In kollega op ’e Fryske Akademy frege my nei oanlieding fan de fynst fan in kacheltsje fan it Poptaslot fan Marsum oft ik de ûndertitel “mar wêr binne de oaren keard?” wol bêst genôch fûn. Ik hie der gjin problemen mei, mar bin fansels kleure troch de regio dêr’t ik opgroeide en de hast acht jier dat ik al yn de Fryske akademyske rûnten meidraai. Neffens rabbeltsjes yn ’e kuiergongen seach de korrektor fan ús provinsjale stjoerder wol swierrichheden, en it grutste part fan de online redaksje dêre lyksa. Jout fansels neat, mar it is wol deeglik geef Frysk. Dêr wol ik yn dit stikje efkes oer op ’e tekst.
Der sitte oars wol in pear nuveraardichheden oan it brûken fan fan it ‘keare’ yn de betsjutting fan ‘bedarje, bliuwe’. Dy twa betsjuttingen komt men yn it Frysk Hânwurdboek tsjin, neist ‘telâne komme’. It Woordenboek der Friese Taal (WFT) jout as Nederlânske oersettingen yn it fjirde skift fan it tiidwurd de mooglikheden ‘terechtkomen, blijven, vervallen’. Yn dy betsjutting binne der in protte fêste siswizen opnaam. It op ien nei âldste foarbyld dat dêr te finen is, komt fan in kluchtspul út 1871. Tjibbe Gearts skreau doe: “Ho is ’t mei jimme krease dochter, is dy al sib în ’t fryen keard?”. De útdrukking ‘yn it frijen keare’ fine we ek yn it Hânwurdboek werom, mei as betsjutting ‘ferkearing krigen hawwe’. It âldste foarbyld, fan Waling Dykstra út 1864, giet ek om in fêste útdrukking dy’t as sadanich werom te finen is yn it Hânwurdboek: (it) wiist keard wêze. “ ’t Ken ek wol wier wêse, dat Denemarken wol wiist keard wêst hie, as ’t mar sein hie: lit Sleeswyk-Holstein nei de wealich fleane, mar ik fluchtsje net.” Dêr betsjut it sokssawat as ‘it ferstannichst wêze, it wiist wêze’.
Bûten fêste ferbiningen en útdrukkingen om kin ik it tiidwurd keare yn de betsjutting dy’t hjir sintraal stiet eins allinnich mar yn fraachsinnen. As ús heit de telefyzje oansette wol, soe er my sa freegje kinne “wêr’t it bakje keard is”. In maat út Kollumersweach – nota bene mei [ɛː] en net [eˑə] – hearde ik lêsten freegjen oft ien ek wist wêr’t syn sleutelbosk keard wie, en de facebookside Oud Burgum frege yn 2019 wêr’t de âlde tram-klok keard is. In redakteur fan it Hânwurdboek hat sels in âld-ict-meiwurker fan de Akademy ferivige troch it foarbyldsintsje “Wêr is Heense keard?” op te nimmen. Ut dizze foarbylden docht wol bliken dat ‘keare’ yn de sin fan ‘bedarje, bliuwe’ eins allinnich mar passyf brûkt wurdt. It sleutelbosk keart net sels nei de flier ta, it is dêr keard. Wa’t it kearen dan dien hat, wurdt net spesifisearre.
Oant no ta komme hast alle foarbylden út de Wâlden. Yn myn sneuptocht kaam ik oars wol deeglik foarbylden út oare parten fan de provinsje tsjin. Abe de Vries sette yn 2013 in blogpost online mei de titel Wêr is Allard Dijkstra keard? en ûnder it lemma ‘bêdsok’ fine we yn it WFT it poëem “Wêr’t myn bêdsokken keard binne, wit ik net”. Nei alle gedachten komt dat sintsje fan Douwe Tamminga, dy’t de letter b foar syn rekken naam, mar hy wie yn 1975 al mei pensjoen en sawol yn de kartoteek op de Erfguodkeamer as yn de hânskriften op ’e souder binne gjin bêdsokken werom te finen. Dat literatoaren as De Vries en Tamminga útdrukkingen brûke dy’t net eigen binne oan de streek dêr’t se wei komme liket oars ek net sa raar.
It feit dat guon redakteuren fan de Omrop ‘keare’ net koenen, betsjut dus net dat se it fuortendaliks mar keare moatte út de titel fan it stikje oer de kachels. It stiet gewoan yn de wurdboeken. Der sille oars ek wol oare redenen te betinken wêze om in kop oan te passen. It falt my de lêste wiken op dat der in pear oeren nei’t ik in stikje lêzen ha geregeld in oare kop boppe in stikje stiet. Faaks dat ús ‘keare’ dus keard is troch A/B-testing. Hawar, ik bin oars wol benijd oft jim it tiidwurd ‘keare’ yn de betsjutting fan ‘bedarje, bliuwe’ ek kenne, of miskien sels wol brûke. Is it altyd yn de foarm “wêr is … keard”, of binne der mear mooglikheden?
Karel zegt
Ik
Stroffelje net oer keard, mar dat “oaren” yn it stikje, dat nei kachels ferwiist wol. Mei oaren mei in n binne dochs minsken?
Martijn Kingma zegt
Hjiroer yn de grammatika fan Popkema (2018) op side 166 oer de útgong -en by adjektiven: “Als een adjectief zelfstandig wordt gebruikt ter aanduiding van een telbare persoon of zaak […].”
Ik ha it oars by Nederlânsk op de middelbere skoalle wol leard dat dy dy -n foar minsken by minsken heart en oars weilitten wurde moat. It liket derop dat it Frysk dus ferskilt fan it Nederlânsk op dit gebiet.