• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Tiny Mulderpriis: In nije priis foar oersettingen fan berne- en jeugdboeken

2 februari 2026 door Redaksje Frisistyk Reageer

Tiny Mulder oan ‘e tafel foar de boekekast oan it skriuwen (1954) troch fotograaf Sjoerd Andringa, kolleksje Tresoar

Op 27 jannewaris offisjeel lansearre: de Tiny Mulderpriis, de nije priis foar oersettingen fan jeugd- en berneboeken dy’t út it Frysk wei of nei it Frysk ta makke binne! It giet om publikaasjes dy’t ferskynd binne yn de perioade 2020 oant en mei 2025. Dizze provinsjale priis is in earbetoan oan skriuwster Tiny Mulder, dy’t in grutte bydrage levere oan de Fryske literatuer én berneliteratuer. Ek beklammet dizze priis it belang fan kwalitatyf hege oersettingen.

Earder wienen oersettingen fan berne- en jeugdliteratuer ûnderdiel fan de Obe Postmapriis. De advyskommisje fan dizze priis fan 2020 die de oprop om dit sjenre in eigen priis ta te kennen. Dêr hat Deputearre Steaten gehoar oan jûn en de priis is opnommen yn it reglemint. De Tiny Mulderpriis komt neist de besteande provinsjale Obe Postmapriis foar de beste Fryske oersetting, dy’t fjouwerjierliks foar literatuer (foar folwoeksenen) útrikt wurdt.

Foar de nammejouwing fan de priis hat deputearre Eke Folkerts in besite brocht oan Rixt Zuidema, de dochter fan Tiny Mulder. “Wy binne út de skroeven dat der – neist it Tiny Mulderplantsoen yn Ljouwert en it Tiny Mulderplein yn Beetstersweach – no ek de Tiny Mulderpriis is!” sa seit de famylje. Ek Folkerts is wiis mei de nammejouwing: “It is in eare dat wy de namme Tiny Mulder oan dizze provinsjale priis ferbine meie.”

Oer Tiny Mulder

Tiny Mulder (1921-2010) wie op in breed literêr front warber. Yn 1986 krige se foar har hiele literêre oeuvre de provinsjale Gysbert Japicxpriis.

Se is foaral bekend wurden troch de roman Tin iis (1981) dêr’t se har eigen ûnderfiningen as koerierster yn de oarloch yn beskriuwt. It waard in sukses mei fiif printingen en in Nederlânske oersetting (Gevaarlijk ijs). Mar se die folle mear: se dichte, skreau ferhalen, romans, berneboeken, harkspullen en bespruts boeken foar de radio en yn it Friesch Dagblad dêr’t se fjirtich jier as sjoernaliste foar wurke.

Dêrneist makke se berneliteratuer út oare talen tagonklik troch dy nei it Frysk oer te setten. Se fertaalde ûnder oare Myn oerpake en ik fan de Helgolanner auteur James Krüss. It ferneamde Alice’s Adventures in Wonderland fan Lewis Carroll ferskynde as Alice yn Wûnderlân. It ferhaal fan Piter Knyn kaam yn 1993 út, nei The tale of Benjamin Bunny fan Beatrix Potter.

Foto: deputearre Eke Folkerts op besite by Rixt Zuidema, dochter fan Tiny Mulder
Foto: deputearre Eke Folkerts op besite by Rixt Zuidema, dochter fan Tiny Mulder

Advyskommisje 2026

Deputearre Steaten hawwe de leden fan de advyskommisje foar de Tiny Mulderpriis 2026 beneamd. Yn de kommisje sitte Lara Kool, Kate Schlingemann en Liuwe Westra. Lara Kool skriuwt gedichten en ferhalen foar folwoeksenen en bern. Se wurket oan in dichtbondel en is dwaande mei in berneboek. Kate Schlingemann is dichter, berneboekemakker en yllustrator. As kreatyf-skriuwdosint jout se poëzy- en skriuwworkshops op skoallen. Liuwe Westra is literêr oersetter en universitêr ûndersiker op it mêd fan klassike talen. Hy sette de earste twa dielen fan de trilogy The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien oer. 

Utrikking

Dizze hjerst wurdt de Tiny Mulderpriis foar it earst útrikt. 

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: jeugdboeken, kinderboeken, oersetting, Provinsje Fryslân, Tiny Mulderpriis, vertalen

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Tomke

1 brún sjongfûgeltsje út ‘e famylje fan ‘e winterkeninkjes, Troglodytes troglodytes mûs tommelid winterkeninkje
2 tsjiftsjaf
NL: winterkoning, winterkoninkje
Wft: ferlytsing fan tomme, Nederlânsk duimpje

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

1 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

28 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

24 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d