Bist skriuwer, útjouwer, of op in oare wize belutsen by literatuer yn Fryslân? Dan is Lettertreffen wat foar dy. Op tongersdei 26 maart organisearret Leeuwarden City of Literature de fjirde edysje fan dit jierlikse netwurkmomint. Dizze middei bringe wy de sektor byinoar: neist skriuwers en útjouwerijen, ek biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende … [Lees meer...] over26 maart 2026: Lettertreffen
Frisistyk
Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer
Yn de maitiidslêzing fan de Freonen fan Tresoar fertelt Tresoar-fellow Sieger Vreeling oer de útkomsten fan syn ûndersyk nei brieven fan Nynke van Hichtum. Ek binne der presintaasjes en is der in fraachpetear mei oare sprekkers: Tialda Hoogeveen, Rixt van der Heide en Linda de Haan komme oan it wurd. In tige nijsgjirrige jûn mei Nynke van Hichtum en berneliteratuer yn ’e … [Lees meer...] overMaitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast
Op sneintemiddei 22 maart is de premjêre fan it Requiem ta treast yn de menistetsjerke oan de Wirdumerdyk yn Ljouwert. Dit koarwurk is it resultaat fan in gearwurking tusken de komponist Marcus Veenstra en de ferstoarne Fryske dichter Willem Abma. Marcus Veenstra is in alsidich musikus. Hy studearre oargel, koardireksje, lichte muzyk en skoalmuzyk oan ferskate … [Lees meer...] over22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast
De herontdekking van dichter Ella Wassenaer
Eind 2025 verscheen de bundel rode runen. De herontdekking van de visionaire dichter Ella Wassenaer. Het ontwerp met wilde letters en tekens op het voorplat roept associaties op met de Cobra-beweging. In het hart van de bundel staan de gedichten van Ella Wassenaer; in het Fries met de originele typografie en daarnaast in rood de Nederlandse vertaling. De uitgave bevat ook … [Lees meer...] overDe herontdekking van dichter Ella Wassenaer
Iepen call Skriuwersbûn: Fryske Dichter foar Transpoesie
Transpoesie is in ynternasjonaal evenemint yn Brussel, dêr’t ferskate dichters fan ferskate (minderheids)taalgebieten by inoar komme. It is in prachtich plak om dy as dichter te ûntwikkeljen, troch mei te dwaan oan skriuwsesjes, fan inoar te learen, te netwurkjen en mei inoar in fantastyske foardracht del te setten. En fansels it Frysk mear op de kaart te setten. Dyn gedicht … [Lees meer...] overIepen call Skriuwersbûn: Fryske Dichter foar Transpoesie
Skriuw! – in ferhalewedstriid en skriuw-evenemint
Skriuw! is in ferhalewedstriid en skriuw-evenemint dat learlingen oanset ta kreatyf skriuwen yn it Frysk. It doel is om safolle mooglik learlingen fan groep 7 en 8 Frysk skriuwe te litten. It projekt bestiet út in tal opdrachten dy’t de learlingen yn de klasse dwaan kinne om it kreative skriuwen te stimulearjen. Mei dy opdrachten wurkje de learlingen oan de feardichheden om … [Lees meer...] overSkriuw! – in ferhalewedstriid en skriuw-evenemint
20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’
By de Afûk is ferskynd: de dichtbondel ‘Spegelrinner’ fan dichter en berneboekeskriuwer Paul van Dijk. It is de 2e dichtbondel fan de Warkumer skriuwer. Foar syn earste bondel ‘Famke fan snie’ krige Van Dijk yn 2022 de Douwe Tammingapriis, de priis foar it bêste literêre debút. De muzikale presintaasje fan ‘Spegelrinner’ fynt jûns plak by ‘Kultuer yn ’e Keamer’, in … [Lees meer...] over20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’
Twadde printinge foar Ien tel de ierde stil fan Arjan Hut
Fan de dichtbondel Ien tel de ierde stil fan Arjan Hut is in twadde printinge ferskynd. De bondel, dy’t foar it earst útkaam yn 2023, waard skreaun yn de perioade dat Hut Wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen — in tiid fan coronalockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken. By him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn ’e trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn ’e bus … [Lees meer...] overTwadde printinge foar Ien tel de ierde stil fan Arjan Hut
