• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Santich jier letter: Pyt Kramer op ‘e fyts (I)

3 juli 2025 door Bouke Slofstra Reageer

Diel I oer it wurk fan Pyt Kramer (89 jier), pionier fan de Sealter stúdzjes.

Pyt Kramer en Bouke Slofstra. Eigen foto

Dizze simmer is it santich jier lyn dat Pyt Kramer syn earste fytstocht nei it Sealterlân makke. Dat útstapke yn 1955 hat fan grutte gefolgen west. Foar himsels yn it foarste plak, omdat er hieltyd wer dy kant op gien is en in mannichte frije tiid oan it Sealterfrysk wijd hat. Mar net minder foar alle oare sprekkers en leafhawwers fan dat Sealtersk. Pyt Kramer hat sûnt dy tiid in machtich korpus fan petearen opboud, dy’t er sels op lûdban opnommen en úttypt hat. Dy ha de basis foarme foar in grut tal publikaasjes yn ‘e jierren tusken 1960 en 2000, sawol wurdboeken en taalstúdzjes as lêsboeken, rym en ûnrym. In bibliografy stiet ûnderoan yn dit artikel ôfprinte. In part fan Pyt Kramer syn wurken is ek digitaal te finen op seeltersk.de.

Dit stik rjochtet him op ’e pioniersjierren fan Pyt Kramer. De auteur fan dit stik wie yn juny 2025 by Pyt yn Mildaam op besite. Oare boarnen binne yn de tekst oanjûn (sjoch de list fan ôfkoartingen ûnder dit artikel).

Oanrin

Pyt Kramer waard op 6 maart 1936 berne. Syn âlden hiene in spultsje tusken Stiens en Bartlehiem, wêr’t er as bern folslein yn it boerebedriuw thús rekke. Fan de oarlochsjierren heucht him noch in jeugdige grutsprekker yn ‘e omkriten dy’t as frijwilliger de Dútske kant keazen hie en letter yn Ruslân dea rekke. Pyt syn heit moast neat fan de Dútsers ha. Pyt sels gong nei de lânbouskoalle, buorke in skoftsje, folge skriftlike kursussen en pielde graach mei radio’s. As radio-amateur hat er ek kennis fan frjemde talen opheind (¡Aqui Madrid!). Begjin jierren fyftich koe er as elektrotechnikus by Philips oan it wurk, earst yn Eindhoven (om 1955 hinne), letter (om 1962 hinne) yn Nijmegen en Lent. Pyt fielde him yn it earstoan wat ûnwennich yn Eindhoven, dêr’t er yn ‘e kost wenne. Hy hat syn Philips-tiid yn Eindhoven foar oardel jier ûnderbrutsen foar in baan by Vaartjes yn Ljouwert. By syn weromkear yn Eindhoven hong syn wurkjas der noch. “Wy hiene wol ferwachte datst weromkomme soest” (P. Kramer, persoanlike kommunikaasje juny 2025).

Pyt syn âlden wiene frysksinnich (Veldstra, 2018; P. Kramer, persoanlike kommunikaasje juny 2025). De Kramers liezen Frysk & Frij en It Heitelân. Dêryn waard yn ‘e jierren fyftich gauris oer Noard-Fryslân berjochte, want dat koene je sûnt 1950 ienfâldich mei de bus fan sjoernalist Goasse Groustra bereizgje. Sa kaam Pyt Kramer yn it rûntsje fan de Noardfryske beweging fan Alfred en Carsten Boysen telâne, wêr’t ek Tony Feitsma, Jelle Brouwer en dûmny Bernard Smilde diel fan útmakken. Pyt Kramer wie sûnt 1953 lêzer fan it Noardfryske bledsje Üüsen äine wäi (‘ús eigen wei’) dat de bruorren Boysen útjoegen (Üüsen äine wäi, 1961a). Oars as Noardfryslân gou it Sealterlân yn dy tiid as frijwol ûnbekend terrein. Yn ‘e njoggenjinde iuw hiene Montanus de Haan Hettema en dûmny Rinse Posthumus in kear in “reis naar Sagelterland” makke en yn 1934 hie de biolooch Jacob Botke (de útfiner fan it wurd stinzeplant) in behyplik lyts boekje útjûn ûnder de titel Sealterlân, geakindige skets, endat wie it wol sa’n bytsje. Dy “skets” fan Botke stie by de Kramers yn ‘e boekekast. Der stiene wat ferskes, ferhaaltsjes en nammen fan bisten en planten yn. Yn dat boekje fûn Pyt de ynspiraasje foar syn fytsreis.

