• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Snie

27 maart 2024 door Redaksje Frisistyk 3 Reacties

Fan snie hat men trije kear lêst: as it falt, as it der leit en as it teit. Dy wiisheid sljochtsje etymologen oer, dy sjogge snie as in útdaging. It Sanskryt hie al in wurd ‘snihyati’ (betsjutting: ‘plakt oaninoar’) dêr’t ús ‘snie’ yn werom te kennen is. Yn Keltyske, Slavyske, Germaanske, Baltyske en Romaanske talen binne de wurden foar ‘snie’ ek besibbe oan datselde Sanskryt-wurd. Sa hat it Iersk ‘sneachta’, it Servysk ‘снег’ (lês ‘sneg’), Sweedsk ‘snö’, it Litousk ‘sniego’. By de Romaanske talen is de ‘s’ derfoarwei fallen: ‘nix’ (Latyn), ‘neige’ (Frânsk), mar likegoed geane dy wurden op dy oerfoarm tebek. 

It Aldfryske hie ‘snē’, mar de lange ee is in twalûd ie wurden. Wat opfalt by it Frysk is dat it ôflate tiidwurd gjin ‘ie’ hat, mar ‘ij’: snije. Oars as it Nederlânsk, dêr’t de lange fokaal yn it tiidwurd steanbleaun is: sneeuw-sneeuwen. 

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, It wit wurd Tags: etymologie, leksikografy, taalkunde, woordbetekenis, wurdboek

Lees Interacties

Reacties

  1. Henk Wolf zegt

    27 maart 2024 om 16:31

    It is krekt oarsom: it Frysk hat noch de oarspronklik Germaanske situaasje beholden mei ferskillende stamlûden yn it haadwurd en it tiidwurd. Yn it Nederlânsk is it oarspronklike tiidwurd weiwurden. Yn de midsieuwen kamen yn it Hollânsk noch tiidwurden lykas “sniën” en “snuwen” foar, mar dy binne dêr út it stee wrotten troch in nijfoarming op basis fan it haadwurd “sneeuw”. Sûnder dy fernijing hie it moderne Nederlânsk no foar ’t neist “snijen” of “snuwen” hân.

    Beantwoorden
  2. E. van der Smit zegt

    27 maart 2024 om 17:31

    Het associeert direct aan SnieKlaas van Toon Hermans.
    Die kent u toch allen?
    https://youtu.be/Qc5xHHBp6Hs?si=otzSV2l7xR2d6DP0

    Beantwoorden
  3. Peter Nieuwenhuijsen zegt

    4 april 2024 om 13:04

    Nuver dat no krekt ‘snie’ sa’n PIE ôfkomst hat en ‘iis’, ‘heil’ en ‘rein’ net.

    Beantwoorden

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

22 novimber 2025: Poëzie Zaterdag

22 novimber 2025: Poëzie Zaterdag

14 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
18 novimber 2025: start Skriuwersfakskoalle Berne- en jeugdliteratuer

18 novimber 2025: start Skriuwersfakskoalle Berne- en jeugdliteratuer

13 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

11 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

10 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

9 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
%d