Op dit stuit wurdt wurke oan de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 (BFTK). De foarige edysje is jildich fan 2019 oant 2023 (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân, 2018). Neffens de ‘âlde’ BFTK is in útgongspunt dat it Ryk en Provinsje der tegearre op lange termyn foar soargje dat op alle ûnderwiisnivo’s en yn de lange learline – fan pjut oant promovendus – de goede rânebetingsten kreëarre wurde foar ûnderwiis fan it Frysk (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân, 2018). De ambysje foar 2030 is dat Frysk fanselssprekkend is as omgongstaal en ynstruksjetaal yn alle ûnderwiis (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân, 2018). ‘Fanselssprekkend’ betsjut yn dy kontekst dat it sjoen wurdt as weardefol foar de praktyk en net primêr as ferplichte.
It Frysk op skoallen tsjinnet dus neffens de BFTK in praktysk belang, omdat it bern tariedt op it gebrûk fan Frysk yn de mienskip (Jonkman & Riemersma, 2015). It Frysk wurdt deistich brûkt troch learlingen, op skoalle en bûten skoalle (Jonkman & Riemersma, 2015). In lytse groep learlingen yn Fryslân makket gebrûk fan spesjaal basisûnderwiis en it spesjaal fuortset ûnderwiis. Spesjaal ûnderwiis heart ta fundearjend ûnderwiis en dêrfoar moat de basisynfrastruktuer op oarder wêze (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân, 2018). De basisynfrastruktuer is mooglik kadere yn belied en regeljouwing fan Ryk, Provinsje en gemeenten.
Foar learlingen op it spesjaal ûnderwiis is it wichtich dat op harren skoalle Frysk oanbean wurdt en dat der útfiering jûn wurdt oan de basisynfrastruktuer, lykas bedoeld yn de BFTK: les- en learmaterialen, oplieding fan dosinten, learlingefolchsysteem en tafersjoch fan de ynspeksje. Yn it spesjaal ûnderwiis hat der oant no ta net in soad omtinken west foar it Frysk (Taalplan Frysk 2030, 2021). Omtinken foar de memmetaal yn it ûnderwiis hat lykwols in posityf effekt op de sosjale en emosjonele ûntjouwing fan de learlingen, lykas harren taalûntjouwing (Taalplan Frysk 2030, n.d.-b). In grut diel fan de learlingen dy’t nei it spesjaal ûnderwiis geane, bliuwe letter yn Fryslân te wenjen en fine dêr wurk (Taalplan Frysk 2030, n.d.-b). It is dêrom fan belang dat Frysk in sichtber en werkenber plak ynnimt op sawol it primêr as fuortset spesjaal ûnderwiis. Om it yn de praktyk safier te krijen, moat de regeljouwing op oarder wêze. Dat leveret de folgjende fraach op: Yn hoefier beynfloedet ynternasjonaal, nasjonaal en regionaal belied en regeljouwing it opnimmen fan de Fryske taal yn it spesjaal ûnderwiis?
Spesjaal ûnderwiis is ûnderdiel fan de sektor ‘primêr en fuortset ûnderwiis’. It is in foarm fan ûnderwiis foar bern dy’t in koartere of in langere tiid ekstra ortopedagogyske en ortodidaktyske help nedich binne (Wet Op De Expertisecentra, 2023). Der binne yn Fryslân tsien skoallen foar primêr spesjaal ûnderwiis en alve skoallen foar fuortset spesjaal ûnderwiis dy’t ûnder de Wet op de Expertisecentra falle (Taalplan 2030, 2021). Yn skoallen dy’t spesjaal ûnderwiis oanbiede yn Fryslân, wurdt de taaleftergrûn fan learlingen yn de measte gefallen net systematysk ynventarisearre, wylst dy wol deeglik fan belang is foar de begjinsitewaasje fan it learen troch learlingen. Fan de 15 skoallen, sawol basisûnderwiis as fuortset ûnderwiis, dy’t meidiene yn it ûndersyk fan de Ynspeksje fan it Underwiis (2009) hâlde trije skoallen de taaleftergrûn fan de learlingen systematysk by. De oare skoallen geane ôf op persoanlike yndrukken. Dêr kaam út dat yn 2009 op 43% fan de skoallen tusken de 50 en 75% fan de learlingen Frysk as thústaal hie. Op 36% fan de skoallen waard troch 30 oant 50% fan de bern thús Frysk praat en op 31% fan de skoallen lei it persintaazje Fryskpratende learlingen tusken de 10 en de 30%. Der wie ien skoalle dêr’t minder as 10% fan de bern Frysk prate. Der wiene gjin skoallen mei nul learlingen dy’t thús Frysk prate. It Frysk is dus in net út te flakken thústaal fan de bern op it spesjaal ûnderwiis.
