Oanlieding
Op 22 jannewaris ll. kaam Marc van Oostendorp mei Leve de spreektaal op foar de sprutsen fariant fan it Frysk (en it Nederlânsk). Hy die dat nei oanlieding fan in haadredaksjoneel kommentaar fan de NRC fan 19 jannewaris dat opkaam foar it belang fan de (universitêre bestudearring fan de) skriuwtaal, lês Standerttaal fan it Frysk.
‘De krant komt daarbij wel met een eigenaardig argument: “een rijkstaal mag geen spreektaal worden.”** Kennelijk ziet de krant een hiërarchie van taalvormen, waarbij schrijftaal boven spreektaal staat. / Spreektaal is echter niet het fundament van een taal. Geschreven taal is dat wél: een goede grammatica, woordenschat en zinsopbouw zijn cruciaal voor het behoud van een taal. Onderzoek ernaar, door goed geschoolde promovendi die goed geschoolde docenten kunnen inspireren, blijft belangrijk. / Dat is een beetje een ouderwets idee. Nu ben ik van huis uit fonoloog, dat wil zeggen onderzoeker van taalklanken, maar ik denk niet dat er ook maar één taalkundige te vinden is die meent dat gesproken taal géén ‘goede grammatica, woordenschat en zinsopbouw’ heeft, of dat het niet onderzocht kan worden door goed geschoolde promovendi die goed geschoolde docenten kunnen inspireren.’
Van Oostendorp wiist der op dat in taalkundige gjin hierargy yn it plak fan de skreaune taal en de sprektaal oanbringt, want allebeide besitte in goede grammatika, wurdskat en sinsopbou. De taalkundige hat gjin oerdiel oer wat maatskiplik goed, dus normearre is lykas dat foar in standerttaal wol it gefal is. Yn dit stikje wol ik sjen litte dat in taalsosjolooch krekt wol it gruttere belang fan maatskiplike funksje fan de skriuwtaal – it Standertfrysk – ynsjocht, ek foar de sprektaal en it gruttere belang foar ûndersyk en taalbelied. Van Oostendorp ferwiist as yllustraasje nei de ideeën oer it Frysk fan Tony Feitsma as ‘Boerentaal’, dy’t dêr syn identiteit en besteansrjocht oan ûntliende en neffens Van Oostendorp ‘juist niet in competitie met het Nederlands in allerlei officiële domeinen’. Der soe net in skerp ûnderskied tusken ‘hege’ en ‘lege’ taal (‘skriuwtaal’ en ‘sprektaal’) wêze.
De bining Tussen volkstaal en schrijftaal neffens Feitsma
Wat Van Oostendorp beweart oer it gelikensens belang foar ûndersyk fan sprek- en skriuwtaal mei fonologysk-taalkundich wier wêze; Ferdinand de Saussure (1857-1913) hat al oan it begin fan de foarige iuw de tafallige bining tusken klank en betsjutting dúdlik makke. De taalsosjologen Charles Ferguson (1913-1998) en Joshua Fishman (1926-2015) hawwe lykwols letter krekt de maatskiplike ûngelikensens tusken it taalgebrûk yn ferkillende maatskiplike fermiddens wittenskiplik oantoand. It eigene fan Feitsma is dat se beide ynfalshoeken kombinearre. Nêst har besef fan De Saussure syn stelling waard Feitsma har wittenskiplike fyzje troch Fishman syn ynfalhoeke oanstjoerd: it Frysk moast krekt àl de kompetysje mei it Nederlânsk yn alle domeinen oangean, màr, en dêr sit him it Feitmaniaanske yn by Standertfrysk, it moast wol in fersoarge fariëteit wêze dy’t him rjochte op it mijen fan ‘stedhûs’-taalgebrûk (amtlik jargon) en sa ticht mooglik bij de gewoane sprektaal bliuwe moast. Biograaf fan Tony Feitsma Liuwe Westra dêroer:
It is opfallend dat Feitsma har libben folslein yn it teken stie fan it Frysk. Oan de iene kant ferdjippe se har as wittenskipper yn de taal, oan de oare kant sette se har aktyf yn om de taal te behâlden en te befoarderjen. It wienen twa wrâlden dy’t sy bêst te kombinearjen fûn. “Weardefrije wittenskip bestie neffens har net”, fertelt Westra. “Sy wie fan miening dat as ien it Frysk net fierder helpe woe, dy de taal ek net hoegde te bestudearjen. (…) Minsken dy’t dat wichtich fine, kinne har de Fryske identiteit oanmjitte. Mar sy fûn dat dy minsken dan ek de kâns krije moasten om dat út te bouwen, bygelyks mei ûnderwiis.”
Underwiis seach Feitsma krekt as mooglikheid om har Frysk op in heger plan te bringen, want de sprektaal fan de trochsneed Fries, it saneamde ‘Omgongsfrysk’ (Frysk mei allerhanne hollannismen), is net sa fersoarge, sadat dat net de basis foar dy ‘hege’ taal wêze koe.
