Noch krekt foardat Sinteklaas wer yn it lân oankaam, is der in rymwurdboek foar it Frysk ferskynd. It sil foar de âldman in útkomst wêze, mar ek foar syn helpers en al dy oaren dy’t har teksten yn rymfoarm op papier of skerm oerbringe wolle. Oant no ta moasten de Fryske rimelders it sûnder sa’n helpmiddel dwaan. Dat makke it rymjen net ûnmooglik – al dy steapels Fryske dichtbondels binne der in bewiis fan – mar sa’n wurdboek jout jin wol mooglikheden dêr’t men earst net op sind hie. Teminsten, ik hie sa gau net witten dat net allinnich hymje en lymje rymje op rymje, mar ek flymje, grymje, kymje, slymje, stymje, strymje, swymje, tymje en trymje.
My heucht noch dat Rients Gratama silger earder ek al ris om in rymwurdboek frege hat, en hy wie grif ek net de iennichste, mar de eare dat syn oantrún suksesfol west hat komt ta oan Pieter Zijlstra, kolomskriuwer mar ek rapper. Syn idee waard oppikt troch de Fryske Akademy, en in goed healjier letter koe it risseltaat op snein 12 novimber yn it Ljouwerter Neushoorn al presintearre wurde. Zijlstra sels en in pear maten ha meiholpen, al sil it measte wurk dien wêze troch Eduard Drenth fan ‘e Fryske Akademy.
It wurdboek is ûnderdiel fan it platfoarm Frysker, en dêrmei is it ek fergees tagonklik. As jo dêr kieze foar rymje of rymwurdboek, dan komme jo yn in sykskerm. Oan ‘e lofterkant steane in pear “knoppen” dy’t de sykrisseltaten selektearje of filterje. Boppeoan de knop “yndieling”, dêr’t mei keazen wurde kin foar in werjefte yn gewoane stavering of yn fonetysk skrift. Mei de knop “konfiguraasje” kin keazen wurde út it tal wurdlidden dat it rymwurd ha moat. Dan folget in knop “fonetysk sykje”. Dy smyt lykwols gjin oar risseltaat op as de meidieling “spitigernôch koene wy neat fine”, mei dêrboppen ek noch in grut fraachteken. Dat fraachteken ferskynde ek yn ‘e holle fan dizze brûker. En as men dan besiket om in antwurd te krijen troch de helpfunksje te rieplachtsjen, dan komt men ek net fierder as: “Wy wurkje noch oan de helpfunksje. Meikoarten op dit plak útlis en tips om noch mear út Frysker te heljen”. Net allinne dat it rymwurdboek noch gjin helpfunksje hat, dat hiele platfoarm Frysker moat it der dus ek noch altyd sûnder dwaan! En dat wylst dat dochs ek al wer in pear jier yn ‘e loft is. Nuver, nuver.
Oant ik betocht dat je mooglik in fonetyske notaasje yn it sykskermke ynfolje moatte. En yndied, tik dêr hamr yn en jo krije kreas de hiele brot dy’t by de stavering hammer heart. Allinnich, hoe krije we fonetyske tekens as ɔ of ə yn dat sykskerm? Dat, dochs noch mar even wachtsje oant dy helpfunksje klear is.
We geane fierder mei in ôfdieling “sjen litte”. Dy bestiet út fjouwer ûnderknoppen. Mei de earste kinne je selektearje hoefolle wurdlidden it rymwurd ha moat. Dat giet hast altyd goed, mar net altyd. By rymwurden foar balke stiet yn it skift mei trije wurdlidden teminsten ek it wurd poeiermolke, en nei tellen en wertellen hat dat dochs wier fjouwer. It part poeier hat tusken de p en de r inkeld fokaalletters, miskien hat dêrom de programmatuer dat as ien wurdlid teld? Ik tink oars dat de measte brûkers standert de opsje “alle lettergrepen” oansette sille, want de presintaasje dêrfan is al helder genôch. Njonken it tal wurdlidden kinne jo ek selektearje op wurdsoarte; soks is oars wol beheind ta de trije haadsoarten: haadwurd, tiidwurd en eigenskipswurd.
Mei de foarlêste knop kinne “minder brûkte wurden” op it skerm weilitten wurde. In foarbyld rymjend op balke is bygelyks wytbekalke. Hjir sil op ‘e eftergrûn wol in frekwinsjelist syn wurk dwaan; men mei yndie wol oannimme dat wytkalke yn ‘e list mei trije wurdlidden yndied faker foarkomt as dat wytbekalke. Mar it is dan wol wat apart dat rymwurden sûnder oanset sa’t it liket standert by de “minder brûkte wurden” yndield wurde. Wurdsjes as yn, oan of ûnder hearre yn it taalgebrûk ommers mei ta de frekwintsten.
