Nederlânske oersetting fan Leafde yn oarlochstiid

By de Afûk ferskynde op sneon 21 maart 2026: Ein Bratkartoffelferstalältnis (Liefde in oorlogstijd). De Nederlânske oersetting fan de Fryske novelle Leafde yn oarlochstiid fan Willem Verf. Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de âlden fan de skriuwer. Sy krigen ferkearing yn Dútslân, yn de oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. Yn de jierren dat Willem Verf opgroeide, woene de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy’t him as bern oerlevere waarden in boeiend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke.
Willem Verf debutearre yn 1982 mei de roman It bliuwt pielen. Yn 1984 krige er de Fedde Schurer-priis fan de provinsje Fryslân foar syn ferhalebondel In delgeande tiid. Oar wurk fan Willem Verf: It swijen net wurdich (2008), Bûtenman & Bûtenfrou (2013), It sinfol bestean (2017) en De wûndere leafde fan Emine en Einte (2021). Leafde yn Oarlochstiid ferskynde yn maart 2025.
Ein Bratkartoffelberältnis (Liefde yn oorlogstijd) is te krijen by de Afûk webshop.

Laat een reactie achter