De Fryske dichtbondel Liet fan mysels (2024) moat ferplichte kost wurde foar alle learlingen op it fuortset ûnderwiis. Dat fynt oersetter Lubbert Jan de Vries, dy’t it wurk fan de Amerikaanske outlaw dichter Walt Whitman út 1855 oerset hat nei it Frysk. ‘It giet oer alles: oer leafde, haat, man, frou, polityk, skjintme, oarloch, frede en bisten.’
Heal april hat Lubbert Jan de Vries syn Fryske oersetting fan Song of myself fan Walt Whitman (1819-1892) presintearre. ‘It is in masterwurk besteande út 52 parten, dat al yn ferskate talen oerset is. Mar noch nea yn it Frysk. Troch te skriuwen yn myn memmetaal koe ik hiel tichtby Walt Whitman komme. Goed 150 jier letter letter slút it gedicht naadleas oan op ús 21ste iuw. It beskriuwt deselde problemen as dêr’t we yn dizze tiid mei wrakselje. It stiet as in hûs!’
Pauper Poëzie kollektyf
Lubbert Jan de Vries hat in grutte leafde foar rebelske en opstannige literatuer: outlaw literatuer is in streaming dy’t yn de 19e iuw opkaam en dy’t him ôfset tsjin sosjale en maatskiplike konvinsjes. ‘Elts tiidrek hat syn eigen tsjinbeweging. Dat giet altyd yn golfbewegingen. Der komt grif ek wer in tsjinbeweging op myn tsjinbeweging.’
Sûnt 2020 is De Vries oansletten by it Pauper Poëzie kollektyf, besteande út Fryske dichters en keunstners, dy’t harren wurden rau, hurd en sûnder filters ferkundigje. ‘Wat we yn de romte of op papier kwakke is útklaaid en neaken. Wat wy skriuwe is minsklik. Fanút de ûnderlaach. En wier. Wy ferkundigje de wierheid, ús wierheid. Wy bewege ús ûndergrûnsk, der tsjinyn. Think punk, do punk. Dat is it alderbelangrykst, mar doch it wol serieus. As wy oan it wurk binne, thús yn ús eigen, binne wy hiel, hiel, hiel serieus. It moaie oan de Paupers is dat ferskillende generaasjes mei elkoar poëzij meitsje yn ús eigen foarm en styl.’
Pauperliteratuer is tige persoanlik. ‘Wy dichtsje en drage foar yn it no en nei de takomst, mar wol op basis fan ús ferline, ús wûnen en trauma’s. Wy manifestearje ús op it poadium of yn in bondel. Sûnder statement. De Paupers hawwe net echt in smoel. Wy bestean allinnich as wy oan it wurd binne. Wy hearre net by in literêr establishment, mar meitsje wol gebrûk fan harren fasiliteiten. Asto delkomst as de Paupers inoar moetsje en do wolst foardrage, dan bisto dy jûn ek in Pauper. Pauper Poëzie is in lyts stikje mystearje.’
Skriuwe út werstel
Dichters Gabrielle Terpstra en Emily Wieland stienen yn 2020 oan de widze fan it Pauper Poëzie kollektyf, dêr’t ek Jens de Vries, Alwin van der Toorn, Hindirk Hannema, Christa Nicklewicz en Joël Hut faak ferskine. ‘Beide froulju hawwe in ferline mei drank en drugs en hienen in drege jeugd. Sy setten it Pauperkollektyf op: in foar harren literêr projekt om fanút werstel harren skiednis en trauma’s fan harren ôf te skriuwen. Yn 2021 ferskynde de Pauperbundel.’
Koart dêrfoar hie De Vries syn bondel Eigentrieds útbrocht, mei oersettingen fan ferskillende Amerikaanske out law dichters. ‘Myn útjouwer Hispel woe dat ik ek út dy bondel foardragen soe, mar ik seach dat hielendal net sitten. Myn broer sei: dan hiest dy bondel net útbringe moatten. En dus benadere ik Gabrielle oft se my ek helpe woe om oer dy drompel hinne te stappen. Se hat my in hiel soad tips jûn hoe’t ik foardrage moast. Doe kaam ik der ek efter dat ik der talint foar hie.’
Leafde foar literatuer
Oan it sels dichtsjen en oersetten fan poëzij leit in lange skiednis. Ien mei in soad literatuer en kultuer. ‘Ik kin my gjin libben mear foarstelle sûnder literatuer. Ik lês altyd ferskillende boeken troch inoar hinne en meitsje der oantekeningen by. Wat it by my losmakket en hoe’t ik my derby fiel. Sa is ek Liet fan mysels ta stân kaam. Ik lies it gedicht Song of myself fan Walt Whitman en skreau der alle dagen wol oantekeningen by. Wurden. Rigels. Myn assosjaasjes fan dizze tiid en fan myn libben by syn poëzij. Dêrmeist die ik neat oars as poëzij lêze. Ingelske. Frânske. En as ik dan genôch oantekens hie, dan skreau ik in fers. Oer frijheid en de siele. It hat in lang en emosjoneel skriuwproses west.’
