Online-Kurs “Saterfriesisch zum Schnuppern” Seit 2022 bieten das Seeltersk-Kontoor und der Seelter Buund gemeinsam Saterfriesischkurse an. Diese wurden in den Jahren 2022-2024 finanziell vom niedersächsischen Ministerium für Kultur und Wissenschaft gefördert. 2023 wurde das katholische Bildungswerk Saterland der dritte Partner. Datum: 3.4.2025 von 19.00 bis 21.00 … [Lees meer...] over3 april 2025: Online-Schnupperkurs “Saterfriesisch”
Frisistyk Agenda
27 maart 2025: Skriuwerskafee
Op dizze lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau! It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle … [Lees meer...] over27 maart 2025: Skriuwerskafee
30 maart 2025: Call for papers Conference on Frisian Humanities
De Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Taalfeardigens fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins, en de ôfdieling Taal, Technology en Kultuer fan RuG/Campus Fryslân nûgje jo út foar de tredde Conference on Frisian Humanities. It hat plak fan … [Lees meer...] over30 maart 2025: Call for papers Conference on Frisian Humanities
25 maart 2025: kursus Skriuwgroep FeRstival
Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Wolst ek gedichten skriuwe foar FeRstival, mar soest ûnder it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Of fynst it gewoan moai om wat djipper yn de … [Lees meer...] over25 maart 2025: kursus Skriuwgroep FeRstival
24 maart 2025: deadline kwalifikaasje Grut Frysk Diktee
Op tiisdei 8 april is de Steateseal fan it Provinsjehûs wer de arena dêr't it Grut Frysk Diktee holden wurdt. Fyftich minsken sille harren dan bûge oer drege wurden en útsûnderingen yn de stavering. De dikteetekst wurdt dit jier skreaun troch Alvestêdefoarsitter Wiebe Wieling.Minsken dy't op 8 april graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar … [Lees meer...] over24 maart 2025: deadline kwalifikaasje Grut Frysk Diktee
23 maart 2025: lezing Jonkman en Versloot over het Stadsfries
Onlangs verscheen het boek Het Friese ‘Nederduits’ door taalwetenschappers Reitze Jonkman en Arjen Versloot. Ook het Leewarders, een van de varianten van het Stadsfries, komt in dit boek uitgebreid aan de orde. De ooit zo prestigieuze stadstaal van de Friese elite werd later gerekend als stadsdialect met een lage sociale status. Welke historische ontwikkelingen zijn hier de … [Lees meer...] over23 maart 2025: lezing Jonkman en Versloot over het Stadsfries
22 maart 2025: presintaasje postume bondel Willem Abma
Op sneontemiddei 22 maart wurdt Willem Abma syn lêste dichtbondel Bewarre postúm presintearre. By dy gelegenheid sil Marcus Veenstra mei in gelegenheidskoar in part fan Requiem ta treast útfiere. De teksten skreaun troch Abma binne troch Veenstra op muzyk set. Foarich jier simmer ferstoar skriuwer-dichter Willem Abma op twaëntachtichjierrige leeftyd. Abma publisearre by syn … [Lees meer...] over22 maart 2025: presintaasje postume bondel Willem Abma
22 maart 2025: Kofjemoarn mei Durk van der Ploeg
Yn de Nationale Boekenweek (12-23 maart) komt skriuwer Durk van der Ploeg op sneon 22 maart moarns nei de Afûk winkel ta. Hy sil fertelle oer syn boeken, op fersyk foarlêze en syn wurk sinjearje. Ek is der romte om fragen te stellen. Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra sil de moarn oan inoar prate. Kom op sneon 22 maart yn ’e kunde mei de skriuwer en syn oeuvre. Durk van der … [Lees meer...] over22 maart 2025: Kofjemoarn mei Durk van der Ploeg
21 maart 2025: ynauguraasje dr. Günther-van der Meij en dr. Walsweer
Het College van Bestuur van NHL Stenden Hogeschool nodigt u van harte uit voor de inauguraties van dr. Mirjam Günther-van der Meij, lector Meertaligheid & Geletterdheid en dr. Albert Walsweer, bijzonder lector Fryske Taal & Kultuer yn it ûnderwiis op vrijdag 21 maart 2025. Het thema van de rede van Mirjam is: “Talen als verbindende kracht.” Het thema van de rede … [Lees meer...] over21 maart 2025: ynauguraasje dr. Günther-van der Meij en dr. Walsweer
