Op it stasjon fan Ljouwert hinget in plakette mei de tekst: “De minsken wolle ornaris wêze hwer’t se net binne”. Dat wurd “ornaris” sjocht der net sa Frysk út. It betsjut sokssawat as “meastentiids, gewoanwei, yn ’e regel”. Nei alle gedachten is it in Latynsk lienwurd, ordinarius, dat al in pear iuwen yn it Frysk meidraait en sadwaande moai ferfryske is ta ornaris. It is besibbe oan it (net al te) Nederlânske ordinair, mar hat dy betsjutting fan “plat” net. Op dat mêd liket it wol wat op it Nederlânske gemeen, dat sawol “gewoan, algemien” as “min, leech” betsjutte kin.
Laat een reactie achter