Als neue Abteilung baut das Nordfriisk Institut derzeit eine Einrichtung zur friesischen Spracharbeit auf. Für diese neue Abteilung suchen wir ab sofort: … [Lees meer...] overFakatueres by it Nordfriisk Instituut
Frisistyk
Gysbert Japicxpriis útrikt oan Jetske Bilker
Jetske Bilker krige 14 oktober de Gysbert Japicxpriis útrikt foar har roman Spegel en sonde. It wie in feestlike en fleurige middei yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Neist it ferslach fan de advyskommisje wienen der taspraken fan deputearre Eke Folkerts en Jetske Bilker. Lês fierder op de webside fan Tresoar. … [Lees meer...] overGysbert Japicxpriis útrikt oan Jetske Bilker
Blijven en bliuwe
Is in it skriuwen fan in Nederlânsk-Frysk wurdboek makliker as in Nederlânsk-Ingelsk wurdboek? Ja en nee. Ja, want blijven is yn it Ingelsk to stay, to remain, to keep en yn it Frysk gewoan bliuwe. Mar net altyd makliker, want net altyd kinne je blijven yn it Frysk oersette mei bliuwe. Wy sizze it yn it Frysk gauris oars as yn it Nederlânsk. Sjoch mar nei de folgjende … [Lees meer...] overBlijven en bliuwe
26 oktober 2023: Skriuwerskafee
Op 26 oktober, 30 novimber en 21 desimber yn 2023 en yn 2024 alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. It Skriuwerskafee wurdt … [Lees meer...] over26 oktober 2023: Skriuwerskafee
16 novimber 2023: Feestlike bekendmakking nije Dichter fan Fryslân
De feestlike bekendmakking fan de nije Dichter fan Fryslân is om 15:30 oere yn de Stadskas fan Explore the North, midden yn it sintrum fan Ljouwert op it Hofplein, sa meldt de Afûk. … [Lees meer...] over16 novimber 2023: Feestlike bekendmakking nije Dichter fan Fryslân
1 novimber: start kursus berneproaza skriuwe
Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek? Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten? Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding? Hoe witst oft it geskikt is foar bern? Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht? Wat wurket foar dy en wat perfoarst net? Sit hjir in fraach (of mear) fan dy by? Dan fersoarget … [Lees meer...] over1 novimber: start kursus berneproaza skriuwe
Novimber: 80ste edysje FeRstival
Yn novimber is FeRstival der wer. Dizze Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen is dit jier foar de 80ste kear! Dit jier is ek in FeRstival-projekt yn Searje 36 en in gastles fan in Fryske dichter oer foardragen. By FeRstival drage learlingen sa moai mooglik in Frysk gedicht foar. Alle jierren dogge der sa’n 90 learlingen út it fuortset ûnderwiis mei. … [Lees meer...] overNovimber: 80ste edysje FeRstival
9-12 Novimber: Literatuerfestival ‘Meet me at the Lighthouse’
Yn it projekt LIT UP wurkje Boeken fan Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen. Dit jier komme de partners byinoar op Skiermûntseach, op it literatuerfestival Meet Me At the Lighthouse. Lês fierder op de webside fan de Afûk. … [Lees meer...] over9-12 Novimber: Literatuerfestival ‘Meet me at the Lighthouse’
3-12 novimber: Fryske Boekewike
Op freedtejûn 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike fan 4 o/m 12 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek fan Anita Terpstra, útjûn by de Afûk, presintearre wurde dat ferfolgens de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen is by besteging fan op syn minst €15,00 oan Fryske Boeken. It Fryske Boekefeest mei de presintaasje … [Lees meer...] over3-12 novimber: Fryske Boekewike
“Minne bak”
Okkerdeis frege in kollega op ’e Akademy wat ik bedoelde mei “minne bak”. Ik skeat fuortendaalks yn ’e ferdigening. “Kinst dat net? Dat is dochs hiel gewoan Frysk!” Ik blufte eins, want as sy as beropsfries de útdrukking net kin, is it miskien dochs net sok “gewoan Frysk”. “Minne bak” is suver myn standert-reaksje as der wat negatyfs bart. In soarte fan negative ferzje fan … [Lees meer...] over“Minne bak”
Nij skriuwtalint krijt les fan Gysbert Japicxpriiswinner
Jetske Bilker is wiis mei de Gysbert Japicxpriis 2023 dy’t se 14 oktober krige foar har roman Spegel en sonde. As fakdosint draacht se graach har leafde foar literatuer oer op studinten fan de Skriuwersfakskoalle (in gearwurking tusken Schrijversvakschool Groningen, Leeuwarden City of Literature en Tresoar). Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overNij skriuwtalint krijt les fan Gysbert Japicxpriiswinner
Sprechen Sie Seeltersk oder Español?