De reis

Dy earste fytstocht makke Pyt Kramer, njoggentjin jier âld, mei syn maat Sikke Doting (1938-2011). Doting rjochte letter (1962) yn ‘e mande mei Pyt Kramer de Frysk Nasjonale Partij (FNP) op, mar mei it Sealtersk en it Sealterlân hat er, oars as Kramer, net folle mear dien. Hy hat him letter foaral as galeryhâlder en pottebakker yn Warkum dwaande holden en publisearre ek in tal bondels mei koarte ferhalen, bygelyks De Friezen komme út Yndia (1997).

Doe’t Kramer en Doting yn 1955 op ‘e fyts stapten, koene se amper in wurd Dútsk, mar dat seagen se net as in beswier (Omrop Fryslân, 2021; Tresoar, 1956c; Kramer, 2022). Se setten by Bartlehiem útein en gongen oer Leer yn Ostfriesland, wêr’t se yn in jeugherberch “yn in hege toer” benachten [Veldstra, 2018; Kramer, 2022; P. Kramer, persoanlike kommunikaasje juny 2025). Dat moat hast wol de jeugdherberch yn de ferneamde wettertoer west ha. Op ‘e hinne- en/of weromreis reis waarden se by Petkum oer de Iems set. By Bunde troffen se in man waans heit as mier yn “Westfreesland” wurke hie. Hy hie in stikmannich Fryske wurden neamd, ûnder oaren it wurd wein (Tresoar, 1956a).

De hinnereis gong fierder oer West- en Ostrhauderfehn, Utende en Strukelje (yn it Dútsk Strücklingen neamd; Kramer, 2022). Dêr waard by bakkerij Kordes oan de Hauptstraße ho holden, om bôle en adressen fan ynformanten. “Dêr besochten we wat Sealtersk te praten en sa goed wie ús Dútsk ek net” (Kramer, 2022). Wier wolt du wai?, woe de bakkersfrou witte (‘wêr wolst hinne?’). Dy fraach hat miskien it earste sintsje west dat Pyt fan in native speaker libbensliif opheind hat. Bakkerske ferwiisde harren nei Hermann Janssen yn Romelse (Ramsloh). Janssen ûntfong de beide mannen hertlik yn syn Tuunkershuus en ferwiisde harren ek nei Wilhelm Awick yn Skäddel (Scharrel) (Klöver, 1998; Kramer, 2022; Veldstra, 2018; noat: boarnen mei lytse ferskillen). Dy bakkerij Kordes bestiet tsjintwurdich noch.

Op ‘e weromreis gong it de deis dêrop oer Ost- en West-Rhauderfehn. De beide mannen benachten krekt oer de grins [slt]. Pyt Kramer hat sadwaande mar “in toarntsje” yn it Sealterlân west, dy earste kear (Tresoar, 1956b). 

In netwurk yn it Sealterlân

De oankomst yn it fiere en roomske Sealterlân foel net ôf. “De minsken dêr binne o sa gastfrij, en se hawwe gefoel foar humor” [of]. Hermann Janssen (1881-1971), dy’t harren sa hertlik ûntfong, skreau doedestiids (1953-1964) stikjes yn ‘e pleatslike krante General-Anzeiger, ûnder de titel Lesebouk foar Seelterlound. Janssen hie earder yn ‘e Feriene Steaten wenne, mar nei de dea fan syn earste frou wie er wer op it âlde nêst delstrutsen (P. Kramer, persoanlike kommunikaasje juny 2025). Yn syn heitelân weromkommen hie Janssen de Seelter Buund (1952) oprjochte. Tusken 1966 en 1972 joech er yn gearwurking mei Pyt Kramer it bledsje Seelter Trjoue (‘Sealter trou’) út.

Pyt syn twadde ynformant Wilhelm Awick wie boargemaster fan Skäddel (dat wie tusken 1948 en 1974 in selsstannige gemeente) en de earste foarsitter fan de Seelter Buund.

