Ofrûne wike wie it krookjefakânsje. Ek wol foarjiersfakânsje neamd of, yn it Nederlânsk, voorjaarsvakantie of krokusvakantie. Krookje is it Fryske wurd foar krokus en referearret oan de wolbekende blom. Oars as yn it Nederlânsk is krokus yn it Frysk dus wurden ta krookje, nei alle gedachten in ferlytsing fan krook, in foarm dy’t wy histoarysk sjoen ek noch wol sporadysk yn it Nederlânsk weromfine. Krokus komt fan it latynske crocus, dat wer ôflaat is fan Gryksk króko, dat krokus en saffraan betsjut: de giele kleurstof ôfkomstich fan de stimpels fan de krookjeblom. In blom dy’t fanâlds in soad foarkomt yn de bergen om de Middellânske See hinne. It Grykske króko giet nei alle gedachten werom op in semityske taal, sjoen de oerienkomst mei it Hebriuwske karkōm, Arameeske kurkem en Arabyske kurkum foar krokus en saffraan. Uteinlik gean al dy foarmen werom op it Perzyske of Sanskrityske kurkum. Yn kurkum sjogge wy fansels ek gelikenis mei kurkuma, de saffraangiele speserij.
Boarne: van der Sijs, N., Philippa, M., Debrabandere, F., Quak, A., & Schoonheim, T. (2009). Etymologisch Woordenboek van het Nederlands
Jarich Hoekstra zegt
It frjemde wurd ‘krokus’ sil yn it Frysk (en ek yn it Grinslânsk) wol as krookjes, in meartallich ferlytsingswurd, opfette wêze. Dêr koe dan troch backformation de foarm krookje út distillearre wurde. In foarm krook is dêr grif net by tepas kommen.
Wat ferlykbers sjucht men yn it Tesselsk, dêr’t ‘krokus’ ta krokers (ek krokertjes) wurden is.