Dy list fan minder brûkte wurden wurdt fierders foar it grutste part beset mei gearsettings. En dêr spilet wol in lyts probleem. Want wat is eins rym? Neffens Cees Buddingh’ syn Lexicon der poëzie (1968), dat ik noch by my yn ‘e kast fûn, is dat “gelijkheid (overeenkomst) in klank tussen de beklemtoonde eindlettergrepen (…)”. It giet my hjir om dy klam. No ha de measte gearsettings de klam op it earste lid, en dus net op dy “eindlettergreep”. Dat balke yn it Frysk rimet op molke, dat sil net ien ûntstride. Mar rimet balke ek op kofjemolke? Yn ‘e klassike opfetting tinkt my fan op ‘en bêsten wat knoffelich. Dochs hat it rymwurdboek sokke gearsettings allegearre fleurich opnaam. Ik tink úteinliks ek wol mei rjocht en reden: sa kin de brûker sels mar oardielje hoe reklik of persiis oft er krekt wêze wol. En guon rûnten, bygelyks dy fan ‘e rappers, binne grif ek rekliker as klassike dichters.
In bytsje fan dizze problematyk skûlet ek ûnder de lêste knop, dy fan it “healrym”. It giet dêrby meast om lûden dy’t krekt net idintyk binne oan it rymwurd. In foarbyld by balke is bewolke, dat weilitten wurdt as men dizze knop útset. Reden is fansels it koarte lûd [ɔ] foar [o] oer. En by skiep kinne piip en liip sa net meidwaan omdat se net in twilûd mar in lang lûd sjen litte. De knop “healrym” stiet no standert op oan. Dat mei om my wol omdraaid wurde: as jo rymje wolle, dan sykje jo dochs yn earste ynstânsje op in fol rymwurd. As der dan noch neat fan jins gading by is, dan kinne byneed de swetten nochris wat wider útlein wurde.
As jo in kompûter syn wurk dwaan litte, dan slacht dy yn syn konsekwintens soms ek wolris wat troch. Sa jout it wurd ko mar leafst 23331 rymwurden, alteast neffens dyselde kompûter. Njonken do (it foarnamwurd en de fûgel) en in espeltsje frjemde wurden as buro en depot binne dat allegearre tiidwurdfoarms mei datselde foarnamwurd as klitik. De rige begjint by aadbjindesto en hâldt op by ferdutsto. Mar dan ha we pas 5900 rymwurden te pakken, en mear krije we ek net te sjen. “Brûk faaks in langer wurd”, suggerearret it skerm, dat syn nocht der blykber ek ôf hat.
De presintaasje fan ‘e rymwurden is in bytsje apart. Dy bart yn trije kolommen en is neffens it abie. Mar ynstee fan dat jo dy kolommen dan natuerlikwei fan boppen nei ûnderen lêze, giet de alfabetyske folchoarder hjir fan lofts net rjochts, dus al hippend fan ‘e iene kolom nei de oare. It is oars ek mar de fraach oft dy klassike alfabetyske folge der wol safolle ta docht yn in rymwurdboek. It is ek te oerwagen om it skiftsjen alfabetysk krekt fan efteren nei foaren operearje te litten, dus as yn in omkearwurdboek. Soks soe foar rimelders ommers noch wol sa wichtich wêze kinne. By balke soene sa de ferskillende soarten molke (kofjemolke, flessemolke, geitemolke, komolke, ensfh.) kreas byinoar komme te stean, en as de dichter wat mei molke wol, dan kin er mar takieze. Sa’n opsje liket my in ekstra knop wurdich.
In moaie ekstra fasiliteit is dat der op ‘e oanbeane rymwurden klikt wurde kin, om sa by de ynformaasje te kommen dy’t oarsearne yn Frysker besletten leit. Al rint men dan wolris stomp. By rymwurden op drok lykas fjirdertsjok, foarwjok, giselwjok of gongonmok soe men wol graach witte wolle wêr’t men dêr mei te krijen hat. “Spitigernôch koene wy neat fine”, is dan steefêst it antwurd. Dêr’t wol de foarsichtige konklúzje út lutsen wurde kin dat der foar dit rymwurdboek ek oare listen brûkt wêze moatte as inkeld deselden dy’t ferarbeide binne yn Frysker. Der binne bygelyks ek plaknammen opnaam – de makkers fan limericks soene ek net sûnder kinne. Sa kaam ik by hommels it doarp Wommels tsjin. En hast smiet de persoansnamme Karst op.