Op syn theodysk (‘dútsk’)[i]
Nei oanlieding fan it proefskrift fan de ‘jonge doktor’[ii] Redbad Veenbaas, Traditionele zanger of Geleerde? Over de dichter van de Heliand. Amsterdam 2026. ISBN/EAN: 978-90-77714-50-8 It magnum opus fan Redbad Veenbaas Traditionele zanger of Geleerde? Over de dichter van de Heliand like my yn earste opslach in Whodunit, mar dan yn in opset fan de eardere plysjesearje … [Lees meer...] overOp syn theodysk (‘dútsk’)[i]
Nasjonaal Boekewikegeskink ‘Piaggio’ fan Hendrik Groen ferskynt ek yn it Frysk
It nasjonale Boekewikegeskink wurdt dit jier skreaun troch de bestsellerauteur fan de populêre deiboeken fan Hendrik Groen. Groen bleau mear as tsien jier anonym foar it grutte publyk. Skriuwer Peter de Smet stapt spesjaal foar de nasjonale Boekewike foar ien kear út de anonimiteit. ‘Piaggio’ fan Peter de Smet ferskynt as nasjonaal Boekewikegeskink ek yn it Frysk. De Fryske … [Lees meer...] overNasjonaal Boekewikegeskink ‘Piaggio’ fan Hendrik Groen ferskynt ek yn it Frysk
Foarjiersmoanne
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga
Op zondag 15 maart 2026 vindt in het hart van Rinsumageast, Herberg Het Rechthuis, een middag plaats die geheel in het teken staat van het werk van de Friese schrijver Ype Poortinga (1910-1985) uit Rinsumageast. Een middag vol volksverhalen, voordrachten en muziek. Een schat aan Friese volksverhalen Poortinga werd geboren in Rinsumageast, zijn vader was boer op de … [Lees meer...] over15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma
Middeis fan 14.45 oere kinst oanslute by de feestlike presintaasje fan de nijste roman fan Bart Kingma: Flarde, in ferhaal oer ferlet, ferlangen en ferbylding. Gerard de Jong giet mei Bart yn petear oer syn nije boek en fierder binne der bydragen fan dichter Syds Wiersma en theremin-spiler Gerben Gerbrandy. Oan ‘e ein fan it programma is der fansels gelegenheid om it boek te … [Lees meer...] over14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma
Misliksma
Ferfelend, aaklik persoan sjoch ek: aakliksma … [Lees meer...] overMisliksma
Reed
Ek wol skaats (hollanisme). Meartal: redens Helpmiddel om fluch oer it iis te gean, besteand út in langwerpich, slipe izer dat fêstsit yn in houten of izeren soaltsje dat mei fiters en riemkes ûnder de foet bûn wurdt of dat mei in skoech ien gehiel foarmet (frysker) Komt fan it tiidwurd ride. … [Lees meer...] overReed
Op syn ‘Bestjoersk’
Nei oanlieding fan Hester Terpstra har skripsje “Ferbine of ferbrekke?” “Verbinden of verloochenen?” Op zoek naar de betekenis van het Fries binnen het Openbaar Bestuur van Friesland. Thesis Executive MBA Public & Private. Nyenrode Business University. Z.pl. 2024. It maatskiplik funksjonearjen fan it Frysk wurdt út allerhanne ynfalshoeken wei en op ferskillende manieren … [Lees meer...] overOp syn ‘Bestjoersk’
It Noardfrysk en Liwwadders klinke mei in film en bier op Ynternasjonale Memmetaaldei
Sawol it Noardfrysk as it Liwwadders klinke op 21 febrewaris - de Ynternasjonale Memmetaaldei - yn Slieker Film, Ljouwert. Dy deis is de fertoaning fan de Noardfryske film Amrum mei in yntroduksje fan frisist Henk Wolfenoanslutend klinkt it startskot foar in taal- en keunstprojekt foar de promoasje fan it Liwwadders mei de presintaasje fan trije Liwwadder spesjaalbierkes fan … [Lees meer...] overIt Noardfrysk en Liwwadders klinke mei in film en bier op Ynternasjonale Memmetaaldei
Bedriuwen: praat mar Frysk
