• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Frisistyk

Lêstips foar de simmer fan Jetske Bilker

19 augustus 2024 door Froukje Sijtsma Reageer

Skriuwer en Gysbert Japicxpriis-winner Jetske Bilker sil dizze simmer mei de hiele húshâlding op fytsfakânsje. ‘Fanút Leer nim ik de trein nei Bremerhaven en fyts dêrwei nei myn suske, midden yn Denemarken. En werom oer Hamburch, en sa nei Nederlân. Ik moat hiel ekonomysk mei de romte en it gewicht omspringe, dus in boek is gau tefolle en te swier. Ik hoopje dat tsjin … [Lees meer...] overLêstips foar de simmer fan Jetske Bilker

Dichter Jan Dotinga ferstoarn

18 augustus 2024 door Tresoar Reageer

Op 6 augustus is dichter Jan Dotinga op 90-jierrige leefyiid ferstoarn. Hy waard yn 1934 berne yn Britsum en groeide op yn it Stienzer Aldlân. As bern hie er al niget oan taal, it begûn mei foardrachten en opstel skriuwen. Dotinga wurke syn hiele libben yn it ûnderwiis. Nei ferskate banen kaam er yn 1969 as haad oan de kristlike legere skoalle yn Droegeham te stean, dêr’t er … [Lees meer...] overDichter Jan Dotinga ferstoarn

Lêstips fan Sjoerd Bottema

15 augustus 2024 door Sjoerd Bottema Reageer

Net te fier en net te lang It heuvelet lichtjes. Soms. Hjir en dêr in fakwurkhûs.Geregeld in krúshout, ein Märchenaus alten Zeiten, das kommtmir nicht aus dem Sinn. Is dit in fakânsjetip fan Sjoerd Bottema? Wêrhinne dan? It heuvelet. Súd-Limburch? Lichtjes. Soms. Gelderlân? Oerisel? In fakwurkhûs, Dútslân miskien? Net te fier oer de grins graach. Dat we wer yn ien … [Lees meer...] overLêstips fan Sjoerd Bottema

Skriuwer Willem Abma ferstoarn

14 augustus 2024 door Tresoar Reageer

lêste groet fan syn stjerbêdsei er my dachin groet dy'tas it lêste blêdfan in deade tûkefoar myn fuottendelwarrelesoms is in bytsje alles út: Troch eigen lânskip (2012) Skriuwer Willem Abma is 23 july 2024 thús yn Ljouwert ferstoarn. Hy wie krekt 82 jier wurden. Hy lit in grut en breed oeuvre nei. Yn 1973 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn earste trije … [Lees meer...] overSkriuwer Willem Abma ferstoarn

Perspectives on Old Frisian Philology: in nije bondel oer Aldfrysk

14 augustus 2024 door Anne Popkema en Rolf Bremmer Reageer

Yn juny is in mânske bondel mei artikels oer allerhanne aspekten fan it Aldfrysk ferskynd: Perspectives on Old Frisian Philology. It is in skoandere tsjûgenis fan de niget dy’t taalgelearden en histoarisy fan oer de hiele wrâld yn dizze lytse tûke fan de germanistyk hawwe. Rolf Bremmer, Stephen Laker en Anne Tjerk Popkema ha foar de redaksje tekene. Ein tachtiger jierren fan … [Lees meer...] overPerspectives on Old Frisian Philology: in nije bondel oer Aldfrysk

28 Septimber 2024: 77ste Betinking Slach by Warns

1 augustus 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Takom 28 septimber om 13:45 oere fynt de 77ste Betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif plak!Friezen en freonen: Kom allegearre!Friesen und Freunde: Kommt alle!Friezen en vrienden: Komt allen!It téma is dit jier: Frysk wêze hjoeddedei - wat betsjut dat?Goffe Jensma, heechleraar Fryske taal- en letterkunde, nimt ús mei yn syn tinzen oer hoe lokaal wy noch binne yn de … [Lees meer...] over28 Septimber 2024: 77ste Betinking Slach by Warns