It rymwurdboek jout aldergelokst ek bûgingsfoarmen wer, en dat is ek hiel goed slagge, nettsjinsteande dat sokke foarmen net ien twa trije út in wurdlist helle wurde kinne. By rymwurden foar himd krije we bygelyks klimt, stimt en swimt, en ek mulwurden as stimd, slimd en klimd, dat lêste fan klimme, Nederlânsk ‘klemmen’. De foarm *nimd mist mei rjocht, omdat nimme ommers in sterk tiidwurd is. Oan in foarm as slimd kin men oars ôfnimme dat njonkenfoarmen yn wurdboeken likegoed meinommen binne; it WFT hat de fariant slimje as haadlemma. Wat minder gebrûklike bûgingskategoryen, lykas bygelyks de partitive genityf, binne ek net oerslein. Sa kaam ik by it rymwurd hommels de foarm (wat) nommels tsjin. Knap is dat sels bûgingsfoarmen goed neisjoen binne op har wiere útspraak. It wurd bot smiet ûnder oare de tiidwurdfoarms docht en fljocht op, omdat dy almeast útsprutsen wurde as [dot] en [fljot]. En by de bûgingsfoarms hat it rymwurdboek ek each foar dialektyske fariaasje. Sa fine we dêr ek it noardeastlike stot (fan stean) en trochgot (fan trochgean), mar dan nuvergenôch wer net inkeld got. En by rymwurden foar bon krije we sa de ek al noardeastlike foarm gon (fan gean), it súdlike ron (fan rinne) en ston (fan stean), mar dat lêste kin as notiid ek wer noardeastlik wêze.
Dan no de fraach hoe goed oft it rymwurdboek is yn syn rymjende funksje. Om dat te ûndersykjen haw ik nei in pear lûdferskynsels sjoen dy’t de Fryske stavering net al te krekt ôfdekt. Nim bygelyks it oe-kompleks, dat koart, lang of twilûdich wêze kin. Dêr giet it op it earste each knap. It wurd tûk jout kreas staveringen mei û (prûk, smûk) en ek mei oe (broek, snoek). Dêrfoaroer hat de sterke doetiid loek mei syn lang lûd wol spûk as rymwurd, mar net boek (de beam). Miskien omdat deselde stavering boek, mar dan steande foar in koart lûd, ek ferwize kin nei dat bekende papieren objekt? Soms jout it rymwurdboek ek tefolle. Lykas doarpskroech as rymwurd foar skoech. It wurd kroech hat by myn witten altiten al koart west, wat ek befestige wurdt troch de fonetyske notaasje yn it WFT. It grûnwurd kroech sels wurdt nammers ek net opjûn, en oarsom krijt kroech yn it sykskerm gjin rymwurd skoech, dat dy hiele doarpskroech sil in fersin wêze.
In oar lestich mêd is dat fan it staveringsteken o, dat as koart lûd foar sawol [ɔ] as [o] stean kin. En dan ha jo foar dintalen ek noch it teken a dat as [ɔ] útsprutsen wurdt. Dat lêste giet meast sûnder mankearen: foar lot wurde ek rymwurden as gat, klad, plat ensfh. opjûn, en oarsom is ek gjin probleem. Hoewol, hast (mei in [a]) jout ek past en krast, en dy tiidwurdfoarms wurde dochs wier mei in [ɔ] útsprutsen. En by de beide lûden foar dat iene staveringsteken o is de boel ek net hielendal wetterticht. By lok, dat twa útspraakmooglikheden hat, neffens dat it in stikje hier of in tastân fan loksilligens oantsjut, wurdt inkeld dy mei [ɔ] honorearre, dat ek befestige wurdt troch de yndielingsknop op “mei útspraak” te skowen. En dat wylst generaasjes dichters op it [lok] rime hawwe! Dat hiele lokkige lok skynt sels opdoekt te wêzen, as jo bok yntikke krije jo it ek net werom (mar wol gelok en ûngelok). It lûd [o] hat it dus dreech, want inselde patroan sjogge we by sok, dat ek twa fonetyske werjeften hat. By yntikjen moat it oanwizend foarnamwurd [sok] it ek wer belije, ten koste fan it fuotark. Dat sok [sok] komt ek net foar it ljocht as men bygelyks rymwurden foar drok freget. It liket der dus op dat it systeem wat yn ‘e tiis rekket as ien stavering foar mear útspraken stean kin. Soks seagen we hjirboppe ek al by de beide mooglike útspraken fan boek.
