Der is grutte kâns datsto tsjin it grien-giel-swarte fûgeltsje dat sa fleurich heech yn ‘e beam sit te fluitsjen en yn it fûgelhokje yn dyn tún briedt koolmees seist. Wy brûke gauris de Nederlânske namme om fûgels, ynsekten en blommen mei oan te tsjutten. Tink bygelyks oan nylhoars/nijlpaard, gersrûp/emelt of bûnte kjifkrobbe/bonte knaagkever, hoewol’t Omrop Fryslân de Fryske ferzje fan dy namme gauris brûkt.
Dat de Nederlânske nammen bekender binne, is it gefolch fan ‘e twataligens yn Fryslân. It Nederlânsk ynterferearret gauris mei it Frysk. Likegoed hat de koolmees wol Fryske nammen: blausyske, gielboarstje, skyt-yn-’t-fjoer, stiselkop, swartkopke, swartkopkedidyt en offisjeel: blokmies. Oant foar 15 jier wie blokfink de offisjele namme, mar omdat fûgelkundigen ornearren dat it net om in fink mar om in mies giet, waard de namme fan dit fûgeltsje feroare yn blokmies. It bistke fluitet der like fleurich om.
Laat een reactie achter