As jonkje groeide De Vries op yn Quatrebras yn in Frysksinnich en belêzen famylje. Syn heit siet yn de advys- en lêskommisje fan de Fryske bibeloersetting yn de jierren santich. Lubbert Jan lies geregeld mei. Benammen de apokrive boeken sprutsen him bot oan. ‘Dy boeken moasten eins út byld bliuwe, fûnen guon bibelkenners, dus dy hienen fansels fuort myn oandacht.’
It typearret him miskien wol as lêzer en as minsk. Altyd krekt in bytsje oars as oars, tsjin de meute yn en dy neat oanlûke wat oaren dêr fan fine. ‘Op de mafû hie ik al in ôfwikende literatuerlist by it fak Nederlânsk. Ik lies dan krekt wer in oar boek fan in bepaalde skriuwer as de standertwurken dy’t klasgenoaten liezen. Dat gie sa troch op de hafû.’
Skriuwe foar bands
Wat ek bepalend west hat foar syn literêre foarming is it muzikaal management- en boekingsburo Big Apple dat Lubbert Jan mei syn broer Willem (bekend as programmamaker Willem Wâldpyk fan Omrop Fryslân) ein jierren tachtich oprjochte. ‘Wy hienen in agency foar Fryske bands. Yn dy tiid hearde ik de teksten fan de Skotske band Deacon Blue en tocht: dat kin ik ek wol. Yn 1988 bin ik begûn mei it skriuwen fan lietteksten foar de bands fan ús buro. Lykwols mar ien band hat ris in tekst oernaam. Mar doe is wol de basis lein foar myn lettere literêre wurk dêr’t de langstme nei rock&roll en frijheid altyd in hiel belangrike rol yn spilet.’
Beat, punk en frijheid
Yn de 19e iuw namen skriuwers ôfskied fan klassike foarmen en begûnen se frijer te skriuwen. ‘Frijheid, foar sawol foarm as ynhâld.’ It literêre wurk fan de Itaaliaansk-Amerikaanske skriuwer John Fante, ûnder oaren bekend fan it ferfilme boek Ask the dust spruts him bot oan. ‘John Fante is in ûnderground skriuwer, dy’t skripts skreau foar Hollywood. Hy skriuwt hiel realistysk, oer de gewoane minsk op strjitte, it libben en emoasjes. Hy skreau de romans op dyn hûd. Ik tocht: dat wol ik, en dan doch ik dat yn myn memmetaal.’ Mar sa maklik wie dat noch net waard him wol dúdlik. ‘Ik koe gjin proaza op dat nivo skriuwe.’
De oanset om sels poëzij te skriuwen, wie doe’t De Vries yn oanrekking kaam mei de poëzij fan de Joadsk-Amerikaanske dichter Allen Ginsberg, dy’t yn deselde realistyske styl as Fante skreau. ‘It wie troch in dokumintêre oer 25 jier Woodstock dat ik syn wurk ûntduts. Alles iepen smite en dy megadirekt uterje. Seks, drugs, rock&roll. Sa bin ik begûn mei skriuwen. Koarte stikken, mar wol poëtysk. Wyld en frij. Dat slagge hiel knap. Ik smiet it derút en dat sloech bot oan yn Fryslân. Ik tocht: bliksem, dit hat te krijen mei myn wêzen.’
Walt Whitman
Noch altyd skriuwt er yn syn memmetaal op rauwe toan oer it libben. ‘Yn it Frysk fiel ik my frij. Mar ferwachtsje fan my gjin oades oan de Fryske taal, kultuer of grûn. Dêr leau ik net yn. Ik bin in minsk mei in lichem, geast en siele en inkeld en allinnich dêr skriuw ik oer. Sûnt ús heit ferstoarn is, skriuw ik ek faak oer de dea. En oer de wierheid, mar wol myn wierheid. Tafallich wenje ik yn Fryslân en dêrom doch ik dat yn it Frysk.’
Om 2015 hinne ûntduts De Vries de Amerikaanske skriuwer Walt Whitman. It rekke him yn de siele. Fierder sykjend kaam er ek op it spoar fan oare rebelske outlaw keunstners en skriuwers. Piter Boersma fan útjouwerij Hispel frege oft De Vries in bondel mei Fryske oersettingen fan Amerikaanske dichters meitsje woe. Nei in writersblock fan jierren slagge it De Vries einlik wer om de pinne te pakken. Yn 2020 ferskynde Eigentrieds. Amerikaanske ‘ûnhillige’ en ‘net-autentike’ outlaw- en beatpoëzij.
Ek wurk fan Walt Whitman stie opnommen. ‘Nei dy bondel yn 2020 koe ik Whitman net loslitte. Hy skreau presys wat ik fielde en tocht oer de wrâld. En dus gong ik fierder mei Whitman op reis. Fjouwer jier letter ferskynde Liet fan mysels.’ Whitman en de outlaw literatuer litte him net mear los. ‘De leafde foar literatuer en lêze bliuwt altyd. Ik kin net sûnder boeken. Lêze is foar my as sykjehelje en ite. Moaier kin it libben net wurde, as mei in boek.’
Laat een reactie achter