• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Dichter Jan Dotinga ferstoarn

18 augustus 2024 door Tresoar Reageer

Jan Dotinga

Op 6 augustus is dichter Jan Dotinga op 90-jierrige leefyiid ferstoarn. Hy waard yn 1934 berne yn Britsum en groeide op yn it Stienzer Aldlân. As bern hie er al niget oan taal, it begûn mei foardrachten en opstel skriuwen.

Dotinga wurke syn hiele libben yn it ûnderwiis. Nei ferskate banen kaam er yn 1969 as haad oan de kristlike legere skoalle yn Droegeham te stean, dêr’t er oant syn pensjoen bleaun is.

Yn 1965 debutearre er mei de bondel Lytse Ivichheit. Dêr hie er as earste Fryske auteur in rykstalage foar krigen, bedoeld as stipe en oantrún foar jonge keunstners. De fersen binne in poëtysk ferslach fan syn jeugd yn it Stienzer Aldlân. De dichter brocht yn de jierren dêrnei mei grutte regelmaat nije bondels út. Syn bondel Flaggen en tûkelteammen (1978) wurdt sjoen as in hichtepunt yn syn poëtysk wurk. Yn de bondel is in skift fan 26 gedichten opnaam dy’t Dotinga makke nei oanlieding fan ferskillende byldhouwurken dy’t er seach op in bûtententoanstelling yn Arnhem. Yn 2003 ferskynde syn lêste bondel, Ik wol dy wizer ha.

Jan Dotinga gie as dichter altyd syn eigen wei en liet him net beynfloedzje troch nije poëtikale opfettingen. Syn dichterskip krige geandewei hieltyd mear liturgyske eigenskippen, hy brocht syn leauwe as dichter ûnder wurden. Ek skreau er teksten foar de Snitser kantorij.

Oer syn wurk sei er yn 1994: ‘Jinsels mei wurden ferklearje, bemoedigje, treaste, ûndersykje, fêstlizze. Wurden sykje en fine, sinnen formulearje dy’t by jin passe. Taal meitsje dy’t mear docht as wat der stiet.’

Dotinga skreau ek teksten foar it sjongstik Bonifatius yn Fryslân en foar it muzykspektakel Gysbert sjongt. Neist in publikaasje oer de skiednis fan Droegeham, makke er ek oersettingen. Berneboeken fan Greet Sickman fertaalde er yn it Nederlânsk en fan de Amerikaanske dûmny James Weldon Johnson sette er preken oer yn it Frysk.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: In Memoriam, Jan Dotinga, poëzie

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

21 maaie 2026: Lunchlêzing – In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

21 maaie 2026: Lunchlêzing – In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

27 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

24 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 maaie 2026: Deadline Gjalp

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

16 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

14 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d