‘Klassyk Boeket’: Latynske gedichten yn it Frysk oerset

1 augustus 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foar it boek ‘Klassyk Boeket’ hat Atze J. Keulen Fryske oersettingen makke fan gedichten út trije perioaden: fragminten fan de Grykske dichteres Sapfo om 600 foar Kristus hinne, Latynske poëzy út de earste iuw foar Kristus en de earste iuw dêrnei en de Carmina Burana út de midsiuwen. Keulen makke foar it skriuwen fan dit boek û.o. tankber gebrûk fan de Buma Biblioteek … [Lees meer...] over‘Klassyk Boeket’: Latynske gedichten yn it Frysk oerset

De Wylde Boerinne Revisited

30 juli 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op 6 juny l.l. organisearre it Mercator Europees Kennissintrum, yn de mande mei Tresoar, yn kafee de Gouden Leeuw in ynspiraasjemiddei. Dat waard dien yn it ramt fan it Lingotellprojekt, in Creative Europe-projekt tusken Noarwegen, Hongarije en Fryslân oer it werfertellen fan tradisjonele ferhalen. Mei it ferhaal fan de Wylde Boerinne fan T.E. Holtrop as reade tried giene sa’n … [Lees meer...] overDe Wylde Boerinne Revisited

Rin voor den droes en lit dy wæge

29 juli 2024 door Bouke Slofstra Reageer

“Jij stinkt en je moeder ook”, typt in lulk jongfaam op har laptop. De adressant is in blier jongfaam (itselde jongfaam), dat as influencer ‘bjoetie’-tips jout. Dit komt út in licht-pedagogysk tv-programma fan de VPRO. It hat wis en wrychtjes humor, mar wol in komplekse humor, sa’t it liket. “Do stjonkst” is net aardich. De muffe mof stonk yn de santjinde iuw al op ‘e … [Lees meer...] overRin voor den droes en lit dy wæge

Winners Rely Jorritsmapriis 2024

27 juli 2024 door Redaksje Frisistyk 1 Reactie

De sjuery fan de literêre Rely Jorritsmapriis hat dit jier trije ferhalen en fiif gedichten bekroand. Sjueryleden Oene Spoelstra, Marrit de Schiffart en Gerbrich van der Meer hawwe harren dêrfoar bûgd oer 51 gedichten en 38 ferhalen. De winnende ferhalen binne Boat fan Jilt Jorritsma (Eindhoven), Wollekje fan Geert Nauta (Ljouwert) en De … [Lees meer...] overWinners Rely Jorritsmapriis 2024

Midsiuwsk en Modern Muontsewurk

20 juli 2024 door Han Nijdam Reageer

In edysje fan it Aldfryske hânskrift Jurisprudentia Frisica De stúdzje fan it Aldfrysk begjint lang om let nasjonaal en ynternasjonaal it omtinken te krijen dat it fertsjinnet. Ferline jier kaam in edysje plus Ingelske oersetting út fan de ynkunabel Freeska Landriucht, printe om sirka 1485 hinne en tagelyk de kolleksje klassyk Aldfrysk rjocht dy’t men de muoite wurdich fûn … [Lees meer...] overMidsiuwsk en Modern Muontsewurk

De alsidige Freark Dam

18 juli 2024 door Pieter de Groot Reageer

It is presys 100 jier lyn dat literêr skriuwer, sjoernalist en FLMD-konservator Freark Dam (1924-2002) berne waard. Pieter de Groot, sjoernalist en kenner fan de Fryske literatuer, skôget it libben en wurk fan Freark Dam en bringt syn betsjutting foar de Fryske literatuer yn kaart. Dêrneist fertelt De Groot oer syn persoanlike moetings en ûnderfinings mei Dam. Lês op de webside … [Lees meer...] overDe alsidige Freark Dam

Hjoed

15 juli 2024 door Redaksje Frisistyk 1 Reactie

It Fryske wurd hjoed liket net safolle op it Nederlânske ‘vandaag’. Mei it Dútske ‘heute’ binne de parallellen oars folle dúdliker. Hjoed is dan ek net net besibbe oan it Nederlânske ‘vandaag’, mar oan ‘heden’. De Proto-West Germaanske foarm hat nei alle gedachten wat as *hiu dagu west, wat letterlik ‘op dizze dei’ betsjutte. It Aldingelsk, nau besibbe oan it Aldfrysk, hie … [Lees meer...] overHjoed

