• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Jûn

12 maart 2024 door Redaksje Frisistyk 1 Reactie

It Fryske wurd foar it part fan de dei tusken 18:00 en 00:00 oere hat hjoed-de-dei amper wat wei fan dy yn ús buortalen. Op it earste each liket “jûn” neat te krijen te hawwen mei “avond”, “Abend” of it Deenske “aften”. Yn it iere Aldfrysk hiene wy de foarm “even(d)”, dy’t dochs ferrekte bot liket op it Ingelske “eve”. Yn wat letter Aldfrysk fine we oars ek al in foarm dêr’t dy earste lange e brutsen is: iuvn. Datselde ferskynsel sjogge we folle mear, bygelyks yn de plaknamme Jorwert (út Ever-wert, mei in lange earste e). It manuskript Jus Municipale Frisonum (± 1464) hat foarmen as “ioende”, “iond” en “jond”, allegear mei in lange o. In guon parten fan de Wâlden is dy fokaal noch behâlden bleaun, mar yn oare gebieten faak oergien nei it u-lûd fan drûch.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, It wit wurd Tags: etymologie, leksikografy, taalkunde, woordbetekenis, wurdboek

Lees Interacties

Reacties

  1. Henk Wolf zegt

    12 maart 2024 om 17:36

    Faaks is it foar in goed begryp noch tûk om ta te heakjen dat de v him ta in twalippige [w] ûntjûn hat, dat de kloft [ew] ûntstie. Dy is (neffens Dyk) brutsen en dat hat [jo] opsmiten.

    Jorwert-brekking is benammen in Westerlauwersk ferskynsel, yn it Easterlauwerske binne der mar in pear gefallen fan bekend. Yn it Frysk fan it Sealterlân wurdt hjoed de dei altyd noch fan ‘Eeuwend’ [ewn̩d] sein. Yn Noard-Fryslân komt Jorwert-brekking alhelendal net foar, dêr wurdt ûnder oaren ‘een’ (Bökinghiird) en ‘inj’ (Feer) sein.

    Beantwoorden

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Sneontejûn • Pieter Jelles Troelstra

Klokken hear ik klinken
Yn de stille jûn;
’t Sintsje sjoch ik sinken,
Wolkjes sjoch ik blinken,
’t Hiele swurk yn ’t rûn.

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 augustus 2025: Mei-inoar lêze

10 augustus 2025: Mei-inoar lêze

13 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

11 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 augustus 2025: deadline de Gjalp

1 augustus 2025: deadline de Gjalp

8 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 july 2025: Muzikale reüny- poëzy fan Obe Postma.

26 july 2025: Muzikale reüny- poëzy fan Obe Postma.

7 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 july 2025: Mei-inoar lêze

20 july 2025: Mei-inoar lêze

28 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
%d