Wittenskip moast him dêrom ek krekt mei de ‘hege’ taal dwaande hâlde. ‘Niet omdat de wetenschappelijke wereld dat zo noodzakelijk vond, maar door actie vanuit de Friese beweging is de universitaire frisistiek ontstaan en tot een bescheiden omvang gegroeid. Dat verplicht ons tot conscientieuze en creatieve wetenschapsbeoefening en tegelijk tot dienstbaarheid aan het emancipatoire streven van de maatschappelijke groep die ons draagt.’ (Feitsma, Oud en nieuw in de Frisistiek. 1993 yn Pieter Breuker, ‘De noarm fan it Frysk en taalideology’, Us Wurk 1994: 1-27, sjoch 5-6). Ut dyselde taalhâlding wei pleitte se yn gâns polemiken krekt foar it gebrûk fan it Frysk ‘in allerlei officiële domeinen’, mar dan op basis van de besteande noarm, dy’t as literêre taal folle minder formeel wie as wat sy ‘de Nederlandse klerkentaal’ neamde. De ideeën fan Feitsma wienen dus wol justjes oars as Van Oostendorp werjûn hat…..
Skriuwtaal yn ûnderhanneling mei de sprektaal
Standertfrysk hat dus neffens Feitsma wol deeglik in funksje yn ynteraksje mei de sprektaal. Datsoarte fan Frysk is ek foar âld-heechlearaar Frysk (RUG) Goffe Jensma net in fêste, foar altyd fêstleine stive boeketaal dy’t fier fan de sprektaal ôfstiet:
Wat is dat Standertfrysk dan? Ik ha soms it idee dat guon taalkundigen tinke dat it Standertfryske taalsysteem in abstractum is, in foar altyd fêststeande set taalregels, sa’t dy sa goed mooglik yn de grammatika’s en de wurdboeken fêstlein binne. Ik sjoch dat oars. It Standertfrysk is neat oars as in tydlik útûnderhannele en yn boeken bestjurre tuskentiidske stân fan saken, in ôfspraak tusken de brûkers fan de taal, yn ús gefal Fryskskriuwers en Fryskpraters. Taal feroaret, ek standerttaal, allinne de standerttaal feroaret folle stadiger. It Frysk is mei oare wurden net in ding dat foar ivich fêstleit mar wurdt hieltyd op ’e nij bywurke yn it gebrûk – ‘útûnderhannele’. En de belangrykste manier fan brûken is yn dit opsicht de literatuer, of better sein: dy manier fan brûken fan it Frysk dêr’t de werklikheid op in skeppende manier yn ferbylde wurdt. Dat kin wêze yn skreaune en printe, mar ek yn sprutsen en songen foarmen fan literatuer as toanielstikken, iepenloftspullen, lietteksten, raps, films, poetry slams, it kin ek yn skiedskriuwing, sjoernalistyk en alle oare wittenskiplike en talige dissiplinen. Dêrom dat ik foar myn boek dat aanst oanbean wurde sil, net it wurd ‘literatuer’, mar de term ‘ferbylding’ keazen haw.
En dy ‘útûnderhanneling’ is no krekt in ûnderwerp foar de universitêre bestudearring. Henk Wolf, earder dosint taalkunde oan NHL-Stenden hegeskoalle by de learare-oplieding Frysk, jout foarbylden hokker gefallen fan de sprektaal mooglik yn de skriuwtaal opnommen wurde kinne:
Wol learmateriaal by de tiid bliuwe, dan moat it regels oanleare dy’t maatskiplik funksjonearje. Oars wurdt taalûnderwiis hobbyisme of komt it yn tsjinst te stean fan in persoanlik, konservatyf ideaal fan lesjouwers dat net mei de maatskiplike realiteit oerienkomt.
It brûken fan ‘ferjitten’ mei in persoan as ûnderwerp en it pleatsen fan de -e yn bygelyks ‘har nije adres’ wurde net langer as steurend sjoen. Dat jildt ek foar wurdgroepen lykas ‘elke wike’, foar it -s-meartal by ‘gemeentes’ en oare wurden op -e en foar de wurden ‘leuk’, ‘blond’ en ‘dik’ (tapast op minsken). Myn oanrekommandaasje is dêrom om regels dy’t sok gebrûk ferbiede út learmateriaal te ferwiderjen en se as gewoan, goed Frysk te beskôgjen, útsoarte neist de farianten dy’t altyd as alternatyf oanbean waarden.
Wat de gefallen oanbelanget dêr’t ûniensichheid oer bestiet, hawwe lesjouwers en metoademakkers mear spylromte. Myn advys soe wêze om se net langer as ferkeard te beneamen en der yn metoaden net tefolle omtinken oan te jaan, mar der gongbere alternativen wol te neamen. Guon derfan, sa ferwachtsje ik, sille noch fierder ynboargerje.
Koartsein: it giet by sprektaal en skriuwtaal (standerttaal) net sa bot om hokker soarte taalgebrûk teoretysk heger of leger stiet yn de hierargy, mar dat it Standertfrysk maatskiplik in belangrikere funksje hat foar it brûken, it universitair bestudearjen én it behâlden fan it Frysk. Dat is gjin âlderwetsk idee, mar aktueel ûndersyks- en taalbelied. Ik soe sizze: Standertfrysk boppe! (Mar yn in linige ferbining mei de sprektaal.)
* Mei tank oan Liuwe Westra en Henk Wolf
**De krante hie it oars oer ‘Bescherm het Fries voor het louter een spreektaal wordt’ [Myn skreanprint, RJ]
Laat een reactie achter