Yn Pyt Kramer syn bewarre korrespondinsje yn Tresoar (Tresoar, 1956a-c) komme yn 1956 ek de nammen fan stikjesskriuwer Sixtus Kordes en skoalmaster Kurt Löwe foar. De ferneamde skriuwster Gesine Lechte Siemer wurdt dan noch net neamd. Mar wol in anonym ‘Sealter famke’: “Sûnt de simmer haw ik korrespondinsje mei in Sealter famke (myn adres fan ‘e fyts ôfskreaun) en ik ha har no al sa fier krigen dat se Sealtersk skriuwt”, fertelt Kramer yn in brief oan Groustra (Tresaoar, 1956b). “Ik haw al dy tiid yn in soarte fan healbakken Sealtersk skreaun, mar de lêste tiid haw ik al de Sealter stikken dy’t ik hie trochsocht en ‘e wurden opskreaun yn it Midfrysk-Noardfryske wurdboekje.” [ib.] Kramer bedoelde mei dy kryptyske omskriuwing nei alle gedachten de dissertaasje fan Hans Matuszak, Die saterfriesischen Mundarten von Ramsloh, Strücklingen und Scharrel (1951) (Veldstra, 1956). Dêr stiet in list fan Sealter wurden yn, mei de hân skreaun yn in selsbetocht fonetysk skrift en as fotokopy útjûn. “Ik ha dêrby alles yn ‘e stavering fan it Lesebouk foar Seelterlound getten, al sille der no jit wol inkelde flaters yn sitte.” (Tresoar, 1956b).

Sa is Pyt Kramer mei syn leksikografyske wurk útein set. Yn 1961 kaam by de Fryske Akademy yn Ljouwert syn earste wurdboekje út: it Seelter Woudebouk, Seeltersk – Düütsk – Wäästfräisk. (‘Wäästfräisk’ betsjut fansels Westerlauwersk Frysk.) Yn it foaropwurd fan Kramer syn Näi Seelter Woudebouk (A-E) stiet in lange rige fan ynformanten dy’t fan 1955 ôf  ‘sammele’ wiene troch Pyt Kramer.

Omslach it Seelter Woudebouk, Seeltersk – Düütsk – Wäästfräisk.

Dit stik hat de auteur yn ‘e Skriuwersarke fan Rink van der Velde skreaun, mei tank oan de Stifting FLMD en it Fryske Gea.

Referinsjes

Klöver, H. (1998). Spurensuche in Saterland. Saterland, s. 504, 505f en 582 n. 51

Kramer, P. (2022, 20 febrewaris). Saterland-Expedition 1955. Seeltersk.  : https://www.seeltersk.de/archiv/saterland-expedition-1955/

Hans Matuszak. (1951). Die saterfriesischen Mundarten von Ramsloh, Strücklingen und Scharrel inmitten des niederdeutschen Sprachraumes. [Dissertaasje]. Bonn.

Omrop Fryslân. (2021, 12 jannewaris). Pyt Kramer syn wurken oer Sealterfrysk online te riedplachtsjen. Omrop Fryslân. https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1023911/pyt-kramer-syn-wurken-oer-sealterfrysk-online-te-riedplachtsjen   

Tresoar. (1956a, 22 jannewaris). Brief Pyt Kramer oan Goasse Groustra.

Tresoar. (1956b, 8 april). Brief Pyt Kramer oan Goasse Groustra.

Tresoar. (1956c, 15 augustus). Brief Pyt Kramer oan Goasse Groustra.

Üüsen äine wäi 11 (1961). nr 5. Pyt Kramer, ‘Seelterlönj’.

Veldstra, G. (2018, 20 augustus).  Het Seelters, Fries als geheimtaal voor de handel. Friesch Dagblad.


Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: Pyt Kramer, Sealterfrysk

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Sneontejûn • Pieter Jelles Troelstra

Klokken hear ik klinken
Yn de stille jûn;
’t Sintsje sjoch ik sinken,
Wolkjes sjoch ik blinken,
’t Hiele swurk yn ’t rûn.

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken

1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken

11 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

8 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 augustus 2025: deadline de Gjalp

1 augustus 2025: deadline de Gjalp

7 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 july 2025: Muzikale reüny- poëzy fan Obe Postma.

26 july 2025: Muzikale reüny- poëzy fan Obe Postma.

28 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
12 july 2025: Arjan Hut by Obe Postma tentoanstelling

12 july 2025: Arjan Hut by Obe Postma tentoanstelling

27 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d