Ik ben columnist geworden van het prachtige tijdschift M'ntaal, het ledenblad van de onvolprezen Nijmeegse studievereniging voor studenten Taalwetenschap, Intens. Dit is mijn debuut. (Ga ook Taalwetenschap studeren in Nijmegen en je krijgt alle volgende nummers van M'ntaal thuis.) Het Nederlands is een onoverzienbare oceaan. Ik heb het gevoel dat ik de hele tijd op de … [Lees meer...] overYappen over taal
woordbetekenis
Hjoed
It Fryske wurd hjoed liket net safolle op it Nederlânske ‘vandaag’. Mei it Dútske ‘heute’ binne de parallellen oars folle dúdliker. Hjoed is dan ek net net besibbe oan it Nederlânske ‘vandaag’, mar oan ‘heden’. De Proto-West Germaanske foarm hat nei alle gedachten wat as *hiu dagu west, wat letterlik ‘op dizze dei’ betsjutte. It Aldingelsk, nau besibbe oan it Aldfrysk, hie … [Lees meer...] overHjoed
Pech
Yn de Fryske wurdboeken sille je om ‘e nocht om it wurd pech sykje. De oersettingen fan pech dy't jûn wurde binne ‘tsjinslach’, ‘tsjinrampen’ en foar in mankemint: ‘maleur’, ‘mankemint’. It Nederlânsk hat pech út it Dútsk liend en yn dy taal betsjut it allinnich ‘tsjinslach' en net ‘mankemint’, want dat is Panne. It Dútske Pech (tsjinslach) komt fan Pech yn de betsjutting … [Lees meer...] overPech
Kwizekwânsje
It Fryske wurd ‘kwizekwânsje’ komt suver altyd foar yn de ferbining “eat of immen fan kwizekwânsje”. Ien dy't fan kwizekwânsje is, is wichtich of ynfloedryk. Politisy binne lju fan kwizekwânsje, mar je soenen ek sizze kinne dat Superman in stripboek fan kwizekwânsje is. It is in Frânsk lienwurd, fan conséquence, mar troch de jierren hinne aardich ferfryske. It past sadwaande yn … [Lees meer...] overKwizekwânsje
Nút en noat
It Nederlânsk neamt in muzyknoat en in nút om te iten beide ‘noot’, wylst it Frysk ûnderskied makket tusken ‘noat’ en ‘nút’. Eins is it Nederlânsk hjir de frjemde ein yn ’t bit, want de measte Germaanske talen hawwe twa ferskillende wurden. De muzyknoat is in frij resint lienwurd fan it Latynske ‘nota’ en is sadwaande folle minder ferfoarme troch de klankwetten fan de lienende … [Lees meer...] overNút en noat
Kwalster
Kwalster is in heal teraande (en ek wol wer opferzen) laach snie. Kwalster is ribbelich en net stevich, je sakje der samar troch hinne en it ferrifelet de rider. It iis kin kwalsterich wêze en as snie teit, dan kwalsteret it. Kwalster hat ek in oare betsjutting: in kwak slimerige flibe, in rachel. Yn it Nederlânsk is kwalster amper gongber, de wurdboeken hawwe it al, … [Lees meer...] overKwalster
Sjoemelscooter
Ha, er is een nieuw woord bedacht voor de fatbike. U weet wel, die lage fietsen met dikke banden die veel te hard over de fietspaden scheuren. Ze zijn vaak opgevoerd en gaan soms wel zestig kilometer per uur, nog harder dus dan een brommer of scooter. Het nieuwe woord – sjoemelscooter – is bedacht door Esther van Garderen, algemeen directeur van de Fietsersbond. Zij … [Lees meer...] overSjoemelscooter
Snie
Fan snie hat men trije kear lêst: as it falt, as it der leit en as it teit. Dy wiisheid sljochtsje etymologen oer, dy sjogge snie as in útdaging. It Sanskryt hie al in wurd 'snihyati' (betsjutting: 'plakt oaninoar') dêr't ús 'snie' yn werom te kennen is. Yn Keltyske, Slavyske, Germaanske, Baltyske en Romaanske talen binne de wurden foar 'snie' ek besibbe oan datselde … [Lees meer...] overSnie