As lêste woe ik sjen nei letters dy’t wol skreaun mar net útsprutsen wurde. Bekende gefallen binne de r (dy’t weifalt foar in dintaal bylûd) en de t (foar de kloft –st). As we wer nei it bywurd hast freegje, dan krije we kreas foarmen as barst en farst werom, en nota bene ek sa’tst, wylst men jin yntinke kinne soe dat in kompûter senuweftich wurdt fan dat skrapke. De kombinaasje fan in weifallen r en t giet ek treflik: swartst en apartst. Ja, sels in seldsume weifal as yn slachst wurdt meinaam. Oarsom is it systeem der ek op beret as de r foar in dintaal inkeldris al stean bliuwt. In bekend foarbyld út ‘e fakliteratuer is sport. Dat jout allinnich de rymwurden fort en fjord, en noch in pear oare frjemde wurden as ressort en retort, yndied allegearre mei in útsprutsen r. Mar by fytst, dat wol mei in folle einkloft [tst] útsprutsen wurdt, giet it mei rymwurden as dryst en tryst dan dochs mis.
By it weifallen fan ‘e r fûn ik oars noch wol wat aparts. As jo by it sykwurd hast de ûnderste knop oprekke nei it tastean fan healrym, dan wurde ynienen ek wurden as boarst, foarst en woarst meirekkene, en mei in ekstra weifallen t ek noch koartst en stoartst. Wylst dy allegearre foar myn gefoel wol folút rymje op hast. No ha wy hjir wol te krijen mei gefallen fan brekking, dat mooglik wurdt it opgeande twilûd as in oare fokaal rekkene as dy koarte a. Alteast, dêr liket it op: it wurd fuort jout ek gjin rymwurd bot, en oarsom bart dat ek net, hjir sels net as it sykjen ferbrede wurdt ta healrym. Mar it idee dat de oast yn dy opgeande twilûden sit, liket dochs net hielendal op te gean. Want as dy mei in j begjinne, dan is der neat te rêden. Peallen krijt fleurich de rymwurden tellen en fellen, en stientsje hat sintsje en tintsje.
Der sitte dus hjir en dêr noch wol wat bonkjes yn it rymwurdboek. Hooplik kinne dy der ynkoarten noch út helle wurde. Ek dêrom is it moai dat dit produkt op it ynternet publisearre is; by in útjefte yn boekfoarm hiene jo oant in twadde printinge wachtsje moatten, en wannear komt dy, alhiel yn in lytse merk as de Fryske? Want oer it ginneraal kin men net oars as ynnaam wêze mei wat hjir yn mar in heal jier tiid allegearre ta stân brocht is. Dêr kin de pet (of de miter) wier wol foar ôf.
Eduard Drenth zegt
Dizze yngeande analyze fan de rymfunksje yn frysker hat ús prachtich holpen om guon saken te ferbetterjen. De meast nijsgjirrige ferbetteringen set ik hjir op in rygje. Koarte en lange oe (u,uː) wurde no net mear as rymjend beskôge (in dichter soe dat miskien dochs al wolle), “u̯o” en “o” wurde no as rymjend beskôge, rymje mei “o”, “ɔ” en “ɔː” giet no better en it telle fan tal wurdlidden is ferbettere. Fierder is de poging om de `bêste` rymwurden boppeoan te krije sterk ferbettere, ek binne de skerms ferbettere en der is no help, wêrfan wy hoopje dat dy helpt.
Eduard Drenth zegt
Fansels ek nijsgjirrich is wat wy net adressearre hawwe. De klam fan wurden wurdt noch net meinommen, dat freget noch in flinke slach, fierder kin de oplossing noch net hiel goed omgean mei bylûden, bygelyks “aaiber” rimet op “eider”, mar dat komt der net út. De fonetyk en it tal wurdlidden fan Ingelske wurden kloppet faak net, dat is ek noch in flinke útdaging. Siebren neamde noch dat soms by klikjen op in resultaat it fraachteken ferskynt, de achterlizzende reden is dat wy der foar keazen hawwe om by it rymjen safolle mooglik sjen te litten, ek resultaten sjen te litten dy’t noch net neisjoen binne, yn de oare funksjes wurde dizze derút filtere. Genôch winsken oerbleaun…
Eduard Drenth zegt
En dit kin ek helpe: https://ipa.typeit.org/full/