• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Digitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers

5 november 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

It rymwurdboek sa’t it ynkoarten op Frysker.nl te sjen wêze sil

De tiid fan dichtsjen en rymjen komt der wer oan as Sinteklaas ynkoarten foet oan wâl set. Yn it ferlet fan alle helpsinteklazen, hobbyrappers en aspirant-dichters wurdt no foarsjoen. Op sneintemiddei 12 novimber 2023, presintearret de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’. De presintaasje is om 15:00 oere yn Neushoorn oan it Ruterskertier te Ljouwert.

It rymwurdboek is in útwreiding fan Frysker.nl, it digitale skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. It rymwurdboek is streekrjocht te benaderjen fia Frysker.nl/rymje en fia rymwurdboek.nl.

Al langer hie de Fryske Akademy de winsk om wat mei rym te dwaan, mar dan wol op wittenskiplike basis. Der lei ek in ferlet yn de mienskip. Dat waard earder dit jier ferwurde yn in kollum fan Pieter Zijlstra yn de Leeuwarder Courant. Yn ‘e mande mei him en twa fan syn maten, Teun de Vries en Sweder Oosterkamp, is wurke oan in earste ferzje dy’t fan 12 novimber ôf troch elk brûkt wurde kin.

Hoe’t it wurket

It rymwurdboek is basearre op wurdlisten en fonetysk skrift, de wize wêrop’t klanken yn in taal fêstlein wurde. Nei it ynfieren fan in rymwurd, siket it wurdboek yn trije stappen nei wurden dy’t rymje.  As earste wurdt bepaald mei welk part fan it rymwurd socht wurde sil. Dat bart op basis fan it tal wurdlidden (lettergrepen), dêrby wurdt der ek rekken mei holden dat guon bylûden fuortfalle yn it fonetyske alfabet en mei stomme lûden. Dêrnei wurdt sjoen hokker wurden gelyk einigje kwa klank. As lêste wurde alle resultaten filtere en sortearre. It rymwurdboek sjocht dan nei hoe faak oft de wurden foarkomme, oft se ferâldere binne, en oft it foarkarsfoarmen binne of farianten. By it sortearjen wurdt earst groepearre op tal wurdlidden en dan oardere op suver rym of healrym, ynterne oerienkomsten, en op Frysk alfabet.

Healrym en takomstwinsken

It rymwurdboek wurket op basis fan standert-Frysk. Ek is it mooglik om nei ‘healrym’ te sykjen. Dan wurdt sjoen nei klanken dy’t ticht byinoar lizze, lykas ‘ii’ en ‘ie’ yn ‘priis’ en ‘Fries’. Mei de tiid hopet de Fryske Akademy it rymwurdboek better te meitsjen troch noch mear foarmen fan healrym te identifisearjen en dêrneist ek mear omtinken te jaan oan it ferskaat oan regionale útspraken.

Opjaan

Minsken dy’t graach fuortendaalk oan it rymjen wolle, binne fan herten wolkom by de presintaasje op sneintemiddei 12 novimber 2023. De tagong is fergees. Opjefte yn it foar – uterlik tongersdei 9 novimber 2023 – is wol needsaaklik. Dat kin mei in berjocht oan Eduard Drenth: edrenth@fryske-akademy.nl.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: Fryske Akademy, poezie, rap, rijm, Sinterklaas, woordenboek, wurdboek

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d