De betekenis van zoen en kus
Taalkunde van 50 jaar geleden Er zijn zaken waarover de wetenschap nooit uitsluitsel zal geven, simpelweg omdat er nooit uitsluitsel komt. Ik schreef op dit eigenste weblog 16 jaar geleden bijvoorbeeld over het betekenisverschil tussen zoen en kus. Het verschil is van oorsprong een van betekenis: zoen komt van verzoening en kreeg de betekenis van kus doordat een … [Lees meer...] overDe betekenis van zoen en kus
Jûn
It Fryske wurd foar it part fan de dei tusken 18:00 en 00:00 oere hat hjoed-de-dei amper wat wei fan dy yn ús buortalen. Op it earste each liket “jûn” neat te krijen te hawwen mei “avond”, “Abend” of it Deenske “aften”. Yn it iere Aldfrysk hiene wy de foarm “even(d)”, dy't dochs ferrekte bot liket op it Ingelske “eve”. Yn wat letter Aldfrysk fine we oars ek al in foarm dêr't dy … [Lees meer...] overJûn
Krookjefakânsje
Ofrûne wike wie it krookjefakânsje. Ek wol foarjiersfakânsje neamd of, yn it Nederlânsk, voorjaarsvakantie of krokusvakantie. Krookje is it Fryske wurd foar krokus en referearret oan de wolbekende blom. Oars as yn it Nederlânsk is krokus yn it Frysk dus wurden ta krookje, nei alle gedachten in ferlytsing fan krook, in foarm dy't wy histoarysk sjoen ek noch wol sporadysk yn it … [Lees meer...] overKrookjefakânsje
“Tuun” ist kein typisch friesisches Wort
Im West- und Nordfriesischen, im Saterfriesischen und im ostfriesischen Plattdeutsch wird ein Garten mit "Tuun" und ähnlichen Wörtern angedeutet. Bedeutet das, dass dieses Wort typisch Friesisch sein sollte, wie ein Bekannter mich neulich fragte? Nein, das ist nicht der Fall. Die ursprüngliche Bedeutung von "Tuun" ist Zaun - und dieses verwandte hochdeutsche Wort hat immer … [Lees meer...] over“Tuun” ist kein typisch friesisches Wort
Besykje en probearje
Yn it Frysk hawwe wy twa wurden foar wat yn it Nederlânsk ‘proberen’ is, nammentlik ‘probearje’ en ‘besykje’. De twa wurden hawwe elk ek krekt wat in oare betsjutting. As je wat besykje, dan spanne je je yn om wat te dwaan of om wat te berikken. Je witte dan net hielendal seker oft it slagje sil. Je kinne bygelyks besykje om lekker sop klear te meitsjen. As je wat probearje, … [Lees meer...] overBesykje en probearje
Frommes
Yn earder tiden wie 'frouminske' in wurd dat brûkt waard om in minske fan it froulik slachte mei oan te tsjutten. De foarm frouminske is yn ûnbrûk rekke, mar de gearlutsen en ferbastere foarm frommes bestiet noch wol yn it Frysk fan hjoed-de-dei, bygelyks yn 'Dêr rint in frommes mei in laptop.' De fraach is oft frommes hjir neutraal is, mooglik sil elk dêr net … [Lees meer...] overFrommes
Wêr is … keard?
In kollega op ’e Fryske Akademy frege my nei oanlieding fan de fynst fan in kacheltsje fan it Poptaslot fan Marsum oft ik de ûndertitel “mar wêr binne de oaren keard?” wol bêst genôch fûn. Ik hie der gjin problemen mei, mar bin fansels kleure troch de regio dêr’t ik opgroeide en de hast acht jier dat ik al yn de Fryske akademyske rûnten meidraai. Neffens rabbeltsjes yn ’e … [Lees meer...] overWêr is … keard?
