
Moandei 16 maart fûn by Firda Plaza yn Ljouwert de ynauguraasje en offisjele beneaming plak fan dr. Lysbeth Jongbloed as praktor Frysk en meartaligens by Firda en Aeres.
Yn har ynaugurele rede naam Jongbloed de oanwêzigen mei yn har fyzje op hoe’t (Fryske) taal, identiteit en meartaligens betsjutting krije yn it middelber beropsûnderwiis (mbû). Dêrby lei se út hoe’t taal net allinnich in middel foar kommunikaasje is, mar ek bydraacht oan ferbining, selsbyld en dielname oan de maatskippij.
As praktor sil Jongbloed har rjochtsje op it fersterkjen fan it plak fan it Frysk en oare thústalen yn it mbû. In wichtich doel is om better oan te sluten by de taalrealiteit fan studinten én by de behoeften fan it wurkfjild, dêr’t it Frysk yn in protte beroppen in wichtige rol spylje kin.
Mear ynformaasje oer it wurk fan Lysbeth Jongbloed is te lêzen fia:
https://www.firda.nl/nieuws/nieuwe-practor-frysk-brengt-graag-taal-studenten-en-werkveld-samen

Laat een reactie achter