18 maart 2025: kursus Berne- en jeugdliteratuer
Altyd alris in ferhaal foar bern skriuwe wollen? Stiest iepen om dat mei oaren te learen? Dan is de nije kursus berne- en jeugdliteratuer fan de Skiuwersfakskoalle wat foar dy. Yn dizze skriuwkursus bringt skriuwer en dichter Paul van Dijk dy yn oanrekking mei alle aspekten fan de berne- en jeugdliteratuer. Troch lês- en skriuwopdrachten komst achter alle mooglikheden yn dit … [Lees meer...] over18 maart 2025: kursus Berne- en jeugdliteratuer
16 maart 2025: Oudheidfestival by Tresoar
Yn it lêste wykein fan de Week van de Klassieken organisearret Tresoar it Oudheidfestival foar jong en âld. Op sneintemiddei 16 maart binne ferskate aktiviteiten, lykas in lêzing, bernekolleezje en in rûnlieding by bysûndere kolleksjes fan Tresoar del (wêrûnder de Buma Kolleksje en de Akademy fan Frjentsjer).Bernekolleezje Lucas Knitel: Rellen en ûnrêst yn it Romeinske … [Lees meer...] over16 maart 2025: Oudheidfestival by Tresoar
16 maart 2025: call for papers Conference on Frisian Humanities
Fan 11-14 novimber 2025 hat de tredde Conference on Frisian Humanities plak yn Ljouwert. De konferinsje wurdt organisearre troch de Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Taalfeardigens fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins en de ôfdieling Taal, … [Lees meer...] over16 maart 2025: call for papers Conference on Frisian Humanities
6 maart 2025: Silent Book Club Fryslân
Lang om let lêze In oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan?Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?Hast in moai boek? Mar leit dy noch altyd net lêzen yn ‘e kast? Híel werkenber… Dêrom organisearret Tresoar de Silent Book Club yn Fryslân! De Silent Book Club is in wrâldwide mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 500 … [Lees meer...] over6 maart 2025: Silent Book Club Fryslân
6 maart 2025: Lettertreffen
Op tongersdei 6 maart 2025 organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de tredde edysje fan Lettertreffen, ús gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân. We prate dy middei skriuwers, útjouwerijen, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd. En fansels is der tiid om inoar te … [Lees meer...] over6 maart 2025: Lettertreffen
5 maart 2025: Miny-sympoasium Hof van Friesland
It gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert draacht de biblioteek fan it Hof van Friesland oer oan Tresoar. Ta eare fan de oerdracht wurdt in miny-sympoasium organisearre yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert. It Hof van Friesland fungearre oant 1811 as de heechste rjochtsprekkende ynstelling yn Fryslân. De biblioteek fan it Hôf bestiet út sa'n 2.000 bannen mei ferskate ûnderwerpen. Dêr … [Lees meer...] over5 maart 2025: Miny-sympoasium Hof van Friesland
21 febrewaris 2025: Fryske en Katalaanske films op Ynternasjonale Memmetaaldei
Op freed 21 febrewaris is der yn Ljouwert in filmmiddei mei oandacht foar minderheidstalen. De koarte Fryske film Baarch en de Katalaanske spylfilm Alcarràs wurde fertoand op it wite doek. Boppedat binne filmmakkers Joris Hoebe (û.o. CineNord en New Noardic Wave) en Rutger Veenstra (Baarch) derby om te fertellen oer it belang fan film en minderheidstalen en de plannen foar in … [Lees meer...] over21 febrewaris 2025: Fryske en Katalaanske films op Ynternasjonale Memmetaaldei
13 febrewaris 2025: promoasje Raoul Buurke
Op 13 febrewaris sil Raoul Buurke syn proefskrift ferdigenje oan de Ryksuniversiteit Grins. Syn ûndersyk giet oer klankferoaringen yn it Frysk en Nedersaksysk. Sjoch op de webside fan de RUG foar mear ynformaasje oer tiid en plak fan de promoasje: Frisian and Low Saxon in flux | Komende promoties | Promoties | Rijksuniversiteit Groningen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer … [Lees meer...] over13 febrewaris 2025: promoasje Raoul Buurke
12 febrewaris 2025: Yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle
Dyn literêre talint ûntwikkelje en dêrby it Frysk as skriuwtaal brûke? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Yn febrewaris set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 12 febrewaris is der in fergees tagonklike yntroduksjeles. Oanmelde foar … [Lees meer...] over12 febrewaris 2025: Yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle
11 febrewaris 2025: Ynspiraasjesessy Eksamenfak Frysk
Op tiisdei 11 febrewaris 2025 fan 14.30 oant 17.00 oere is der yn Kafee Bergsma, Easterein in Ynspiraasjesessy Eksamenfak Frysk. Op it programma stean ûnder oaren bydragen fan skoallen dy’t it Frysk al as eksamenfak oanbiede of oan it opsetten binne. Fansels is der ek romte foar fragen, ferlet en útwikseling. De offisjele útnûging folget noch, mar set de datum no alfêst yn dyn … [Lees meer...] over11 febrewaris 2025: Ynspiraasjesessy Eksamenfak Frysk
9 febrewaris 2025: publykslêzing Abe de Vries oer Waling Dykstra
Op sneon 8 en snein 9 febrewaris hâldt it Skriuwersbûn in noflik wykein foar leden. Nei in aktive workshop oer toanielskriuwen op sneon, is der op de sneintemoarn in lêzing dy’t ek tagonklik is foar it publyk. Abe de Vries (skriuwer, dichter, oersetter, essayist, journalist en mear) sil leafhawwers fan de Fryske literatuer fertelle oer syn biografy oer Waling Dykstra … [Lees meer...] over9 febrewaris 2025: publykslêzing Abe de Vries oer Waling Dykstra
6 februari 2025: Silent Book Club Fryslân
Lang om let lêze In oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan?Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?Hast in moai boek? Mar leit dy noch altyd net lêzen yn ‘e kast? Híel werkenber… Dêrom organisearret Tresoar de Silent Book Club yn Fryslân! De Silent Book Club is in wrâldwide mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 500 lokaasjes yn 50 … [Lees meer...] over6 februari 2025: Silent Book Club Fryslân
4 febrewaris 2025: Kolleezjerige Wat is Wittenskip?
Wittenskip is oeral. It jout ús hâldfêst, it helpt by it oplossen fan ús problemen en it biedt in manier om de wrâld te begripen. De lêste jierren ha we sjoen dat net elkenien sa maklik nei wittenskip sjocht. Dat ropt de fraach op: wat is dat no krekt? Oan de hân fan foarbylden út it hjoed en ferline sille wy op syk nei de oarsprong fan de wittenskip en nei it plak … [Lees meer...] over4 febrewaris 2025: Kolleezjerige Wat is Wittenskip?
2 febrewaris 2025: Taal fan Wetter
Stilstean by de wettersneedramp fan 1825: Taal fan wetter. Mei poëzy, muzyk en sang troch it Frysk Dichterskollektyf RIXT, Gisela Schadenberg en Pytsje Feenstra. Op 2 febrewaris, om 20:00 oere yn de tsjerke fan Sânfurd. Tagong is fergees, mar it tal plakken is beheind, oanmelde is dêrom ferstannich. … [Lees meer...] over2 febrewaris 2025: Taal fan Wetter
1 febrewaris 2025: Boekpresintaasje Biografy fan J.Q. Smink
Boekpresintaasje fan ‘Skitterje en skûlje. Jimladream, it libben fan in bipolêre dichter.’ Skreaun troch Marian Hulshof en Jacobus Q. Smink. Wolkom yn Tresoar, It Skriuwerskafee de Gouden Leeuw. 13:30 Ynrin, 14:00 Programma, 16:30 Ein. Meld dy oan mei namme, adres en oantal persoanen. … [Lees meer...] over1 febrewaris 2025: Boekpresintaasje Biografy fan J.Q. Smink
31 jannewaris 2025: deadline opjefte Lyts Frysk Diktee
Learlingen út groep (7,) 8 kinne meidwaan oan it Lyts Frysk Diktee. Alle skoallen yn Fryslân wurde dêr foar útnûge. De learlingen kinne proefdiktee meitsje en kwalifisearje harren oan de hân fan in seleksjediktee. De bêste learlingen út groep (7,) 8 fan de Fryske basisskoallen dogge mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. It Lyts Frysk Diktee wurdt yn de steateseal yn … [Lees meer...] over31 jannewaris 2025: deadline opjefte Lyts Frysk Diktee





















