• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Fryske Letterkunde op de Akademy?

6 oktober 2016 door Marc van Oostendorp Reageer

Door Eric Hoekstra

Letterkunde is de wittenskiplike stúdzje fan literatuer. Literatuer is de meast komplekse utering fan de minske, mear spesifyk, fan de minsklike geast. Literatuer lit ús sjen hoe’t de minske yninoar sit.

Tagelyk is letterkunde de minst eksakte wittenskip, omdat it de dreechste wittenskip is. It is al dreech genôch om te learen literatuer te begripen, lit stean der ferstannige dingen oer te sizzen. Atomen en dingen binne makliker te bedjipjen as de geheimen fan de minsklike geast.

De Fryske Akademy hat yn it ferline in protte oan letterkunde dien. Sa hat Ype Poortinga, ien fan de earste meiwurkers fan de Akademy, de mannichte oan folksferhalen sammele. Jelle Hendriks Brouwer, de eardere direkteur fan de Akademy, fersoarge in rige Ald- en Midfryske tekstútjeften. Oan de Doelestrjitte ûndersocht Philippus Breuker it wurk fan Gysbert Japix, Goffe Jensma it Oera Linda Boek en Joke Corporaal, de lêste letterkundige promovendus fan de Akademy, ferdjippe har yn de figuer fan Anne Wadman.

Op de Fryske Akademy is de Letterkunde wilens ferdwûn. Dêr binne twa redenen foar: jildkrapte en oare prioriteiten. Mei alle besunigingen út de tiid fan de krisis waarden lege plakken net opfolle. En doe’t der wer jild wie, giene de twa grutte ûndersyksfjilden (de histoaryske en de taalwittenskippen) ynearsten foar. Want lykas oeral jildt: it himd is neier as de rok.

Kin der no dan halje-trawalje in letterkundige yn tydlike tsjinst oannommen wurde? Nee, want in oar ding is dat wittenskip no oars bedreaun wurdt as fjirtich jier ferlyn. De Nederlânske wittenskip koe fjirtich jier ferlyn noch yn ‘splendid isolation’ bedreaun wurde. Dat koe, as men dat woe. En it barde ek, lês Voskuil syn romansiklus Het Bureau mar, dat giet oer krekt sa’n ynstitút as de Fryske Akademy, mar dan yn Amsterdam.

Dy seldichste les jildt lyksa foar de Fryske wittenskip, en foar de Fryske letterkunde, yn relaasje ta de Nederlânske. As men no Fryske letterkunde dwaan wol, dan moat dat yn oparbeidzjen mei Nederlânske letterkundigen, of bûtenlânske fansels. De tiidgeast is feroare. De subsydzjejouwers stelle oeral de gearwurkingseask, de ynternasjonalisearringseask, lykfolwat men dêrfan fynt. Dit is de realiteit.

In letterkundich ûndersyk sil by foarbaat yn ‘e mande mei Nederlânske letterkundigen opset wurde moatte, en it sil aspekten fan Fryske en Nederlânske letterkunde meinimme moatte, ferlykje moatte. En as dat slagget, dan kin it samar wêze dat Nederlânske letterkundigen oan Nederlânske universiteiten út harsels Fryske letterkunde meinimme yn har ûndersyksoanfragen. By de taalkunde is dat al sa.

Op freed 7 oktober organisearje wy as Fryske Akademy yn Tresoar de earste Dei fan de Fryske Letterkunde, yn ‘e mande mei Tresoar, de Moanne en de NHL. Mei dy Letterkundedei wolle wy tagelyk kontakten mei Nederlânske letterkundigen ta stân bringe om it omtinken foar en de prioriteit fan nij Frysk letterkundich ûndersyk te fersterkjen.

Mei oare wurden, wy wolle it nedige ûndersyk organisearje. Of sa’t Prof. Philippus Breuker oer syn eigen beuzichheden as Akademyletterkundige op literêr tydskrift fers2.eu skreau: Dat kaam del, net op it sels ûndersykjen, mar op it organisearjen fan it ûndersyk fan oaren. Dat ûndersyk kin dan plakfine op de Fryske Akademy yn Ljouwert, mar likegoed op oare plakken yn Nederlân.

Spraak nei lange stiltme; it is goed,
wij eidzje it heechste tema nochris oer:
de kennis fan de keunst en fan it liet.

De Letterkundedei op freed 7 oktober hat lêzingen fan Piet Gerbrandy (oer it fakmanskip fan Gysbert Japix), Alpita de Jong, Abe de Vries, Piter Boersma, Marc van Oostendorp, Friduwih Riemersma en Henk van der Liet. Tagong is fergees en mei lunsj. Opjaan kin fia baly@fryske-akademy.nl.

Dit artikel verscheen eerder op De moanne

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Artikel

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Luuk Gruwez • Gelovig gebed

Bovendien, lieve God, begin ik te geloven dat U
amper in Uzelf gelooft. Zo eindeloos bent U
dat U op een baaldag, verdwaald in wat U
zelf geschapen heeft, niets meer onthouden kunt

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Chris van Geel

NAAR EEN BRETONS VOLKSLIEDJE

We hebben een winterkoninkje gevangen,
We hebben het vetgemest,
We hebben het naar de slager gebracht,
We hebben de veertjes op de markt verkocht.

Bron: Barbarber, september 1964

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

13 maart 2026: Promotie Gerda van de Haar over Marcel Möring

13 maart 2026: Promotie Gerda van de Haar over Marcel Möring

4 maart 2026

➔ Lees meer
20 maart 2026: Landjuweel

20 maart 2026: Landjuweel

3 maart 2026

➔ Lees meer
10 maart 2026: Marjoleine de Vos over Ik ben hier liever niet alleen

10 maart 2026: Marjoleine de Vos over Ik ben hier liever niet alleen

2 maart 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

geboortedag
1938 Frank van Gestel
➔ Neerlandicikalender

Media

Wat als de Nederlandse taal verdwijnt?

Wat als de Nederlandse taal verdwijnt?

3 maart 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Bonusauteurs: Cornelia Teellinck, Maria Petyt en Sibylle van Griethuysen

Bonusauteurs: Cornelia Teellinck, Maria Petyt en Sibylle van Griethuysen

3 maart 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Annelies Verbeke over Charmolypi

Annelies Verbeke over Charmolypi

2 maart 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
%d