• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Mooglike genderneutrale foarnamwurden yn it Frysk

6 oktober 2023 door Janneke Spoelstra 2 Reacties

Yn Sweden waard yn 2015 it genderneutrale foarnamwurd ‘hen’ offisjeel ynfierd, foar it ferwizen nei minsken dy’t sels oanjouwe dat se genderneutraal oantsjut wurde wolle, yn stee fan mei ‘han’ (Frysk: hy) of ‘hon’ (Frysk: hja/sy).

De rop om genderneutrale foarnamwurden komt út ’e hoeke fan de ynternasjonale lhbty+-mienskip, en dêrfan de minsken dy’t har identifisearje as û.o. transgender, non-binêr, genderqueer, in kwestje fan trochgeande emansipaasje, fan in groep dy’t der altyd al wie, mar de lêste desennia hieltyd sichtberder wurdt.

Sûnt it ynfieren fan ‘hen’ yn Sweden wurdt rûnom yn ’e wrâld socht nei gaadlike wjergaders yn ’e eigen taal. Yn it Ingelsk wurde ‘they’ en ‘them’ ynset, om eksplisite ferwizing mei ‘he’ of ‘she’ en ‘him’ of ‘her’ te mijen. Yn it Nederlânsk wurdt troch it Transgender Netwerk Nederland advisearre om ‘die’, ‘hen’ en ‘hun’ te brûken.1 Yn dit stik wurde in pear strategyen yn ferskillende taalgebieten besjoen.

En yn Fryslân? De fraach komt út en troch foarby: wat binne de genderneutrale foarnamwurden yn it Frysk? It doel is om hjir in ynventarisaasje te jaan fan ’e mooglikheden.

De iennige ynstellingen dy’t der, yn Fryslân, in útspraak oer dien hawwe, foar safier bekend, binne de Stichtingen Frysk en Frij en Erfgoed Fundaasje.2 Inkelde Fryske skriuwers hawwe har weage oan nije foarms, leksikografen hawwe har gedachten deroer gean litten. Hjirnei folget in ynventarisaasje.

En tink net dat it inkeld fan belang is foar in tige lytse groep fan minsken. Amerikaanske ûndersikers hawwe oantoand dat it brûken fan genderneutrale taal, yn Sweden, in posityf effekt hat op it hâlden en dragen foar froulju en lhbty-persoanen oer.3

It soe moai wêze, as sa’n posityf effekt ek teweibrocht wurde kin mei Fryske genderneutrale foarnamwurden. En fansels is it foar elk wol sa noflik om oantsjut te wurden sa’t men graach wol, en om immen oantsjutte te kinnen sa’t dyjinge graach oantsjut wurde wol.

In pear strategyen yn it finen fan genderneutrale foarnamwurden

Yn Sweden (2015) binne ‘hen’ en ‘hens’ opnommen yn ‘e offisjele wurdlist:

  • ‘hen’ om ‘han’ (Frysk: hy) en ‘hon’ (Frysk: hja/sy) mije te kinnen, lykas hjirfoar sein,
  • ‘hens’ as besitlik genderneutraal foarnamwurd.

genderneutraal
neistSweedsk
han/honhen
honom/henne (Frysk: him/har)hen (= nije foarm)
hans/hennes (Frysk: syn/sines/har/harres)hens (= ek nije foarm)

De strategy yn Sweden fan it kiezen foar ‘hen’ en ‘hens’: it binne nije foarms, mar wol tichtby besteande foarms as ‘henne’ en ‘hennes’.

Oare genderneutrale wjergaders

  • yn it Ingelsk ‘they’ en ‘them’ (foar ‘he’/’she’ en ‘him’/‘her’ )
    • besitlik ‘their’ (foar ‘his’/‘her’)
    • strategy: meartalsfoarmen foar in inkeldtal
  • yn it Dútsk ‘xier’ en ‘xiem’ (foar ‘er’/’sie’ en ‘ihm’/’ihr/sie’ )
    • strategy: nije (markante) foarms
  • yn it Frânsk ‘iel’ (foar ‘il’/’elle’)
    • strategy: gearlûken fan manlik en froulik foarnamwurd
  • yn it Turksk binne der gjin aparte manlike/froulike foarnamwurden: Frysk ‘hy’/’sy’ is yn it Turksk beide kearen ‘o’, en Frysk ‘syn’/’har’ is yn it Turksk beide kearen ‘onun’.45

It Nederlânsk is fansels de taal dêr’t Frysktaligen it measte mei te meitsjen hawwe, en ek it measte oan ûntliene. Watfoar genderneutrale foarnamwurden brûke se dêr?

