Yn de earste wike fan it nije jier haw ik yn Op syn Frânsk I in opstapke makke mei it oanstipjen fan de maatskiplike taalkontekst yn de Nederlannen yn de iermoderne tiid, fan belang foar it begryp fan de doetiidske status fan en de ynfloed op it Nederlânsk en it Frysk. It gong yn dy bydrage oer it dominante plak dat dy bûtenlânske taal dêr earder ynnaam. Dy ynfloed wie oars net allinnich negatyf, dy wie ek ûnderdiel fan de lange oanrin ta mear oandacht foar de opbou fan de eigen memmetaal en de Nederlânske standerttaal. It soe yn de twadde helte fan de achttjinde iuw by dy opbou útrinne op in striid tusken twa streamingen; ien dêr’t yn stribbe waard nei in smelle Hollânske standert, de oare dêr’t yn stribbe waard nei in brede Nederdútskenien, dêr’t it Lânfrysk ek in beskieden plakje yn taskikt krige.
It Frânsk slacht foar master op yn kultuer en ûnderwiis
De útspraak ‘L’État, c’est moi’, dy’t apokryf oan ‘Sinnekening’ Loadewyk XIV (1638-1715) taskreaun wurdt, is in yllustraasje fan de sintralistyske steatsstruktuer fan Frankryk. It oprjochtsjen fan in sintralistysk orgaan fan de Académie Française yn 1635 foar de opbou fan de Frânske ienheidstaal past dêr goed yn. Dat Frânske steatsorgaan wie it grutte foarbyld fan de Nederlânske boargers dy’t de feriening Nil Volentibus Aardum (Neat is dreech foar har dy’t wolle.) yn 1669 oprjochte hienen. De leden woenen it Frânsk-klassisisme fuortsterkje, mar ‘als méde om de Nederlandsche spraak, reeds door braave vernuften tót grooten luister gebragt, vérder op te bouwen, te polysten, én te beschaaven’. Dat partikuliere inisjatyf yn in desintrale steat fan de Nederlânske Republyk krige langn’t de macht dy’t de Frânske akademy yn Frankryk hie en slagge der dan ek net yn om oan de ein fan de santjinde in yngeande ynfloed op de status en de opbou fan in Nederlânske ienheidstaal te krijen.
De Frânske ynfloed dy’t yn de tiid fan de ferljochting yn Nederlân twadde heltebsantjinde en de achttjinde iuw hieltyd mear oanboaze, smiet in barjêre foar in part foar it brûken fan it Nederlânsk yn de hegere domeinen op lykas kultuer en ûnderwiis. Dy ûntjouwing rôp yn de twadde helte fan dy iuw – yn de patriottyske tiid – lykwols in ‘Vaderlandse’ reaksje op dy’t lang om let goed útwurke op it standaardisearringsproses fan it Nederlânsk. In yllustraasje dêrfan is de yn 1788 ferskynde Verhandeling op d’Onacht der moederlyke Tael in de Nederlanden skreaun troch de Flaming Jan Baptist Chrysostomus Verlooij (1746 –1797) as in pamflet tsjin de ûnderwurdearring fan it Nederlânsk:
Naest het Latyn spant het Francois de Croone (…)
(s.5)
Want men siet het dagelykx in Dorp en Stede
Wie geen Francois en kan, en magh niet mede.
Minder slim as yn it Suden stie ek it kulturele libben yn de Noardlike Nederlannen sterk ûnder de kulturele druk fan Frankryk: Frankomany neame de ynlieders Smeyers en Van den Broeck (1979) dat op ‘e nij útbrochte pamflet dy yntinse neifolging fan de foar de adel en hegere boargerij beskaafdere taal. De Fryske skriuwer Simon Stijl skreau oer in ‘ongerijmde nabootsing van alles’ yn it earste oersichtswurk fan de Nederlânske skiednis.
Een Volk, dat noch voor korten tyd uit zich zelven tot alles bekwaam was, vernedert zich tot eene blinde verwondering van alle zyne Nabuuren, vereenigt alle hunne gebreken met de zyne, verdooft het vuur van zyne eigene verbeelding, en verzaakt zyne beste vermogens, ja de zuiverheid van zyne zeden, om het speeltuig te worden van uitheemsche zwetsers, die in hunne vuist zulk eene onnozelheid belachen. ’t Is ook aanmerkelyk dat wy, ’t minst van allen naar de Franschen gelykende, de Franschen noch-thans bovenal tot onze Meesters kiezen.