Ut ûndersyk fan de Ynspeksje fan it Underwiis (2009) kaam fierder dat op minder as de helte fan de skoallen foar spesjaal ûnderwiis Frysk in rol spilet. Op skoallen dêr’t Frysk al brûkt wurdt, wie dat Frysk as omgongstaal, as terapytaal by logopedy en yn spesifike pedagogyske situaasjes. It Frysk wurdt soms ek brûkt as oansprektaal of as ynstruksjetaal. Der binne trije skoallen foar spesjaal basisûnderwiis dy’t in taalbelied ha der’t it Frysk eksplisyt yn beneamd wurdt. Oer it algemien wurdt it Nederlânsk brûkt as fiertaal op skoallen foar spesjaal ûnderwiis, sawol basis as fuortset ûnderwiis. De Fryske taal is foaral te hearren yn de ynformele omjouwing, bygelyks yn ynformeel kontakt mei learlingen en âlden. It Frysk is dus net sichtber as taal yn it spesjaal ûnderwiis en gebrûk derfan is net formalisearre yn belied. De fraach is hoe’t belied en regeljouwing foar spesjaal ûnderwiis derút sjocht op ynternasjonaal, nasjonaal en regionaal nivo, omdat dit ynfloed hat op de praktyk.
Ynternasjonaal belied
By it besjen fan ynternasjonaal ûnderwiisbelied oangeande minderheidstalen yn it ûnderwiis is it ‘Europeesk Hânfêst foar Regionale talen of talen fan Minderheden’ liedend (Council of Europe, 2023). It Nederlânske Ryk hat it Hânfêst ratifisearre foar it Frysk. It doel fan it Hânfêst is om gebrûk fan minderheidstalen en regionale talen te boargjen op it gebiet fan ûnderwiis en media, en it gebrûk fan minderheidstalen mooglik te meitsjen yn it ekonomyske en sosjale libben, kulturele aktiviteiten en yn rjochterlike en bestjoerlike konteksten. Yn it Hânfêst stiet dat ûnderwiis yn de minderheidstaal beskikber wêze moat op meardere nivo’s fan ûnderwiis, nammentlik yn foarskoalsk ûnderwiis, basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, technysk en beropsûnderwiis, folwoeksene-ûnderwiis, heger ûnderwiis en universiteiten (Council of Europe, 2023). De manier wêrop’t de taal oanbean wurdt, ferskilt per ûnderwiissektor. It is dêrby ek wichtich dat der ek ûnderwiis jûn wurdt oan dosinten om sa de kwaliteit fan it ûnderwiis te boargjen. Dêrneist skriuwt it Hânfêst foar dat ûnderwiis jûn wurde moat oer de skiednis en kultuer fan, yn dit gefal Fryslân, omdat in taal net ‘los’ bestiet. Elke taal stiet yn ferbining mei in eigen skiednis en spesifike tradysjes (Council of Europe, 2023). De ‘Committee of Experts of the European Charter for Regional or Minority Languages’, dy’t om de fjouwer jier in rapportaazje útbringt oer hoe’t de oerheden har hâlde oan it Hânfêst, komt yn 2022 ta de konklúzje dat Frysk sichtber is op meardere nivo’s yn it ûnderwiis, mar dat der tekoartkommingen binne, benammen yn it basisûnderwiis (Committee of Experts of the European Charter for Regional or Minority Languages, 2022). Opfallend is dat it spesjaal ûnderwiis net spesifyk neamd wurdt yn it Hânfêst en net yn de rapportaazjes fan de Committee.
