• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

400 Frysktaligen socht foar online eksperimint oer ûnderbewuste foaroardielen

26 juni 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Afbeelding van freepik

Assosjearret it brein positive dingen mei de Fryske taal, of dochs earder mei de Nederlânske taal? En hoe sit dat dan mei negative dingen? Dr. Hielke Vriesendorp fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utert freget de help fan 400 Frysktaligen, binnen en bûten de provinsje Fryslân, en fan 400 net-Frysktaligen om dit te ûndersykjen.

Vriesendorp ûntwikkele in online eksperimint, dat de ûnderbewuste hâldingen mjit oangeande it Frysk en it Nederlânsk mei de help fan in sorteartaak. De dielnimmer krijt plaatsjes en wurden te sjen dy’t posityf of negatyf binne, en wurden dy’t Frysk of Nederlânsk binne. De keppeling tusken de plaatsjes en wurden kin sjen litte oft it brein ûnderbewust Frysk of Nederlânsk mear mei positive (of just negative) dingen assosjearret, en lit dêrmei ûnderbewuste foaroardielen sjen.

It online eksperimint (net beskikber op de telefoan) duorret 10-15 minuten en oan de ein fan it ûndersyk krijt elke dielnimmer de eigen resultaten te sjen. Dêrmei kin in ynskatting makke wurde fan de eigen ûnbewuste foarkar. Vriesendorp hopet op safolle mooglik dielnimmers, om dêrmei in folsleiner ynsjoch te krijen yn de foaroardielen oer it Frysk en it Nederlânsk, sawol by Friezen en Frysktaligen sels as by net-Friezen en net-Frysktaligen.

Dr. Hielke Vriesendorp is ûndersiker by de Fryske Akademy en bestudearret ymplisite hâldingen oangeande it Frysk en Nederlânsk. Op de Universiteit Utert is Vriesendorp wurksum as dosint Ingelske taalkunde en as dosint op it mêd fan ûndersyksmetoaden, statistyk en taalfariaasje.

Foar mear ynformaasje sjoch op Fryske Akademy / meidwaan.

De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret al 85 jier it wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren, it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Nieuws Tags: frysk, Fryske Akademy, Onderzoek, taalattitudes

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

26 maart 2026: Lettertreffen

26 maart 2026: Lettertreffen

15 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d