Journalisten haben ein merkwürdiges Stilmittel erfunden, das sie eigentlich nur für kleine Sprachen verwenden. Außerhalb von journalistischen Kreisen trifft man es nur selten an. Warum sie es verwenden, ist mir bislang nicht völlig klar.Könnten Sie sich vorstellen, dass eine Zeitung folgenden Satz enthalten würde? “In Deutschland sind die meist gesprochenen Fremdsprachen das … [Lees meer...] overSprechen Sie Seeltersk oder Español?
28 oktober: Genoatskipslêzing troch histoarikus Philipp Blom
Op sneon 28 oktober 2023 sil de earste Genoatskipslêzing fan it Keninklik Frysk Genoatskip (oprjochte yn 1827) heve, mei Philipp Blom as sprekker. Lês mear op de webside fan Tresoar. … [Lees meer...] over28 oktober: Genoatskipslêzing troch histoarikus Philipp Blom
Promoasje: Aldfrysk en geleard rjocht yn 15de iuwsk Fryslân
Histoarikus Marvin Wiegand ferdigenet syn proefskrift The Reception of Learned Law in Fourteenth- and Fifteenth-Century Frisia op tiisdeitemiddei 17 oktober 2023 oan de Vrije Universiteit Amsterdam. De begelieding fan it promoasjetrajekt wie yn hannen fan promotor prof. mr. Jan Hallebeek (Vrije Universiteit) en de ko-promotors dr. Han Nijdam (Fryske Akademy) en prof. dr. mr. … [Lees meer...] overPromoasje: Aldfrysk en geleard rjocht yn 15de iuwsk Fryslân
5 novimber: Bûter yn ’e brij-festival ‘Jonge Pioniers’
It Feitsma Fûns organisearret op snein 5 novimber 2023 it tradisjonele Bûter yn ’e brij-festival yn ien fan de moaiste histoaryske lokaasjes fan Ljouwert en nûget dy fan herte foar dat barren út. Dizze kear steane jonge minsken dy’t mei it Frysk dwaande binne sintraal. It tema is ‘Jonge Pioniers’. De tagong is fergees, mar it is al needsaaklik datst dy foar 1 novimber 2023 … [Lees meer...] over5 novimber: Bûter yn ’e brij-festival ‘Jonge Pioniers’
Skriuwersfakskoalle: It sykjen nei in eigen stim
Tryntsje van der Steege fertelt oer de oplieding dy’t se folget by de Skriuwersfakskoalle, har leafde foar lêze en literatuer. Kinst it leare om te skriuwen? ‘Ik tink datst it wol in bytsje yn dy hawwe moatst en dan kinst it better leare.’ Lês mear op de webside fan Tresoar: https://www.tresoar.nl/nieuws/de-zoektocht-naar-een-eigen-stem … [Lees meer...] overSkriuwersfakskoalle: It sykjen nei in eigen stim
Fûgelnammen
Der is grutte kâns datsto tsjin it grien-giel-swarte fûgeltsje dat sa fleurich heech yn 'e beam sit te fluitsjen en yn it fûgelhokje yn dyn tún briedt koolmees seist. Wy brûke gauris de Nederlânske namme om fûgels, ynsekten en blommen mei oan te tsjutten. Tink bygelyks oan nylhoars/nijlpaard, gersrûp/emelt of bûnte kjifkrobbe/bonte knaagkever, hoewol't Omrop Fryslân de Fryske … [Lees meer...] overFûgelnammen
Ynput frege: Frysk-Ingelske fertaalapp
It Frysk krijt ek ynternasjonaal omtinken en dat liket ta te nimmen. Om dy reden hat de Fryske Akademy wurke oan it digitaal beskikber meitsjen fan it Frysk Ingelsk wurdboek dat op frisian.eu te finen is. Dit digitale wurdboek is folslein standerdisearre, mar net hiel brûkersfreonlik. Om dy reden wurket de Fryske Akademy op it stuit oan in fertaalapp. De ûntwikkelders hearre … [Lees meer...] overYnput frege: Frysk-Ingelske fertaalapp
Alzheimer yn de Fryske literatuer