  • Van Dale Nederlands seit:
    • ‘die’ en ‘hen’ (als men niet ‘hij’, ‘zij’, ‘hem’ of ‘haar’ wil gebruiken)
    • bezittelijk ‘diens’ en ‘hun’ (voor zijn/haar)
    • strategy: besteande foarnamwurden krije nije funksje/betsjutting (en ‘hen’ is stjoerd troch it Sweedsk?)

By de Taalunie sizze se: ‘Over het verwijzen naar een non-binaire persoon, naar personen van wie het gender niet bekend is en ook naar personen in het algemeen is geen overeenstemming. Dit is een proces dat in ontwikkeling is. Die en enkelvoudig hen lijken meest kansrijk, eventueel uitgebreid met diegene, met als bezitsvormen diens en enkelvoudig hun.’

Wat it Frysk oanbelanget, binne Stichtingen Frysk & Frij en Erfgoed Fundaasje de iennichsten, foar safier my bekend, dy’t op harren website oanjouwe dat se genderneutraal wurkje, mei de foarnamwurden:

  • ‘je’ foar ‘hy’/‘er’ of ‘hja’/‘sy’/‘se’ (subjektsfoarm)
  • ‘jin’ foar ‘him’ of ‘har’ (objektsfoarm)
  • ‘jins’ foar ‘syn’/‘sines’ of ‘har’/‘harres’ (besitlik)

Mei de foarbyldsintsjes:

  1. Hy sjocht yn dat er him fersind hat yn syn tsjinstanner.
  2. Sy sjocht yn dat se har fersind hat yn har tsjinstanner.

Genderneutraal:

  1. Je sjocht yn dat je jin fersind hat yn jins tsjinstanner.

Harren strategy is dus:besteande foarnamwurden krije in nije betsjutting. Dat is ferlykber mei de strategy yn it Nederlânsk en it Ingelsk.

It foardielfan ’e foarms fan Stichtingen Frysk & Frij en Erfgoed Fundaasje is dat it besteande foarnamwurden binne. It neidielis fansels dat dy foarnamwurden al in oare betsjutting hawwe:

  • je: 2e persoan inkeldtal (giet mei meartals persoansfoarm, bygelyks: je kinne …). Soe ek noch, yn ’e sprektaal betizing jaan kinne mei Wâldfryske foarm ‘hju’ (sy)?
  • jin: is refleksyf. Bygelyks: men moat jin/je moatte jin …
  • jins: is besitlik foarnamwurd by ‘men’ of 2e persoan ‘fan jo’, bygelyks: ‘men moat jins hûd djoer ferkeapje’ en ‘jo moatte [jo, jins] hûn oan it tou dwaan.’

Ut in fragmint op Omrop Fryslân, yn ’e oanrin fan Rôze Sneon (2021) kin ek it ien en oar ôflaat wurde.

Sjoernaliste: ‘Hoe sprek ik dy oan?’
Non-binêre Frysktalige: ‘Ja, dat is bêst moeilik. Mar as it kin mei hen, hun, die, diens. En oer it algemien kinst zij/haar/ensfh ferfange troch … [de namme].’
Sjoernaliste: ‘O, ja. Want yn it Frysk kin hen dan wer net, leau ’k, grammatikaal-technysk sjoen.’
Non-binêre Frysktalige (mei in sucht): ‘Nee, mar we sizze ek oeral “jim” op.’6

Yn it fragmint binne twa strategyen (yn it Frysk) oan te wizen:

  • wurden oernimme út it Nederlânsk
    • is yn ’e sprektaal gjin probleem, we brûke safolle Nederlânske (en Ingelske) wurden,
    • yn ’e skriuwtaal kin it ek, dan faaks dy wurden markearje (bygelyks troch se kursyf te meitsjenof tusken skrapkes te setten)
  • de namme brûke fan ’e persoan dy’t genderneutraal oantsjut wurde wol
    • mei in foarbyld: ‘Gep rûn nei de doar. Gep frege [Gep, jin, jim] ôf, wa’t it wêze koe. It wie Geps mem.’

(Is mar op ien plak in probleem: ‘Gep frege Gep ôf’ wol net sa goed, dêr is dus in oare foarm nedich, bygelyks ‘jin’ of ‘jim’.)