Op syn Iermodern-Frysk

13 juli 2024 door Reitze Jonkman Reageer

By de publikaasje fan ‘Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal’* Een historisch-taalsociologisch onderzoek naar de perceptie van het Fries in en rondom de vroegmoderne periode yn Taal en Tongval, Volume 76, Issue 1, jun. 2024, p. 66 - 101. Koarte ynlieding op it artikel yn Taal en Tongval Yn de foarige kollum ‘Op syn Hylpersk’ fan juny ll. haw ik ynhâldlik al preludearre … [Lees meer...] overOp syn Iermodern-Frysk

Frysktalige skripsjes yn de prizen

12 juli 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Ofrûne wiken foelen twa Frysktalige skripsjes yn de prizen. Thom de Haan wûn de Grutte Fryske Wurkstikpriis, mei syn Frysktalige masterskripsje dy't er skreau foar de Master Multilingualism oan RUG. De Grutte Fryske Wurkstikpriis is yn it libben roppen troch de fakseksje Frysk fan de Vereniging Leraren Levende Talen, om learlingen yn it fuortset ûnderwiis en studinten yn it … [Lees meer...] overFrysktalige skripsjes yn de prizen

Nije lessen Skriuwersfakskoalle yn septimber

7 juli 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dyn literêre talint ûntwikkelje? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 25 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 10 july en woansdei 11 septimber binne der fergees tagonklike yntroduksjelessen.Yn it lesblok … [Lees meer...] overNije lessen Skriuwersfakskoalle yn septimber

Nije generaasje Friezen oan it wurd yn Hart van Nederland

6 juli 2024 door Redaksje Frisistyk 1 Reactie

Hart van Nederland bestege foarige wike oandacht oan it Frysk, mei in moai item oer Frysk ûnderwiis. Ferskate learlingen fan basisskoalle it Holdernêst fertelle wat hja moai fine oan meartalich ûnderwiis en wat hja letter wurde wolle (skriuwer!). Michiel Veenstra, skoallieder fan dizze trijetalige skoalle, beklammet hoe wichtich it learen fan de earste taal is foar de … [Lees meer...] overNije generaasje Friezen oan it wurd yn Hart van Nederland

Rink van der Veldepriiswinner Gerard de Jong syn byld op It Bilt

4 juli 2024 door Froukje Sijtsma Reageer

Skriuwer Gerard de Jong hat sneon de Rink van der Veldepriis útrikt krigen foar syn Biltsktalige debútroman Blau fan dagen, griis fan ônrust. Ynspiraasje foar dy roman die er yn 2017 op as writer in residence yn San Sebastian/Donostia (Baskelân) fanút it Europeeske literatuerprojekt Oare Wurden/Other Words, dêr’t Tresoar ien fan de partners yn … [Lees meer...] overRink van der Veldepriiswinner Gerard de Jong syn byld op It Bilt

Klaes Dykstra en syn betsjutting foar it Frysk

28 juni 2024 door Geart van der Meer Reageer

Presys 100 jier lyn waard Klaes Dykstra, berne as Klaas Dijkstra, berne yn Sigerswâld. In iuw nei syn berte siket kollegaskriuwer en -oersetter Geart van der Meer foar Tresoar út wat krekt Dykstra syn betsjutting foar de Fryske taal en literatuer west hat. Van der Meer sjocht dêr nei mei syn eigen oersetterseach en fertelt syn ferhaal yn syn eigen stavering. Lês op de … [Lees meer...] overKlaes Dykstra en syn betsjutting foar it Frysk

400 Frysktaligen socht foar online eksperimint oer ûnderbewuste foaroardielen

26 juni 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Assosjearret it brein positive dingen mei de Fryske taal, of dochs earder mei de Nederlânske taal? En hoe sit dat dan mei negative dingen? Dr. Hielke Vriesendorp fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utert freget de help fan 400 Frysktaligen, binnen en bûten de provinsje Fryslân, en fan 400 net-Frysktaligen om dit te ûndersykjen. Vriesendorp ûntwikkele in online … [Lees meer...] over400 Frysktaligen socht foar online eksperimint oer ûnderbewuste foaroardielen

Pech

26 juni 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Yn de Fryske wurdboeken sille je om ‘e nocht om it wurd pech sykje. De oersettingen fan pech dy't jûn wurde binne ‘tsjinslach’, ‘tsjinrampen’ en foar in mankemint: ‘maleur’, ‘mankemint’. It Nederlânsk hat pech út it Dútsk liend en yn dy taal betsjut it allinnich ‘tsjinslach' en net ‘mankemint’, want dat is Panne. It Dútske Pech (tsjinslach) komt fan Pech yn de betsjutting … [Lees meer...] overPech