Foto: boekcover Spegel en sonde Yn de roman Spegel en sonde dêr’t Jetske Bilker dit jier de Gysbert Japicxpriis foar krijt, is demintsy in tema. Soks helpt om it besprekber te meitsjen, om’t it net allinnich de persoan treft dy’t de sykte krijt, mar ek de neisten. Lês op de webside fan Tresoar oer mear boeken oer dit tema: … [Lees meer...] overAlzheimer yn de Fryske literatuer
19 oktober 2023: Oer de relaasje tusken poëzij en filosofy yn it wurk fan Obe Postma
Deze lezing wordt gehouden in het Fries “Wat de dichter witte moat is de titel van een van Postma‘s mooiste gedichten,” zegt dichter, schrijver en filosoof Jabik Veenbaas. Op donderdag 19 oktober houdt hij een lunchlezing over de verhouding tussen het dichtwerk en de filosofie van Obe Postma. Postma is vooral bekend als dichter, maar hield zich ook intensief … [Lees meer...] over19 oktober 2023: Oer de relaasje tusken poëzij en filosofy yn it wurk fan Obe Postma
18 oktober: Boekpresintaasje ‘Ienenfjirtich dingen’ fan Carsten René Nielsen
Op 18 oktober wurdt de Fryske oersetting fan Carsten René Nielsen syn nijste proazagedichtebondel Ienenfjirtich dingen (Utjouwerij Hispel) presintearre yn kafee De Gouden Leeuw yn Ljouwert. Lês mear op de webside fan Tresoar: tresoar.nl/bezoeken/agenda/boekpresintaasje-Carsten … [Lees meer...] over18 oktober: Boekpresintaasje ‘Ienenfjirtich dingen’ fan Carsten René Nielsen
Lida Dijkstra wint Thea Beckmanpriis foar bêste histoaryske jeugdboek
Foto: Lida Dijkstra De Nederlânsktalige jeugdroman Schaduw van Toet is it bêste histoaryske jeugdboek fan it jier. Lida Dijkstra krige de Archeon Thea Beckmanpriis foar har ferhaal oer farao Toetanchamon en de wrâld fan it âlde Egypte. In Fryske oersetting soe se prachtich fine. Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overLida Dijkstra wint Thea Beckmanpriis foar bêste histoaryske jeugdboek
Dossier BFTK 2024-2028: Fryslân nei De Haach
Oankommende tongersdei organisearret de Kommisje Ynlânske Saken fan de Twadde Keamer in saneamd rûnetafelpetear oer it Frysk. Underskate spilers út it fjild wei binne útnûge om nei De Haach te kommen om de keamerleden by te praten oer de stân fan saken, knipepunten en ambysjes oangeande it Frysk. Dat wie in oanrekommendaasje fan de Ried fan Europa út syn lêste … [Lees meer...] overDossier BFTK 2024-2028: Fryslân nei De Haach
Sytze de Haas winner fan Lytse Gysbert Japicxpriis 2023
Foto Sytze de Haas (Siemon Bleeker) Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch learlingen út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget er ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde. Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overSytze de Haas winner fan Lytse Gysbert Japicxpriis 2023
Op syn Gryksk
In nije analyze fan de ynfloed fan de Schola Hemsterhusiana op de taalresepsje fan Everwinus Wassenbergh-en-dy. Lêzing, holden op de Dei fan de Fryske Taalkunde 6 oktober 2023 Fryske Akademy yn Ljouwert De Schola Hemsterhusiana, neamd nei heechlearaar Gryksk Tiberius Hemsterhuis (1685-1766) û.o. yn Frjentsjer, hat in grutte ynfloed hân op de taalhistoaryske analyze fan … [Lees meer...] overOp syn Gryksk





