Bedriuwen yn Fryslân steane foar in drege kar: moatte de klanten yn it Frysk of yn it Nederlânsk oansprutsen wurde? Omdat net elkenien Frysk praat en wol elkenien Nederlânsk, falt de kar dan al gau op it lêste. Somtiden giet in bedriuw safier dat Frysk praten tsjin in klant sels ferbean wurdt, lykas by de ING it gefal wie. Allinnich mar Nederlânsk brûke liket foar in bedriuw … [Lees meer...] overBedriuwen: praat mar Frysk
11-22 maart 2026: Boekewike 2026
De (nasjonale) boekewike is in feest foar jong en âld, want der is in boek foar elkenien. Mei it tema ‘Myn generaasje’ rôlet it CPNB de reade loper út foar elke generaasje. De boekewike 2026 giet oer boeken, ferhalen en taal dy’t sjen litte hoe’t generaasjes foarme wurde. Ofsto no in boomer bist of zoomer, millennial, alfa of X: dyn generaasje is foaral in gefoel. Oer wa … [Lees meer...] over11-22 maart 2026: Boekewike 2026
Nij liet fan nuveraardich barren
In 1926 verscheen in de plaatselijke Jouster Courant een bericht over een inbraak nabij Huisterheide (Sintnicolaasga) in 1833 waarbij een van de inbrekers na een gevecht met de boer door een koe werd gedood. Er bestonden liederen die op kermissen door spoken word artiesten met succes naar voren werden gebracht. Een van de twee overgeleverde liederen is door Karel F. Gildemacher … [Lees meer...] overNij liet fan nuveraardich barren
10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.
De Akademylêzingen is in rige fan seis publykslêzingen fan de Fryske Akademy yn trije dagen, ferspraat oer it winterskoft, yn Ljouwert en op 'e Jouwer. Elk jier organisearret de wurkgroep Akademylêzingen in oansprekkende rige lêzingen, yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân. De rige lêzingen wurdt op twa plakken hâlden op deselde dei: yn De Koperen Tún yn … [Lees meer...] over10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.
Waarom Wopke een man is en Wopk een stoere vrouw
Volgens de voornaamkundige Gerrit Bloothooft is Friesland de Nederlandse provincie met de meest afwijkende voornaamkeuze. Dat zal verband houden met het feit dat er ook veel meer Friese dan Nedersaksische, Limburgse of Brabantse namen zijn. In een artikel in het Journal of Germanic Linguistics beschrijven Geert Booij en Willem Visser één manier waarop de omvang van de Friese … [Lees meer...] overWaarom Wopke een man is en Wopk een stoere vrouw
Hânboek mei ynformaasje en tips oer taalûntwikkeling by jonge meartalige bern
Op 27 jannewaris hat it projektteam fan Read with MEE harren hânboek ‘Handbook-INC: Inclusive Multiliteracy Development in Early Childhood Education and Care’ lansearre. Dat hânboek is in samling fan ynformaasje en praktyske tips foar eltsenien dy’t, as âlder of beropsmjittich, behelle is by jonge meartalige bern. Iere taalûntwikkeling It hânboek fertelt mear oer de iere … [Lees meer...] overHânboek mei ynformaasje en tips oer taalûntwikkeling by jonge meartalige bern
Nij ferskynd by de Afûk: Spegelrinner fan Paul van Dijk
By de Afûk is ferskynd: de dichtbondel ‘Spegelrinner’ fan dichter en berneboekeskriuwer Paul van Dijk. It is de twadde dichtbondel fan de Warkumer skriuwer. Foar syn earste bondel ‘Famke fan snie’ krige Van Dijk yn 2022 de Douwe Tammingapriis, de priis foar it bêste literêre debút. De dichtbondel ‘Spegelrinner’ giet oer de simmer en de see, oer it no, de takomst en it ferline. … [Lees meer...] overNij ferskynd by de Afûk: Spegelrinner fan Paul van Dijk
Linda de Haan ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur
Op CBS De Frissel yn Feanwâlden is Linda de Haan tongersdei 29 jannewaris offisjeel ynstalleare as nije Berneboeke-ambassadeur. Sy krige út hannen fan foarlêskampioen Zorah Hofma de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange. Linda de Haan nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Tialda Hoogeveen, dy’t yn 2023 beneamd waard. Lêswille is gelok Linda de … [Lees meer...] overLinda de Haan ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur





