(Simon Stijl 1774: 686-687)
Net allinnich kaam it brûken fan it Nederlânsk yn de knipe, ek it op nivo uterjen yn it Nederlânsk hie der fan te lijen. Verlooij wiisde ek op it jinsels tekoartdwaan troch it sútrich brûken fan de memmetaal. De ‘eigendommen en schier ingeborenheden der moederlyke tale’ kinne inkeld breklik oerbrocht wurde yn oare talen. Hy luts dat fierder nei de neidielige gefolgen foar sosjaal-kulturele saken, ‘alle konsten zyn gekrenkt’, net allinnich op it uterjen fan de wittenskiplike nuânse, mar se reitsje ek oan de boargerlike emansipaasje. Dy pleitbesoarger foar de memmetaal hearde by de groep minsken dy ’t stribbe nei demokratisearring. Tagelyk, sa stiet dat ek yn datselde pamflet, gong it mei it nivo fan it Frânsk praten ek net goed: “In deze Fransdolheyd … ziet (men) in onze huidige staetverandering de schoonste zaken miskleed of ontsierd door onze gebrekkheden in die tael: (…).” Nicoline van der Sijs hie yn har boek Daar is geen woord Frans bij al sa’n 22 saneamde ‘kromtaal’-omskriuwingen neamd oangeande it praten fan it Frânsk. Ek yn Fryslân wie it goed learen fan it Frânsk, útsein by in tinne boppelaach, by de measten in net te nimmen obstakel. De hegere amtner dy’t kandidaten foar in oplieding ta feedokter yn Parys sykje moast, koe yn 1811 gjin gaadlike kandidaten fine yn Fryslân. Der wienen doe yn Fryslân ek mar in pear Frânske skoallen.
Ferskillend útwurking foar it Nederlânsk en it Frysk
De reaksje op de Frânske ynfloed is ferskillend foar de Nederlânske en, folle letter pas, de Fryske standert. De foarsprong dy’t it Frânsk yn it standerdisearringsproses krigen hie troch it wurk fan de Académie Française wie lang om let yn de achttjinde iuw in foarbyld foar de kultivearring en standardisearring fan it Nederlânsk. Yn 1754 waard yn Frjentsjer de earste heechleraar Jean Garçin, in Switser, beneamd. Yn syn ynaugurele rede sei de nije heechlearaar: ‘Vous désirez une plus haute culture. La langue française y contribuera, cette langue qui est en outre du plus haut intérêt pour les sciences et les arts auxquels vous vous êtes voués’ [Jim wolle in hegere kultuer. De Frânske taal sil dêroan bydrage, dizze taal dy’t ek fan grut belang is foar de wittenskippen en de keunsten dêr’t jim jim oan wijd hawwe.’
Foar it Frysk wurke it Frânsk doe hiel oars, tsjinsteld troch. Yn it Nederlânsk waarden de Frânske wurden safolle mooglik út de standerttaal keard, út de Fryske omgongstaal dy’t doe net standardisearre waard, net. Letter – nei genôch ferfrysking – waarden dy krekt wol opnommen yn de standerttaal, as in ôfsetten (‘distansjearring’) tsjin it Nederlânsk dat dy gallisismen útsleat. Gewoan Frysk foar ús is avensearje (avencer), ientûtmêm (tout-même), perfoarst (par force), krekt (correct), kefert (couvert), moederaasje (modération), aljemint (allignement), folle net genôch. Omdat dy wurden dus wol yn de Fryske fariëteiten sitte, wurdt der wol ris tocht dat it Frânske oanwêzichheid hjir in gruttere ynfloed hân hat as bûten Fryslân, mar dat is fansels net sa. (sjoch ek Visser 2002)
Standerttaalideology
It pamflet d’Onacht kin yn de twadde helte fan de achttjinde iuw sjoen wurde as in manifestaasje fan in belangrike emansipaasjebeweging fan de boargerij dy’t him krekt wól om de memmetaal bekroade. De earste oansetten ta in sprutsen ienheidstaal waarden yn dy tiid makke; it is it begjin fan de standerttaalideology (de kommende tiid mear dêroer). Dat rint lykop mei it ferset tsjin de reginten yn de Republyk, ûnder oare mei it oprjochtsjen fan alderhande genoatskippen dy ’t mear rjochten en stimulearring fan de ûntjouwing fan de legere stannen as doel hienen. Sa is dêr de oprjochting fan de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen yn 1784. Dy rjochte him ek op goed leger ûnderwiis en it meitsjen fan deeglike skoalboeken, lykas bygelyks it AB-boek fan Swindels.
Ien fan de sintrale ûnderwerpen, sa’t hjirboppe ek te lêzen is, wie it begryp ‘Vaderland’. Dy boargerlike emansipaasje gyng mank mei in bewustwurding fan dat begryp. ’t Nut sette him konkreet yn foar it gewoane ûnderwiis mei in dúdlike doelstelling: it praktysk gebrûk fan ien dúdlik kommunikaasjemiddel foar it hiele ‘Vaderland’.
Waare volksverlichting is niet denkbaar zonder eene algemeene en naar regels geleerde kennis van de Moedertaal des lands. (…) Nodig is, dat het volk, zal het verlicht kunnen heeten, of kunnen worden, in alle Departementen van den Staat, niet alleen gelijkluidend spreeke, maar ook zodaanig, als men in de volksschriften gewoon is te schrijven en in openlijke aanspraken zich uit te drukken; op dat het volk in staat zij, bij het leezen van de eerste, en het aanhooren van de laatste, alles te verstaan en zich in het gemeene leeven, weder overal verstaanbaar te maaken.
