurd, de oare helte mei it formele foarnamwurd. Nei it petear waard de dielnimmers frege om de beide recruiters en it bedriuw te evaluearjen. De resultaten litte sjen dat der grutte ferskillen binne tusken talen yn de foarkar foar in formeel of júst in ynformeel foarnamwurd, en dat it effekt hat op hoe’t minsken tinke oer it bedriuw, oer de recruiter, of sels op de ferwachtingen dy’t se hawwe fan it lean. 

It eksperimint fan Maria en Patricia ha ik ek dien, mar dan mei Frysktalige dielnimmers (n=306). Aardich oan sa’n twatalige Frysktalige populaasje is fansels datst dy net ien, mar twa talen foarlizze kinst. De iene helte fan de groep waard dus oansprutsen yn it Nederlânsk (mei u of jij) en de oare helte yn it Frysk (mei jo of do). En no komt it. Dielnimmers dy’t yn it Frysk oansprutsen waarden, wienen op alle fronten folle positiver as dielnimmers dy’t yn it Nederlânsk oansprutsen waarden. Se tochten dat se better opsjitte koenen mei de recruiter, se fielden har mear serieus naam, se wienen positiver oer it bedriuw, en se hienen mear it idee dat de baan by harren paste. Op ien punt makke Nederlânsk en Frysk gjin ferskil: it lean. De ferwachtingen dy’t de dielnimmers dêrfan hienen, feroare net.

Dat Frysktalige minsken sa posityf reagearje op it oansprutsen wurden yn it Frysk is byfangst, want it gong my fansels om it effekt fan de oansprekfoarm dy’t brûkt waard. Op dat punt kamen der lykwols ek nijsgjirrige dingen oan it ljocht: dielnimmers dy’t ynformeel oansprutsen waarden, wienen positiver oer de recruiter en it bedriuw, yn sawol it Nederlânsk as it Frysk. Hoewol’t Friezen dus miskien sels net sa gau ien dookje, fine se it sels wol moai om doke te wurden. Dat docht net allinnich bliken út de mjittingen, mar ek út de foarkar dy’t se sels oanjouwe. Alle dielnimmers is nammentlik frege: hoe wolsto it leafste oansprutsen wurde yn in sollisitaasjepetear? Leafst 88% persint fan de dielnimmers keas foar ‘do’ of ‘jij’.

De útkomsten litte ús ferskillende dingen sjen. Alderearst dat der gjin ferskil is tusken it Nederlânsk en it Frysk. Mei oare wurden: op ‘do’ waard net oars reagearre as op ‘jij’, en op ‘jo’ net oars as op ‘u’. Dat lit miskien wol sjen dat ‘do’ meibeweecht mei de Nederlânske tendins om ‘jij’ te brûken as de standertoansprekfoarm, wylst ‘u’ hieltyd mear in útsûndering wurdt. Tagelyk hawwe wy yn Fryslân fansels noch wol altyd ús gewoante om oaren yn de tredde persoan oan te sprekken, en dat soarget no krekt foar minder ‘do’. Soe it oansprekken yn de tredde persoan dan stadichoan ôfnimme? Of wurdt dy oansprekfoarm sa bot brûkt troch de hiele provinsje dat wy wol sizze kinne dat Fryslân net twa mar trije oansprekfoarmen hat? Help my om antwurd op dy fraach te finen troch mei te dwaan oan myn superkoarte enkête (twa minuten) en him te dielen mei alle ynwenners fan Fryslân dy’tst kenst. Dan kom ik skielk by dy (of jo) werom mei de resultaten.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: aanspreekvormen, frysk, tutoyeren

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Sellemoanne

Febrewaris

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

5 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

1 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

28 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

24 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d