De Old Frisian Summer School is in twajierliks evenemint dat mei-inoar organisearre wurdt troch de Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit fan Oxford. De 4e edysje hat fan 7-11 july 2025 plak yn Grins, mei in sosjaal programma op 12 july. Yn in fiifdaags programma leare de studinten oer de Aldfryske taal, teksten, kultuer en skiednis yn it ramt fan Aldgermaanske talen. … [Lees meer...] over7-11 july 2025: Old Frisian Summer School
Frisistyk
Publyksstimming Liet 2025 set út ein
Tsien acts noch yn 'e race foar finale It Fryske publyk kin fan 16 juny ôf online in stim útbringe op ien fan de tsien acts, dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2025. It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op tongersdei 11 septimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De act mei de measte stimmen fan it Fryske publyk kwalifisearret him streekrjocht … [Lees meer...] overPublyksstimming Liet 2025 set út ein
Fakatuere Fryske Akademy: Ynformaasjespesjalist
De Fryske Akademy siket in ynformaasjespesjalist foar 22,8 oere wyks (0,6 fte). Wolsto as ynformaasjesaakkundige it ferskil meitsje yn de wrâld fan wittenskip en taal yn Fryslân? Fakatuere As fersterking fan it team siket de Fryske Akademy in Ynformaasjespesjalist, dy't ferantwurdlik is foar it behear fan wittenskiplike ynformaasjesystemen, argyf én it foarmjaan fan … [Lees meer...] overFakatuere Fryske Akademy: Ynformaasjespesjalist
Wynsels • Tryntsje van der Veer
de loft berint aanst dwêst it ljochtik ha myn noeden by Jo brochtik doar se út te sprekken de jûn is rûzich en jout reinik ha myn skyld en swurd delleinik sykje om in tekken de tiid fan warberens is oerit wurdt al stil yn de natoerit ljocht is oan it brekkenas ier om ús de kjeld ferdwyntta teken dêr in stjerre skyntta wynsel is it lekken de loft berint aanst komt de … [Lees meer...] overWynsels • Tryntsje van der Veer
6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk
Lekker lêze by de Silent Book Club Fryslân fan Tresoar mei de Zindagmiddag in Bouwurk! Yn Bouwurk fan Arcadia kinst op twa sneinen lekker in oerke lêze. Op Leezie Zondag bist fan herte wolkom op 6 july en 3 augustus beide kearen tusken 16.00 en 17.00 oere. Moetsje en lêze Sjenre of taal? It makket neat út. Do meist alles lêze! Prate oer in boek (of oare dingen) mei, … [Lees meer...] over6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk
Iip de swart op Helgolân
Yn it wykein fan 23 oant 25 maaie wie der wer in ‘ynterfryske’ Friezemoeting yn Helgolân. Dat saneamde Friesendroapen fynt sûnt 1962 alle trije jierren op dat eilân plak. Foar my wie it de earste kear en ik ha der perfoarst gjin spyt fan hân, om it sa te sizzen. In ferslach fan de moeting en it programma kinne jo fine op ‘e webstek fan de Fryske Rie. Mar dêr is it yn dit … [Lees meer...] overIip de swart op Helgolân
27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’
Op freed 27 juny 2025 organisearret Tresoar in literêr sympoasium mei as tema Lêze is willewurk. Fan 14.30 oant 16.15 oere is der in ôfwikseljend programma mei sprekkers én muzyk. De sprekkers op it sympoasium binne Alderik Blom, Joke Corporaal, Alex Riemersma en Joop Koopmans. Muzyk is der fan Janneke Warringa, Peter van der Zwaag en Andrea Meijer. Yn it programma is ek … [Lees meer...] over27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’
Oprop Tresoar Fellow 2026
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. … [Lees meer...] overOprop Tresoar Fellow 2026
Meartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk
Op tongersdei 5 juny waard op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert troch mbû-studinten in bysûnder meartalich glês yn lead keunstwurk oanbean oan Bouwurk fan Arcadia. It keunstwurk toant in betsjuttingsfolle relaasje fan de studinten mei de wrâld en in sterke identifikaasje mei de regio. Wat betsjut taal en kultuer foar dy? Dy fraach stie sintraal yn it keunstprojekt fan … [Lees meer...] overMeartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk
26 juny 2025: Fryske Poëzyslam
Wa is de bêste Fryske Poëzyslammer? Kom 26 juny nei de Fryske Poëzyslam! Op tongersdei 26 juny is by Tresoar de tredde edysje fan de Fryske Poëzyslam: tsien talintearre dichters nimme it tsjin elkoar op. It wurdt in jûn fol ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten. Fans, famylje en freonen en alle poëzyleafhawwers binne fan herte wolkom! By de poëzyslam … [Lees meer...] over26 juny 2025: Fryske Poëzyslam
Op syn Feensters (1b)
It diel 1b fan Op syn Feensters1, skreaun troch Reitze Jonkman (fan Nijskoat) nei oanlieding fan Willem Winters, Ut Feensters; hoe staat het ervoor. Leeuwarden 2006. Hjir folget de twadde ôflevering fan myn koarte histoaryske skets oer it Hearrenfeanster dialekt: it Feensters. De earste ôflevering fan 6 maaie ll. gie oer de iermoderne tiid (1a). Dêryn kaam nei foaren dat de … [Lees meer...] overOp syn Feensters (1b)
20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis
Wa wint dit jier de felbegearde Gouden Fear? Alle bern út de groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025. Foar skoallen dy’t meidwaan wolle oan dizze dichtwedstriid, is der in online lesbrief mei wurkblêden, te gekke filmkes én in dosintehantlieding beskikber.It ynstjoeren fan gedichten kin o / m 20 juny … [Lees meer...] over20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis
19-21 juny 2025: Purity in Minoritised Languages
Purity in Minoritised Languages A key issue in the study of language policy and planning is to describe – theoretically and practically – the language to be promoted or protected. This often presupposes an essentialist perspective of language: languages are seen to exist as uniform or mono-dimensional entities. It is considered possible to determine what counts and does not … [Lees meer...] over19-21 juny 2025: Purity in Minoritised Languages
12 juny 2025: Skriuwerskafee
Op dizze lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw by Tresoar. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau! It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, … [Lees meer...] over12 juny 2025: Skriuwerskafee
10 juni 2025: Frits van Oostrom – Oudfries en omstreken
Late roepingen zijn dikwijls het sterkst, en voor Frits van Oostrom hebben het Oudfries en Fryslân veel van een (te) late roeping. Geboren en getogen in de Randstad, student Nederlands in een tijd dat het Fries in die opleiding achter de horizon bleef en ook nog eens gespecialiseerd in Hollandse middeleeuwse literatuur, waarin de vete met Friesland schandelijk eenzijdig werd … [Lees meer...] over10 juni 2025: Frits van Oostrom – Oudfries en omstreken
5 juny 2025: Silent Book Club Fryslân
Lang om let lêzeIn oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan?Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?Hast in moai boek? Mar leit dy noch altyd net lêzen yn 'e kast? Híel werkenber... Dêrom organisearje wy de earste Silent Book Club yn Fryslân! De Silent Book Club is in wrâldwide mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 500 lokaasjes yn 50 … [Lees meer...] over5 juny 2025: Silent Book Club Fryslân
Nije edysje magazine ‘Taal yn ’e soarch’
Wannear’t professionals yn de soarch de eigen taal bewust brûke, dan leveret dat harren foardiel op yn it kontakt mei pasjinten/kliïnten. It nije nûmer fan it magazine 'Taal yn ’e soarch' is spesjaal makke foar én mei professionals dy’t wurkje mei jongerein en jongfolwoeksenen. Ferskillende professionals út de (jongerein)soarch fertelle yn it magazine oer harren wurk en de rol … [Lees meer...] overNije edysje magazine ‘Taal yn ’e soarch’
