Noflik is in populêr Frysk wurd: der is in restaurant dat sa hjit, je kinne op in boxspringbêd ‘noflik’ lizze en der is sels in skjintmesalon mei dy namme. Je kinne je noflik deljaan, it is earne noflik en gesellich, it klimaat is dêr noflik, je fiele je noflik en it selskip is noflik.
Noflik is sa’n ‘echt’ Frysk wurdt en dêrom wurdt it maklik brûkt as pseudo-frisisme: ‘wat liggen wij hier noflijk op ons nieuwe boxspring.’ Noflik kaam earder ek wol as ‘nochlik’ foar. Oan dy ch is te sjen dat it te meitsjen hat mei ‘nocht’ en dat kin wer ferbûn wurde mei Nederlânsk ‘geneugt, genoeglijk’. Noflik kin oerset wurde mei ‘genoeglik’: wy sieten dêr noflik – ‘wij zaten daar genoeglijk’. Noflik kin ek mei ûntkenning brûkt wurde: ik fiel my neat net noflik, mar dat docht neat ôf oan it feit dat noflik in noflik wurd is.
Laat een reactie achter