Heit
It Fryske wurd foar de pater familias wykt bot ôf fan de talen om ús hinne, dat falt in bytsje taalsneuper al gau op. Al sûnt de santjinde iuw wurdt besocht om te ferklearjen wêr't ús wurd foar heit wei komt. Neffens Buma, earder heechlearaar Frysk yn Grins, komt it fan it Aldfryske tiidwurd heta ,dat sokssawat betsjut as it Nederlânske bevelen. Yn it hjoeddeiske Frysk hawwe wy … [Lees meer...] overHeit
Ornaris
Op it stasjon fan Ljouwert hinget in plakette mei de tekst: “De minsken wolle ornaris wêze hwer't se net binne”. Dat wurd “ornaris” sjocht der net sa Frysk út. It betsjut sokssawat as “meastentiids, gewoanwei, yn ’e regel”. Nei alle gedachten is it in Latynsk lienwurd, ordinarius, dat al in pear iuwen yn it Frysk meidraait en sadwaande moai ferfryske is ta ornaris. It is … [Lees meer...] overOrnaris
Róllen en kûulen
In een zin gaan woorden op twee manieren relaties met elkaar aan: in de betekenis en in de vorm. Dit is met twee eenvoudige zinnen duidelijk te maken. In deze zin is de grammaticale functie van de man onderwerp en die van de hond lijdend voorwerp. Omdat de man verwijst naar een instantie die als uitvoerder optreedt van de handeling aaien, heeft dit zinsdeel de betekenis … [Lees meer...] overRóllen en kûulen
Swiid
Swiid is in Frysk wurd dat sokssawat betsjut as ‘prachtig, luisterrijk, groots’. De Nederlânske wjergader is zwijd, mar dat wurd is net bepaald swiid ferneamd. De kening kin swiid klaaid wêze, en Grutte Pier hie bygelyks in swide namme. De lange i yn swiid wurdt, benammen troch de jongerein, hieltyd faker útsprutsen as in twalûd. It heart dan as it i-lûd yn stien en bier, en … [Lees meer...] overSwiid
Ribskjin
Ribskjin is in sa'n prachtich, echt Frysk wurd. Alderearst is it sa’n nijsgjirrich wurd dêr’t jo ûnmooglik in echte Hollânske wjergader foar fine kinne. Moai is ek it iroanyske understatement. Wat oaren 'vel over been' neame, is by ús 'aardich ribskjin' - neat om yn it bêste lân fan d' ierde moederaasje mei te hawwen... En dan past de klank ek noch sekuer by de betsjutting: … [Lees meer...] overRibskjin
Halveren
Hoe sette jo dit sintsje út in resept oer yn it Frysk: 'halveer de tomaat'. As jo earste idee is 'healvearje de tomaat', wit dan dat sok Frysk oan 'e protters raast en beart as skuorde klokken. Yn it Frysk sizze je earder: 'snij de tomaat troch de helte' of 'snij him midstwa'. 'Halveren' betsjut neist 'yn twaen ferpartsje' ek noch 'oant op 'e helte ferminderje'. … [Lees meer...] overHalveren
Noflik
Noflik is in populêr Frysk wurd: der is in restaurant dat sa hjit, je kinne op in boxspringbêd ‘noflik’ lizze en der is sels in skjintmesalon mei dy namme. Je kinne je noflik deljaan, it is earne noflik en gesellich, it klimaat is dêr noflik, je fiele je noflik en it selskip is noflik. Noflik is sa’n ‘echt’ Frysk wurdt en dêrom wurdt it maklik brûkt as pseudo-frisisme: … [Lees meer...] overNoflik
Daaie
'Ik kin de kofje net daaie' betsjut dat je de kofje net opdrinke kinne omdat er te hjit is. Daaie komt allinnich foar mei it tiidwurd kinne en betsjut 'ferneare, útstean kinne'. Dêrby hoecht it net altyd om wat hjits te gean, in kâld stik iis kin like min te daaien wêze. En it kin ek brûkt wurde as je minsken of saken net útstean of ferneare kinne: 'Ik kin dat ûndogense … [Lees meer...] overDaaie
Het belang van sibbe
Ons verwantschapswoord sibbe, de evenknie van Engels sib in sibling, was ooit verbonden met gedachten over vrede en verzoening en kon oorspronkelijk wel eens naar achting en zorg verwezen hebben, net zoals de vergeten volksbenaming diede. Sterke banden Heden staat het vrouwelijke sibbe te boek als een woord voor ‘gezamenlijke verwanten’ … [Lees meer...] overHet belang van sibbe
Blijven en bliuwe
Is in it skriuwen fan in Nederlânsk-Frysk wurdboek makliker as in Nederlânsk-Ingelsk wurdboek? Ja en nee. Ja, want blijven is yn it Ingelsk to stay, to remain, to keep en yn it Frysk gewoan bliuwe. Mar net altyd makliker, want net altyd kinne je blijven yn it Frysk oersette mei bliuwe. Wy sizze it yn it Frysk gauris oars as yn it Nederlânsk. Sjoch mar nei de folgjende … [Lees meer...] overBlijven en bliuwe