‘Doen’ als voorwaardelijk hulpwerkwoord in het Saterfries
Het werkwoord 'doen' wordt in allerlei Germaanse talen en dialecten als hulpwerkwoord gebruikt, soms met een duidelijke functie, soms ook niet. Zegt een Engelsman "I didn't see her", dan is 'do' een noodzakelijk deel van de ontkenningsconstructie, maar zegt een Brabander "Doe even opruimen", dan is het al veel minder duidelijk welke functie 'doen' heeft.In het Fries in … [Lees meer...] over‘Doen’ als voorwaardelijk hulpwerkwoord in het Saterfries
De Hûnekop krijt Fear yn ‘e broek: ‘Makket Frysk en Fryslân populêr by grut publyk’
Rockband De Hûnekop krijt De Fear yn ‘e Broek foar syn ynset foar de Fryske taal. Dat hat De Fryske Beweging bekend makke, dy’t de priis elk jier útrikt. Neffens de taalorganisaasje is De Hûnekop net mear fuort te tinken út it libben fan in soad Fryske jongerein. De priis wurdt elk jier útrikt oan organisaasjes of persoanen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje of makke hawwe … [Lees meer...] overDe Hûnekop krijt Fear yn ‘e broek: ‘Makket Frysk en Fryslân populêr by grut publyk’
Earste fan 100 Lyts gelok-teksten sichtber
Op sneon 17 maaie is de earste tekst ferskynd fan it 100 dagen duorjende projekt ‘Klein geluk | Lyts gelok’ fan Ljouwert UNESCO City of Literature. It giet om de tekst ‘Tu es là?’, ôfkomstich út it koarte ferhaal ‘L’infini’ (It ûneinige) fan de Frânsk-Koreaanske skriuwster Elisa Shua Dusapin. Keunstner Machiel Braaksma ûntwurp de letters en pleatste dy op it Observeum yn … [Lees meer...] overEarste fan 100 Lyts gelok-teksten sichtber
25 maaie 2025: Dichter op de Deel
Er treden negen dichters op tijdens de achtste editie van Dichter op de Deel: Tsead Bruinja, Soleh Rezazadeh, Sytse Jansma, Dien L. de Boer, Kasper Peters, Aly Freijel Alexander Moto, Gabriëlle Terpstra en Anne Broeksma. Het programma wordt afgewisseld met muziek, er is beeldende kunst te zien en de bundels van de auteurs en andere boeken zijn te koop. Eén van de dichters zal … [Lees meer...] over25 maaie 2025: Dichter op de Deel
1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen
Op zondagmiddag 1 juni 2025 presenteert uitgeverij Elikser de Nederlandse editie van de biografie over de dichter Jacobus Q. Smink (1954-2024). … [Lees meer...] over1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen
23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân
Fan 23 oant 25 maaie 2025 komme Friezen fan Fryslân, Ostfriesland en Noard-Fryslân byinoar op Hilgelân (Helgoland) foar in feestlik en kultureel evenemint: it Friesendroapen. Sûnt 1962 hat om de trije jier dat ynterfryske treffen op Hilgelân plak, foar Friezen út Nederlân en Dútslân (Eastfriezen en Noardfriezen). De organisaasje wikselet om ‘e trije jier fan seksje en yn … [Lees meer...] over23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân
22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op twa jûnen (24 april en 22 maaie) komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers. Op 24 … [Lees meer...] over22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
Afûk komt mei Fryske Taallear-app
Minsken kinne har no alfêst oanmelde foar de ‘waitlist’ om mei te tinken oer de app De Afûk is op it stuit drok dwaande mei de ûntwikkeling fan in nije Fryske Taallear-app, yn gearwurking mei Humain’r – ûntwikkeler fan tûke A.I.-oplossingen foar de Fryske taal. It wurdt de earste app dy’t gebrûk makket fan avansearre AI-technology foar útspraakwerkenning spesjaal foar it … [Lees meer...] overAfûk komt mei Fryske Taallear-app