Neist it ‘Europeesk Hânfêst foar Regionale talen of talen fan Minderheden’ hat it Ryk ek it ‘Europeesk ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden’ tekene en ratifisearre yn 2005 (Provinsje Fryslân, 2021). Dêr stiet yn dat persoanen dy’t ta in minderheid hearre, lykweardich binne oan leden fan dominante groepen. It Ryk moat dy basis behâlde en boargje. As it op ûnderwiis oankomt, moat der tolerânsje en begryp wêze foar de taalminderheid yn de klasse (Kaderverdrag Inzake De Bescherming Van Nationale Minderheden, 1995). It Ryk moat aktyf dwaande wêze yn it ûnderwiis om kultuer, skiednis, taal en religy te stimulearjen. Underwiis yn de minderheidstaal moat mooglik makke wurde as dêr genôch fraach nei is, en der moatte gelikense kânsen foar tagong ta it ûnderwiis kreëare wurde op alle skoalnivo’s (Kaderverdrag Inzake De Bescherming Van Nationale Minderheden, 1995). It spesjaal ûnderwiis wurdt net spesifyk beneamd.
Nasjonaal belied
Yn it nasjonale belied wurdt Frysk yn it spesjaal ûnderwiis wol beneamd. Skoallen foar spesjaal ûnderwiis binne dêr nammentlik net ta ferplichte neffens de WEC (Wet op de Expertise Centra). Yn de WEC stiet dat de skoallen dy’t spesjaal ûnderwiis biede yn de Provinsje Fryslân, gjin Frysk hoege te brûken of as skoalfak oan hoege te bieden, mar dat sy ûnderwiis yn it Frysk ynfolje kinne sa as sy dat wolle (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijkrelaties, 2010).
It Ryk en de Provinsje Fryslân drage mienskiplik soarch foar it Frysk. Dat wurdt dien troch ôfspraken te meitsjen oer de fyzje op langere termyn yn de ‘Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer’ (BFTK) (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân, 2018). Yn de BFTK 2019 oant 2023 stiet dat Frysk yn it kurrikulum stean moat en dat it brûkt wurde moat as omgongstaal- en ynstruksjetaal op skoallen. Fan 2030 ôf kinne reguliere skoallen gjin ûntheffingen mear krije foar it fak Frysk. Dat jildt net foar it spesjaal ûnderwiis, omdat it spesjaal ûnderwiis al net ferplichte wie om Frysk op it nimmen yn it ferplichte kurrikulum, neffens de WEC. Yn de BFTK stiet dat foar spesjaal ûnderwiis ynventarisearre wurde moat wêr’t it ferlet leit oangeande it taalbelied en útfiering dêrfan.
Regionaal belied
De Provinsje sprekt de winsk út dat der mear omtinken komt foar Frysk yn it spesjaal ûnderwiis (Taalplan Frysk 2030, 2021). Yn ‘Taalplan Frysk 2030’ (2018) stiet dat der op alle skoallen dy’t ûnder de WEC falle en yn it Frysk taalgebiet lizze, omtinken jûn wurde moat oan Frysk (Taalplan Frysk 2030, 2021). Alle bern yn Fryslân moatte de kâns krije om it Frysk te learen as memmetaal of as ekstra taal (Taalplan Frysk 2030, n.d.-b). Yn Taalplan 2030 wurket de Provinsje Fryslân gear mei ûnderwiisstipe-organisaasjes as Cedin en Semko dy’t skoallen dêrby helpe (Onderwijsbureau Semko, 2023). Alle skoallen kinne ek subsydzje oanfreegje om de posysje fan it Frysk op har skoalle fuort te sterkjen, dus ek spesjaal ûnderwiis skoallen (Provinsje Fryslân, 2023; Taalplan Frysk 2030, n.d.-b). It jild kin brûkt wurde foar skoalling, neiskoalling, les- en lêsmateriaal, kultueredukaasje en ekstra ynset fan meiwurkers en learkrêften/dosinten (Provinsje Fryslân, 2023). Karakteristyk foar Taalplan is de ‘skoalstiper’, dy’t skoallen helpt mei it formulearjen fan doelen en it útfieren derfan (Taalplan Frysk 2030, n.d.; Taalplan Frysk 2030, n.d.-b). It is wichtich dat per skoalle sjoen wurdt nei ambysjes, omdat maatwurk nedich is (Taalplan Frysk 2030, 2021). Taalplan Frysk 2030 (2021) jout inkelde foarbylden om Frysk yn it spesjaal ûnderwiis te stimulearjen. Sa is der alle jierren in kongres, Fierder mei Frysk, foar dosinten yn it (spesjaal) fuortset ûnderwiis (Taalplan Frysk 2030, n.d.-c). Learkrêften en dosinten kinne ek meidwaan oan de kursus ‘Klasse Frysk’ (Taalplan Frysk 2030, 2021). Foar learlingen op it spesjaal ûnderwiis is der sawol fysyk as digitaal lesmateriaal, bygelyks yn de learmetoades fan Spoar 8 en Searje 36 (Taalplan Frysk 2030, n.d.-c). Skoallen kinne meidwaan oan meardere aktiviteiten, lykas SjONG (junior), FeRstival, it Grut Frysk diktee en it Lyts Frysk diktee (Taalplan Frysk 2030, 2021). Al dy inisjativen binne ek beskikber foar bern yn it spesjaal ûnderwiis. Op dy manier wurdt regionaal útfiering jûn oan de basisynfrastruktuer dy’t neamd wurdt yn de BFTK.
Op regionaal gebiet wurdt ek ynput jûn troch de Feriening Frysk Underwiis (FFU), dy’t him sterk makket foar de posysje fan it Frysk yn it (spesjaal) ûnderwiis (Feriening Frysk Underwiis, 2000). Dy organisaasje wol dat de kearndoelen foar de Fryske taal en kultuer gelyk binne oan de kearndoelen Nederlânsk, yn it basis-, fuortset en spesjaal ûnderwiis. Neffens de feriening wolle de Provinsjale Steaten dat ek (Feriening Frysk Underwiis, 2000). Dêrneist wol de FFU dat in part fan de fakken jûn wurdt yn it Frysk, op sawol it basis-, fuortset en spesjaal ûnderwiis. Sa soene alle skoallen twa- of meartalich wurde.
Konkludearjend kin sein wurde dat Frysk yn it spesjaal ûnderwiis net hoecht, mar wol mei. It Europeesk Hânfêst foar Regionale talen of talen fan Minderheden jout oan hoe’t it Frysk yn it ûnderwiis sichtber wêze moat, mar beneamt it spesjaal ûnderwiis net eksplisyt. Nasjonaal is fêstlein dat it spesjaal ûnderwiis ûnder de Wet op de Expertise Centra (WEC) falt en dus gjin ferplichtingen hat om Frysk in plak te jaan yn in ûnderwiis, mar wol de mooglikheid hat. Op nasjonaal nivo wurdt gearwurke mei de Provinsje Fryslân. De ôfspraken oer it Frysk steane yn de BFTK en dêr hat it spesjaal ûnderwiis noch gjin eksplisyt plak yn. De Provinsje wol troch Taalplan Frysk 2030 (2021) dat it Frysk yn it spesjaal ûnderwiis mear plak krijt en sichtberder wurdt. Wichtich om by stil te stean is dat it spesjaal ûnderwiis beskôge wurde kin as in sektor yn it ûnderwiis. Ofspraken oer it ûnderwiis soene dan dus ek jilde foar it spesjaal ûnderwiis. Op dit momint is it net altyd dúdlik of de ôfspraken jilde foar spesjaal ûnderwiis en wurdt ek it ûnderskied tusken primêr en fuortset spesjaal ûnderwiis faak net eksplisyt beneamd.
Yn de takomst sil ûndersyk dien wurde moatte nei hokker plak it Frysk hat yn de deistige praktyk fan it spesjaal ûnderwiis. It ûndersyk fan de Ynspeksje fan it Underwiis datearret út 2009/2010, dus sil yn de kommende jierren op ‘e nij útfierd wurde moatte. Dêrby sil goed sjoen wurde moatte nei it gebrûk fan de begripen ‘spesjaal ûnderwiis’, ‘spesjaal basisûnderwiis’ en ‘spesjaal fuortset ûnderwiis’, omdat dy no gauris trochinoar brûkt wurde. Yn de BTFK sil ek opnaam wurde moatte hokker ôfspraken der binne oer Frysk yn it spesjaal ûnderwiis. De winsken en it ferlet fanút it spesjaal ûnderwiis sille fierder ûndersocht wurde moatte foardat ymplemintearjen fan taalbelied yn de skoalpraktyk mooglik is en dy ek kontrolearber wurdt troch bygelyks de ynspeksje. Der moat noch hurd wurke wurde, sadat elkenien de mearwaarde fan Frysk yn it spesjaal ûnderwiis ynsjocht en belied droegen en realisearre wurde kin. Mooglik kin op termyn ek de ynternasjonale en nasjonale wet- en regeljouwing oanpast wurde oan regionaal belied yn Fryslân dy’t wat spesjaal ûnderwiis oangiet wat foaroprint.
