• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
    • Chris van Geel
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Manifestaasje foar better Frysk ûnderwiis

19 december 2016 door Redactie Neerlandistiek Reageer

(Persbericht burgerinitiatief Sis tsiis)

‘Frysk op skoalle: in bernerjocht’. Mei dat rjochtfeardich doel wurdt tongersdei 22 desimber yn de binnenstêd fan Ljouwert de alderearste manifestaasje foar mear en better Frysk ûnderwiis holden. De organisearjende boargerinisjatyfgroep Sis Tiis sil mei in fakkeloptocht troch de stêd omtinken freegje foar syn stribjen: in folle rommer plak foar it Frysk op skoalle, gjin ûntheffingen foar skoallen om Frysk te jaan mar just stipe, mear trijetalige skoallen en mear lessen yn it Frysk op sokke skoallen.

Publyk wurdt ferwachte fan 18.30 oere ôf op it Saailân. Artysten Gurbe Douwstra, Gerrit Breteler, Clara Rullmann, ‘sterke man’ Wout Zylstra en in ôffurdiging fan de Ljouwerter doedelsekband Graham Lowlanders wurkje mei oan de manifestaasje en trede op. Tsientallen Fryske promininten ûnderstypje de doelen fan Sis Tsiis. Under mear Anneke Douma, Durk Gorter, Rients Gratama, Lutz Jacobi, Goffe Jensma, Iris Kroes, Eelke Lok, Johannes Rypma, Freark Smink, Hylke Speerstra en Piter Wilkens stean op in list mei hast sechstich hântekeningen.

Neffens Sis Tsiis sit it Frysk op skoalle slim yn ’e knipe, sawol yn it basis- as yn it fuortset ûnderwiis. ,,Bern krije net, of te min, dêr’t se rjocht op hawwe: goed ûnderwiis yn de memmetaal”, seit dichter Abe de Vries, ien fan de inisjatyfnimmers. ,,Dat set in rem op har fierdere ûntjouwing. Dêrneist is der in protte nasjonale en ynternasjonale regeljouwing om in minderheidstaal as it Frysk te beskermjen en te befoarderjen, dêr’t de Provinsje en it ryk op dit stuit lang net oan foldogge. Der wurdt in protte dien, mar it moat better. Wy wolle de needsaak fan in oar belied op de politike aginda hawwe.”

Ek de Ried fan Europa is ûntefreden oer de ûnderwiissitewaasje wat it Frysk oanbelanget. Yn it krekt ferskynde (14 desimber) fyfde rapport oer it neilibjen yn Europa fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen, dat tige kritysk is oer Nederlân, is ien fan de oanrikkemandaasjes it fersterkjen fan it ûnderwiis yn it Frysk op alle ûnderwiistypes, sadat de Friezen har eigen taal goed lêze en skriuwe kinne sille.

Sjoch foar mear ynformaasje:

  • sistsiis2016.wordpress.com
  • https://www.facebook.com/sis-tsiis

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Artikel

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Hans Vlek • Geranium

Geranium, prachtige bloem
die niet mooi is, wijn
van de kruidenier, kip
tussen de vogels, sieraad
van alles wat arm en goedkoop is.

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Vlaggetjes

De reiziger reist heen en weer
van Amsterdam naar Wormerveer
en ook wel eens naar Krommenie
naar Beetsterzwaag en Middellie.

Bron: Jopie Breemer

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

16 mei 2026: Hommage In de Knipscheer

16 mei 2026: Hommage In de Knipscheer

22 april 2026

➔ Lees meer
15-16 October 2026: LiME Conference on Language Variation (LiCLA 2)

15-16 October 2026: LiME Conference on Language Variation (LiCLA 2)

21 april 2026

➔ Lees meer
13 mei 2026: 50 jaar Het mes in het beeld

13 mei 2026: 50 jaar Het mes in het beeld

21 april 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

geboortedag
1953 Dick Welsink
sterfdag
1868 Lamert te Winkel
➔ Neerlandicikalender

Media

In gesprek met literaire duizendpoot Jonathan Van Der Horst

In gesprek met literaire duizendpoot Jonathan Van Der Horst

22 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
The perks of literature – with Jeroen Dera

The perks of literature – with Jeroen Dera

22 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
In gesprek met auteur Joke van Vliet

In gesprek met auteur Joke van Vliet

20 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
%d