• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Lêstips fan Sjoerd Bottema

15 augustus 2024 door Sjoerd Bottema Reageer

Net te fier en net te lang

It heuvelet lichtjes. Soms.

Hjir en dêr in fakwurkhûs.
Geregeld in krúshout, ein Märchen
aus alten Zeiten, das kommt
mir nicht aus dem Sinn.

Is dit in fakânsjetip fan Sjoerd Bottema? Wêrhinne dan? It heuvelet. Súd-Limburch? Lichtjes. Soms. Gelderlân? Oerisel? In fakwurkhûs, Dútslân miskien? Net te fier oer de grins graach. Dat we wer yn ien dei thúskinne. En net te lang.

As sânjierrich jonkje gong ik yn ‘e simmerfakânsje fiif dagen útfanhûs nei omke Tsjerk en muoike Anne. Op it fytske. Allinnich. Dat koe doe noch, yn ‘e jierren ’50. Kofferke op ‘e pakjedrager. Omke en muoike wennen op in pleats by Warten oan in breed farwetter. Om dêr te kommen moasten je mei in skou it wetter oerstekke. In hiel aventoer.

Harren soan Yde wie fan myn leeftyd. Wy boarten wakker mei de roeiboaten, dêr’t se der in stik as trije fan hiene en ik fergappe my alle dagen oan de salonboaten dy’t foarbykamen en de feestlike optocht fan de Stad Dokkum, de Princenhof en de Watersport, altyd yn dy folchoarder. Prachtich wie it dêr. Mar dochs fûn ik it net slim om nei fiif dagen wer nei hûs. De ûnwennigens siet der al in bytsje oan te kommen. En dat is eins altyd sa bleaun. Net te fier en net te lang. Myn frou wol, hear. Dy hat al ris fiif wiken mei in freondinne nei Nij-Seelân west.

It sitaat fan Heinrich Heine – de 19e iuwske romantyske dichter fan de wrâlferneamde rigel ‘Ich weisz nicht was soll es bedeuten dass ich so traurig bin’ – suggerearret dat we yn Dútslân binne. De lêste kear dat wy dêr op fakânsje wiene, is al wer in setsje lyn. Oanlieding wie it prachtige boek De Wintertuin fan Jan Konst. It boek beskriuwt de skiednis fan Konst syn Dútske skoanfamylje, fan 1875 oant 2000, en jout in ynkringend byld fan Dútslân yn de 19e en 20e iuw. 

It spilet him ôf yn it eastlike part, yn wat nei de Twadde Wrâldoarloch de DDR wie. De famylje hat Meissen as domisylje, in midsiuwsk stedsje oan de Elbe, bekend om syn porsleinfabryk, 25 km noardwestlik fan Dresden. Yn it stedsmuseum troffen wy de buorfrou fan ien fan ‘e lêste generaasjes út De Wintertuin. It fielde as waard der foar ús noch in spesjaal haadstik oan it boek taheakke. Mar ek sûnder dy bonus: in absolute oanrieder.

Yn it Mariakapeltsje by Beuningen
bringt Herman Finkers in Wees Gegroetje.
“Goeiendag Maria, God zien Moo.
De Heer mag Oe lien.”

Ah, no binne we teplak. Dat falt ta. Twinte. Wy ha dêr jierrenlang in twadde húske hân. It kapeltsje by Beuningen, dêr binne wy hûndert kear op ‘e fyts lânskommen. Mar dy iene kear, mei Herman Finkers, dat wie wol bysûnder. It like wol as boarte de duvel dermei. Ik sil jim daliks útlizze hoe’t ik dêrby kom.

Yn myn ferhalen yn De grize oer de grouwe – duvelske streken (2020) ferskynt dy kweageast konsekwint ûnder de namme Keimpe. Keimpe Jakkeles fan de firma Pik en Zonen. Dat ha ik net fan mysels mar fan Joast Hiddes Halbertsma. Keimpe Jakkeles spilet in haadrol yn syn ferhaal It Heksershol (1852). Ek in oanrieder trouwens.

Us reiske nei Meissen brocht ús ek op it spoar fan de duvel. Fan Meissen reizgen wy nei Weimar, de stêd fan Schiller en Goethe. Yn it wenhûs fan Goethe, no in museum, die ik de ynspiraasje op foar Dokter Falk, ien fan de ferhalen út de bondel De grize oer de grouwe. Falk is fansels mar in kabouterke ferlike mei Goethe syn doktor Faust en Keimpe Jakkeles is in duvelske dogeneat mar gjin Mephisto. Mar dochs aardich om te lêzen, hoopje ik. In nicht fan Keimpe konfrontearret Falk mei syn treurige sitewaasje: âlderdom en ferfal. Dêr wit Keimpe wol rie op. En dan begjinne fansels de problemen.

It wie mar in lyts duveltsje dat ús by Beuningen te pakken hie. Ik wol net iens leauwe dat Herman Finkers der wat fan fernommen hat.

Ich wusste nicht was sollte es
bedeuten dat myn frou ynienen
op ‘e rem trape, ik fytste deun
achter har en knalde der boppe-op.
“Witst wol wa’t der yn dat kapeltsje stiet?”
hime se wylst se besocht
har ûnder de fytsen wei te wrotten.

Leipzig (Bach), Meissen (De Wintertuin) en Weimar (Goethe): it wie myn lêste bûtenlânske reis. Tige oanrekommandearre. Moaie stêden. En by de Elbe lâns is it hiel oangenaam fytsen. Of dochs mar nei Twinte? Dêr leit it Willem Wilmink kuierpaad. (Nóch in oanrieder: Heftan tattat! 24 gedichten in t stadsplat. “Heftan tattat! Heftan Tattat! / Hee har völs te völ patat had / en doo hef e t dus an t hart had.”)

Lekker thúsbliuwe kin fansels ek.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel Tags: leestips, lêstips

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Sneontejûn • Pieter Jelles Troelstra

Klokken hear ik klinken
Yn de stille jûn;
’t Sintsje sjoch ik sinken,
Wolkjes sjoch ik blinken,
’t Hiele swurk yn ’t rûn.

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken

1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken

7 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

28 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 augustus 2025: deadline de Gjalp

1 augustus 2025: deadline de Gjalp

27 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 july 2025: Boekpresintaasje ‘Middelnederlandse oorkonden uit Friesland (tot 1501)’

10 july 2025: Boekpresintaasje ‘Middelnederlandse oorkonden uit Friesland (tot 1501)’

21 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7-11 july 2025: Old Frisian Summer School

7-11 july 2025: Old Frisian Summer School

20 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d