Skriuwersfakskoalle ferbynt him mei lanlike fakoplieding

21 juni 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Skriuwersfakskoalle is yn 2021 úteinset as inisjatyf fan Leeuwarden City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. De oplieding hat yntusken studinten yn meardere learjierren. De Skriuwersfakskoalle giet fan 1 july 2024 ôf fierder ûnder de flagge fan de lanlike Schrijversvakschool. Dy organisaasje biedt al mear as 40 jier in dieltiidoplieding rjochte op it … [Lees meer...] overSkriuwersfakskoalle ferbynt him mei lanlike fakoplieding

Meartaligens yn de praktyk: Suzanne Dekker promovearre op ûndersyk nei meartaligens op Fryske basisskoallen

19 juni 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Suzanne Dekker promovearre tongersdei 13 juny 2024 oan de Ryksuniversiteit Grins op har proefskrift 'Multilingualism in Heads, Hearts, and Hands’: Attitudes towards the development, implementation, and evaluation of multilingual approaches in Frisian primary schools. It promoasjeûndersyk is útfierd binnen it 3M Project (Meer kansen Met Meertaligheid) en giet oer it … [Lees meer...] overMeartaligens yn de praktyk: Suzanne Dekker promovearre op ûndersyk nei meartaligens op Fryske basisskoallen

Dr. Mirjam Günther-van der Meij nije lektor Meertaligheid & Geletterdheid

18 juni 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dr. Mirjam Günther-van der Meij is mei yngong fan 15 juny de nije lektor fan it lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan NHL Stenden Hegeskoalle. Günther-van der Meij folget Joana Da Silveira Duarte op, dy’t lektor wie sûnt 2019 en no heechlearaar Underwiiswittenskippen is oan de Ryksuniversiteit Grins. Günther-van der Meij, sûnt 2017 wurksum foar NHL Stenden, wurke de … [Lees meer...] overDr. Mirjam Günther-van der Meij nije lektor Meertaligheid & Geletterdheid

Op syn Hylpersk

17 juni 2024 door Reitze Jonkman 3 Reacties

Nei oanlieding fan it ferskinen fan: Dyami Millarson, Beknopt woordenboek Nederlands-Hindeloopers. Hindeloopen 2024. Op 22 septimber ferline jier wie ik op de Streektalekonferinsje fan de Taalunie yn Frjentsjer. Elk moast oan it begjin - nêst de namme - it dialekt dat hy fertjintwurdige op in kaartsje skriuwe. Ik wie dêr net foar it Frysk, dat ik keas foar it Leewarders en … [Lees meer...] overOp syn Hylpersk

« Vorige
Volgende »

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Dean Bowen • een leugen doorspookt …

een leugen doorspookt de welving waarin je jezelf thuis waant, dus verlaat je het huis in een poging terug te vinden wat je in kinderlijke onschuld moest achterlaten.

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Chris van Geel

VOORUITGANG

Precisie is de grondslag van de moderne industrialisatie.
– Zo is de poëzie nog ergens goed voor.

Bron: Barbarber, januari 1968

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

27 maart 2026: Culturele verbeeldingen van het Waddengebied

27 maart 2026: Culturele verbeeldingen van het Waddengebied

23 februari 2026

➔ Lees meer
13 maart 2026: Westerse boeken met een Japans tintje

13 maart 2026: Westerse boeken met een Japans tintje

23 februari 2026

➔ Lees meer
28 februari 2026: Lezing Die Wrede Een met die Rode Baard en sy viervoetige jambes

28 februari 2026: Lezing Die Wrede Een met die Rode Baard en sy viervoetige jambes

22 februari 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

sterfdag
1966 Arie Bouman
➔ Neerlandicikalender

Media

Waarom voelt prima zo passief aggressief?

Waarom voelt prima zo passief aggressief?

23 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek 1 Reactie

➔ Lees meer
De Twintigers: Juicy

De Twintigers: Juicy

22 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Safae el Khannoussi Translation Project

Safae el Khannoussi Translation Project

21 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact