It nijste boek yn de rige fan it lêsbefoarderingsprojekt Lês No is 11 jannewaris presintearre. It boek Tie / Break is skreaun troch Jan Minno Rozendal. Sa’n 5.200 brêgeklassers fan it fuortset ûnderwiis lêze it yn dit lêsbefoarderingsprojekt mei elkoar.
Jelle en Femke binne al jierren de bêste freonen. Se spylje tegearre tennis en binne altyd byinoar. Mar no hat Femke op ’e middelbere skoalle ynienen oare dingen by de ein. Sy wol graach goed leare, wylst Jelle dat mear wat foar nerds fynst. Nerds lykas Zhanna, harren nije klasgenoate út Oekraïne. Alles liket wol oars wurden en Jelle fynt it mar neat. Wol Femke eins noch wol mei him dat belangrike tennistoernoai spylje? Hy ferliest stadichoan syn bêste freondinne, it famke dêr’t er alles fan wit, sels har aldergrutste geheim…
Young adult
Rozendal publisearre earder al trije boeken foar jongfolwoeksenen, yn it sjenre ‘young adult’. De tematyk fan dizze doelgroep sprekt him oan. ‘Ast op de middelbere skoalle sitst, gebeurt der in hiel soad. Dêrom fyn ik dy leeftiid sa nijsgjirrich. Jongeren ûntwikkelje har yn dizze jierren har identiteit. Se komme mei allegeare oare minsken op skoalle en dêrbûten yn de kunde, krije nije freonen. Ik ha der wol wat mei’, fertelt Jan Minno Rozendal (De Westereen, 1979).
Om’t it boek klassikaal lêzen wurdt, hat Rozendal it ferhaal opdield yn seis haadstikken. ‘It boek giet dus oer feroarjende freonskip en yn elk haadstik komt in oare faze dêrfan oan de oarder, sa as ferwidering en lilkens.’
Toan
Mei de doelgroep yn de achterholle skreau er earder oer feganisme yn Eudaimoania (2020), de leafde yn It neidiel fan ’e twivel (2021) en koroanatiid yn De Freon (2023). ‘Bern lêze hieltyd minder en it soe moai wêze as se troch boeken dy’t har oansprekke en by har wrâld passe dêr niget oan belibje.’ Sels belibbet er dat plezier ek. ‘By it oanpassen en redigearjen fan bygelyks myn boek ‘De Freon’ ha ik der sels nei de tweintichste kear lêzen minder gau myn nocht fan as by oare boeken. Ik fyn young adult-boeken leuker om te lêzen en ek om te skriuwen.’ Hy hat net streekrjocht kontakt mei jonge minsken, mar lit syn wurk lêze oan minsken dy’t dat wol hawwe lykas dosinten en húswurkbegelieders. ‘Soms ha se tips as dat jongeren bepaalde dingen net sa sizze, mar wat ik wol faak te hearren krij is, dat de toan fan myn boeken wol kloppet.’
Pseudonym
Dizze trije boeken ferskynden ûnder it pseudonym I.E. Bloem. Dêr hie Rozendal foar keazen om it ferskil mei syn eardere publikaasje mei oan te jaan, dy’t oer histoaryske ûnderwerpen gean. By de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis foar it boek It neidiel fan ‘e twivel die bliken dat hy skûlgie achter dit pseudonym. ‘No’t it ien kear bekend is, hoech ik it net perfoarst mear oan te hâlden. Mar it is ek wol wer logysk. Dan komme myn boeken yn alle gefallen wol allegear by elkoar te stean yn de biblioteek en boekhannel.’
Frysk
Foar lêzers yn de leeftiid fan 12-18 jier is der ferlet fan Fryske boeken. Rozendal is sels by tafal yn syn memmetaal begûn te skriuwen. Hy krige it Frysk fan hûs út mei. Beide âlden, Anders Rozendal en Corry Boelens, brochten meardere Fryske publikaasjes út. ‘Ik fyn it fansels moai en belangryk om de Fryske taal libben te hâlden en dêr myn stientsje oan by te dragen.’ By syn boeken hâldt er rekken mei it taalgebrûk foar de doelgroep. ‘Ik bin gjin hardliner as it giet om de Fryske taal, dat it hiel geef wêze moat.’
Ambysje
Echt bline ambysje hat de histoarikus net. ‘Ik bin wol ambisjeus yn de sin fan dat ik boeken skriuwe en útbringe wol. En fansels is it moai om de Simke Kloostermanpriis te winnen, mar myn ambysje is net sa grut dat ik alles dêrfoar falle lit. Sa ha ik it hiele lêste jier tocht om it priiswinnende boek oer te setten nei it Nederlânsk, mar dêr bin ik net oan takaam. Miskien in goed foarnimmen foar 2024.’
Laat een reactie achter