Dörte Gezelle Meerburg is studinte oan de RUG/Campus Fryslân, dêr’t se de Master Multilingualism folget.
Boarnelist
Committee of Experts of the European Charter for Regional or Minority Languages. (2022). Seventh evaluation report on The Netherlands. Council of Europe. Ynsjoen op 17 oktober 2023, fan https://rm.coe.int/netherlandsecrml7-en/1680aa8930
Council of Europe. (2023). European Charter for Regional of Minority Languages. Yn: Council of Europe (Collected texts 3rd edition). Ynsjoen op 10 oktober 2023, fan https://rm.coe.int/collected-texts-charter-3e-edition-gbr/1680acca81
Feriening Frysk Underwiis. (2000). Lykweardigens en lykberjochtiging yn it ûnderwiis. Yn: Feriening Frysk Underwiis. Ynsjoen op 12 oktober 2023, fan https://www.ffu-frl.eu/FFU.propstikgrutlykwenlykber.pdf
Inspectie van het Onderwijs. (2009). Tusken winsk en wurklikheid. Ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap. Ynsjoen op 12 oktober 2023, fan: https://www.onderwijsinspectie.nl/documenten/rapporten/2010/11/24/tussen-wens-en-werkelijkheid
Jonkman, R., & Riemersma, A. (2015). De heterogene taalsituatie en het meertalig onderwijs in Friesland. Levende Talen Magazine, 102(7), 20–24. https://www.lt-tijdschriften.nl/ojs/index.php/ltm/article/view/1525
Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden. (1995). Ynsjoen op 23 oktober 2023, fan: https://wetten.overheid.nl/BWBV0001714/2005-06-01#Citeertitel
Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân. (2018). Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer. Ynsjoen op 17 oktober 2023, fan: https://open.overheid.nl/documenten/ronl-5295a6b9-6cfa-422c-8ed3-db38eeefe9da/pdf
Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijkrelaties. (2010). Fries in het onderwijs: meer ruimte, regie en rekenschap voor de provincie Fryslân. Ynsjoen op 10 oktober 2023, fan: from https://www.tweedekamer.nl/downloads/document?id=fa553b6e-5a30-47f3-925c-fe013abf961f&title=Fries%20in%20het%20onderwijs%3A%20meer%20ruimte%2C%20regie%20en%20rekenschap%20voor%20de%20provincie%20Frysl%C3%A2n.pdf
Onderwijsbureau Semko. (2023). Taalplan Frysk – Semko onderwijsbureau. Semko Onderwijsbureau. https://www.semko.nl/meer-weten-over/taalplan-frysk/
Provinsje Fryslân. (2021). Beskerming fan de Fryske taal. Fryslan. Ynsjoen op 23 oktober 2023, fan: https://www.fryslan.frl/fy/Beskerming-fan-de-Fryske%20taal
Provinsje Fryslân. (2023). Frysk foar no en letter 2021-2024. Fryslan. Ynsjoen op 23 oktober 2023, fan: https://www.fryslan.frl/fy/fryskfoarnoenletter
Taalplan Frysk 2030. (n.d.-b). Schoolbezoeken in het speciaal onderwijs – Taalplan Frysk 2030. Ynsjoen op 20 oktober 2023, fan: https://taalplan.frl/nl/onderwijssectoren/speciaal-onderwijs/schoolbezoeken-in-het-speciaal-onderwijs/
Taalplan Frysk 2030. (n.d.-c). Speciaal onderwijs – Taalplan Frysk 2030. Ynsjoen op 20 oktober 2023, fan: https://taalplan.frl/nl/onderwijssectoren/speciaal-onderwijs/
Taalplan Frysk 2030. (2021). Taalplan Frysk 2030. Ynsjoen op 20 oktober 2023, fan: https://taalplan.frl/wp-content/uploads/2022/11/TF2030_Projectplan_2021_toegankelijk_totaal_beeldscherm.pdf
Wet op de expertisecentra. (2023). Wetten Overheid. Ynsjoen op 12 oktober 2023, fan: https://wetten.overheid.nl/BWBR0003549/2023-08-01
Laat een reactie achter