(Yn: Boekholt 1991: 73)
Mei dy strikte standerttaalideology (‘dat het volk … gelijkluidend spreeke’) waard it sukses yn harren eagen pas berikt as der ‘in een land geene, zo genoemde Platte Taalen gevonden wierden, die zeer hinderlijk zijn in het onderwijs der jeugd, en dus ook in de algemeene verlichting des volks’. De club foar it maatschappelijk nut kaam op foar it dominante Hollânsk en stie fijannich foar net-Hollânske fariaasje oer. Hiel oars as de twadde streaming fan de taalkundige yntelligentsia yn de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, dy’t ek yn dyselde snuorje, yn 1766, oprjochte waard. Hjir libben de ideeën fan Wassenbergh en IJpeij fan de Schola Hemsterhusiana dy’t útgongen fan in folle minder ‘gelijkluidend’ Nederdútsk dêr’t it taaleigen fan alle provinsjetalen ûnderfoel, ek dy fan Fryslân. Dochs wurke it stribjen fan dat elitêrdere genoatskip op in oare, abstraktere wize mei oan de emansipaasje fan de memmetaal troch it beoefenjen fan de ‘schone letteren’ en de stúdzje fan de Nederlânske taal – en letterkunde, skiednis – en âldheidkunde. De fiktoarje foar datsoarte Nederlânsk begûn oan de universiteit fan Frjentsjer dêr’t oan dy tiid inkeld kolleezje jûn waard yn it Latyn en it Frânsk,* en sa binne wy wer werom by Everwinus Wassenbergh dy’t yn 1795 de earste heechlearaar dy’t yn it universitêr fermidden op it Nederdútsk oerstapte, de taal dêr’t hy ek de taal fan Gysbert Japicx ûnder beflapte. De slach tusken beide streamingen wat de standerttaal wurde moast, wie yn de Frânske tiid noch net beslikke.
*Dy foarsichtige emansipaasje fan it Nederlânsk oan de universiteit fan Frjentsjer wurdt yn de NRC fan7 jannewaris ll. as oarsaak neamd foar syn ûndergong: ‘In de volkstaal? In Franeker liep dat slecht af; Internationalisering Engels als voertaal is cruciaal voor het hoge niveau van Nederlandse universiteiten, betoogt Berend Wierenga. Hij ziet een parallel met de verdwenen Universiteit van Franeker, ooit een vermaard wetenschappelijk centrum.’ Wierenga, mjirkes heechlearaar oan de Erasmus Universiteit, sjocht it brûken fan de eigen taal as de reden foar it fuortbliuwen fan ynternasjonale studinten en heechleararen. De delgong fan Frjentsjer wie lykwols al folle earder ynset, en hie net safolle mei de fiertaal op kolleezjes út te stean. Goffe Jensma set de sluting fan ‘Frjentsjer’ yn in algemienere en bredere kontekst: ‘Yn 1774 waard troch de need twongen in grutte besunigingsoperaasje útfierd. It rêstige, stille klimaat fan it stedsje dat yn 1585 sjoen wie as in geunstige betingst foar de stúdzje, begûn de heechleararen no oan te fleanen. ‘De alleruiterste stilte der stad Franeker, de diepe rust en ledigheid, welke daar heerschen, hebben my, ik weet niet welke eene droefgeestigheid ingeboezemd’, miende de ferneamde Petrus Camper. It kennisreproduktive karakter fan de iermoderne universiteit begûn him stadichoan tsjin de ynstelling sels te kearen. Net allinnich yn Nederlân en yn Fryslân, mar ek yn Dútslân ferwaarden in soad fan de mei safolle elan stichte universiteiten no ta ‘Familienuniversitäten’, dêr’t net allinnich kennis einleas wjerkôge waard, mar dêr’t ek in bestjurre elite himsels edukasjoneel elke generaasje wer duplisearre.’
Boarnelist
P.Th.F.M. Boekholt, ‘Een natie, een taal. Taalpolitiek en onderwijshervorming in het begin van de negentiende eeuw.’ In: K. van Berkel e.a. (red.), Nederland en het noorden. Opstellen aangeboden aan prof dr M.G. Buist. Assen 1991: 71-80.
Simon Stijl, De opkomst en bloei van de vereenigde Nederlanden. Amsterdam 1774.
Jan Baptist Chrysostomus Verlooy, Verhandeling op d’onacht der moederlyke tael in de Nederlanden (ed. Jos Smeyers en Jan Van den Broeck). Den Haag 1979.
Willem Visser, ‘Frjemd wurdt eigener. Oer de âlde Frânske lienwurden yn it Frysk.’ Yn: It Beaken 64, 3, 2002: 141 – 218.
Laat een reactie achter