Wat hat it Frysk as mooglike wjergaders fan de Nederlânske genderneutrale foarnamwurden, yn ’e Nederlânske strategy (besteande foarnamwurden, nije betsjuttingen):

  • (Nl.) die > (Fr.) dy
  • (Nl.) hen > (Fr.) har/harren
  • (Nl.) diegene > (Fr.) dyjinge
  • (Nl.) diens > (Fr.) dy syn
  • (Nl.) hun > (Fr.) har/harren

En foar de Ingelske genderneutrale foarnamwurden, yn ’e Ingelske strategy (meartalsfoarm foar inkeldtal brûke):

  • (Ing.) they > hja/sy
  • (Ing.) them > (Fr.) har/harren
  • (Ing.) their > (Fr.) har /harren

De trochstreke foarms falle ôf as mooglike genderneutrale foarnamwurden fanwegen de froulike konnotaasje.

Mear mooglikheden yn it Frysk

Fryske skriuwers dy’t yn harren literêr wurk genderneutrale foarms brûkt hawwe, binne:

  • Joël Huitema/redaksje André Looijenga (Ensafh, nû. 2, 2016):
    • ‘hjy’, ‘hjer’ en ‘hjyn’/’hjyntes’, ‘hjersels’
    • strategy: nije foarms, mei ferwizing (troch de stomme h) nei in âldere taalfaze.
  • Friduwih Riemersma (neamt yn in net-publisearre artikel fan Matthieu Poot):
    • ser foar sy/hy/er
    • ir foar him/har
    • ires/irent foar sines/harres
    • strategy: nije foarms, troch gearlûken besteande foarnamwurden. Ferlykber mei de Frânske strategy.

Leksikografen neamden noch:

– ny (Klaai-útspraak: nij) foar ‘hy’/’sy’ en besitlik: nyntes/nines foar ‘sines’/’harres’ (Janneke Spoelstra, yn net-publisearre artikel Matthieu Poot), strategy: nije foarms, begjinnend mei de n fan neutraal. Ferlykber mei de Dútske strategy.

  • dy en sa’nes foar ‘hy’/’sy’ en fan sa’nes foar ‘syn’/’har’ (Liuwe Westra)

Hjirûnder binne de yn dit stik neamde Fryske opsjes byinoar fandele yn ien tabel:

Hoe no fierder?

By de Fryske Akademy is wilens in Advyskommisje Genderneutrale Foarnamwurden yn it libben roppen. Yn dizze Advyskommisje sil boppesteande ynventarisaasje fan mooglike genderneutrale foarnamwurden fierder besjoen wurde. Ynstânsjes as COC-Fryslân, Transgendergroepen yn Fryslân en Grins, en mooglik oaren, wurde oanskreaun om mei te tinken. Fansels wurdt ek oerlein mei de kollega-taalkundigen/-leksikografen fan de Fryske Akademy. Faaks dat der nei oanlieding fan dizze lêzing/dit stik noch wer oare mooglike genderneutrale foarnamwurden yn it Frysk nei foaren komme.

Hoe dan ek: der wurdt neat oplein. It giet om it ûndersykjen fan mooglikheden. En, yn it algemien: ferwiis allinnich mei genderneutrale foarnamwurden nei minsken, as dy sels oanjûn hawwe dat se sa oantsjut wurde wolle.

Voetnoten

1 https://onzetaal.nl/uploads/editor/hen-Jan_Erik_Grezel_okt2020.pdf.

2 https://erfgoed-fundaasje.nl/nijs/de-stichtingen-frysk-en-frij-en-erfgoed-fundaasje-opereare-genderneutraal/.

3 https://www.pnas.org/doi/10.1073/pnas.1908156116 (5 aug 2019).

4 https://www.lingohut.com/nl/v537853/turkse-lessen-persoonlijke-voornaamwoorden.

5 https://www.lingohut.com/nl/v537854/turkse-lessen-bezittelijke-voornaamwoorden.

6 Ut ‘Portret fan in reinbôgefamylje, “Ik fal oeral tusken, út en omhinne”’, Omrop Fryslân, 12 okt. 2021, yn ’e oanrin nei Rôze Sneon. Eins hie in bettere fraach fan ’e sjoernaliste west: ‘Hoe wolst dat wy nei dy ferwize?’ Of ‘mei watfoar foarnamwurden wolst oantsjut wurde?’

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Artikel, Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: genderneutrale voornaamwoorden, taalkunde

Lees Interacties

Reacties

  1. Goaitsen van der Vliet zegt

    6 oktober 2023 om 15:14

    Wêrom moat it sa yngewikkeld. Wat is der mis mei ‘dy’?

    Beantwoorden
    • L. zegt

      26 juli 2024 om 22:02

      It besitlik foarnamwurd is dan “dy syn” (wjergader fan “diens”) en dat docht fansels wer te bot tinken oan it manlike.

      Beantwoorden

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

5 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d