Amper in moanne nei it ûndertekenjen fan de BFTK troch Ryk en Provinsje ha Provinsjale Steaten woansdei ynstimd mei in taakstellende besuniging fan 1,6 miljoen op taal en kultuer. Yn 2022 waard dy besuniging, dy’t noch net fierder spesifisearre wie, al opnaam yn de mearjierrebegrutting om de provinsje ek yn de takomst yn de swarte sifers te hâlden. Under lûd protest fan it fjild, dat him terjochte ôffrege hoe’t de provinsje oan ‘e iene kant ynsette woe op ambisjeuze BFTK-ûnderhannelings en oan de oare kant sels it mes yn de sektor stekke woe. Ek DINGtiid hat hjir destiids kritysk op reagearre en syn soargen der oer utere.
Dy ambisjeuze BFTK is der aldergeloks wol kaam. Ekstra jild fan it Ryk ek. Mei al dy ambysjes, dy’t no ek ferwurde binne yn it nije taalbelied én yn it nije kultuerbelied, kin der fansels fan besunigjen gjin sprake mear wêze, want mei minder jild kinne al dy plannen mar lestich realisearre wurde. Mar wat docht bliken: deputearre steaten seagen hjir gjin probleem yn en setten de besunigings troch. Je freegje je ôf wat dit betsjutte sil foar de takomstige BFTK ûnderhannelings. At de provinsje sels besuniget, wat falt dan fan it Ryk te ferwachtsjen?
It lêste wurd wie fansels net oan Deputearre steaten mar oan de Provinsjale steaten. Woansdei mochten de steateleden oer de besunigings beslute doe’t de saneamde Ramtnota foarlei, dêr’t de kaders foar de begrutting yn set wurde. D66 tsjinne noch in moasje yn om de besunigings op taal te skrassen, mar dy helle it net: 14 foar, 29 tsjin. Alle koälysjepartijen (CDA, BBB, FNP en CU) plus de VVD, FvD en JA21 stimden tsjin de moasje en dus foar de besuniging.
De foarstelde besuniging is in stelpost. In net-spesifisearre of ynhâldlik ûnderboude taakstellende besuniging. Yn de beliedsnota’s foar taal en kultuer dy’t kommende moanne foarlein wurde oan Provinsjale Steaten wurdt fierder ynfolling jûn oan de besunigings. €800.000 by taal en €800.000 by kultuer. Der kin noch wat skood wurde mei it jild en it is noch net útiten wêr’t it weikomme moat. Dat klinkt skaplik, mar it tsjinstelde is wier. De provinsje, dy’t al jierren hammeret op mear gearwurking yn it Fryske fjild en dêr sels in hiel trajekt foar yn it libben roppen hat (it saneamde Gearwurkingstrajekt Fryske Taal en Kultuer (GFTK)) docht hjir oan ferdiel-en-hearskje. Ambysjes en easken omheech, mar minder jild en fjochtsje ûnderling mar út wêr’t it wei komme moat, liket it boadskip te wêzen. It fjild is wol wizer: Oant no ta hawwe de partijen dy’t it oangiet har net tsjinelkoar útspylje litten.
Wa binne de partijen dy’t dit streekrjocht oangiet? Yn de nije taalnota wurdt no foarsteld om op de folgjende organisaasjes en inisjativen te besunigjen:
Dat betsjut ûnder oaren gjin struktureel jild mear foar it Mercator European Research Centre, gjin jild mear foar de Stellingwarver Schrieversronte, en sawat de helte minder jild foar it tydskrift Heit & Mem en it Taalkado.
It mei dúdlik wêze dat dit foar lytse inisjativen en organisaasjes rake klappen binne. Dy ympekt stiet net yn ferhâlding ta de ympekt fan dizze besunigings op de begrutting. Want op in begrutting fan sa’n 500 miljoen euro stelt dy twa kear €800.000 fansels neat foar. Sels net as der stadich tawurke wurdt op in takomstige lytsere begrutting fan sa’n 350 oant 400 miljoen euro. Wêrom’t sa bot fêstholden wurdt oan dizze besunigings is elk dan ek in riedsel.
Ik stel my sa foar dat it idee is ‘Alle bytsjes helpe’ en dat dit besunigings binne dy’t it op papier goed dogge. Nim de besuniging op it Mercator European Research Centre. Dat giet fan struktureel nei ynsidinteel jild. In boekhâldkundich trúkje dêr’t de provinsjebegrutting mei holpen is. De praktyk is wjerstribbiger. Op ynsidinteel jild kinst net struktureel begrutsje. Kinst gjin minsken duorsum oanstelle. Kinst gjin langjierrige gearwurkings oangean mei oare partners yn Europa. Kinst net fierder sjen as in pear jier foarút. En dat foar it ynstitút dat Fryslân ferbynt mei de rest fan Europa en foarrinner is op it mêd fan ûndersyk nei minderheidstalen en taalbehâld. Soe de provinsje wol witte oan hoefolle fan har eigen doelstellings Mercator bydraacht?
Wat oars dat op papier goed wurket is it nekke-omdraaien fan lytse ynstellings of stiftings dy’t sûnder provinsjale stipe tusken wâl en skip falle. De hannen derôflûke en oanjaan dat it net jo ferantwurdlikheid is. Gjin provinsjale taak. De provinsje soe te lyts wêze as it Ryk mei it Frysk omgean soe sa’t de provinsje omgiet mei de streektalen. Yn stee fan der op de begrutting jild by te dwaan foar de oare lytse talen wurdt de bydrage foar de Stellingwarver Schrieversronte hielendal skrast.
Byldfoarming en werklikheid. Fryske taskes útdiele, oeral sjen litte dat wy sokke aardige taalkado’s fuortjouwe, pleitsje foar de needsaak fan taaloerdracht, en tagelyk besunigje op it taalkado en it ûnfolpriizge tydskrift Heit & Mem. Wylst beide sokke simpele en doeltreffende ynstruminten binne om troch de hiele provinsje âlden en fersoargers te berikken en te ynformearjen.
Mar der is noch hoop. Miskien ha hja it oer de holle sjoen, mar der hat him in oplossing oantsjinne. Ut de deputearren harren eigen bûsen nota bene. De fiif deputearren woenen graach yndividueel budzjet – elk 250.000 yn it jier – om nei eigen goedtinken út te dielen. Dat giet lykwols net troch om’t bliken die dat, sa’t elk hieltyd al sei, soks net realistysk (en net winsklik of demokratysk) is. Dêr ha we dus al 1,25 miljoen struktureel, samar ynienen wer beskikber. Boppedat is der ynsidinteel 39 miljoen oer fan foarich jier. In bytsje kreatyf boekhâlder komt dêr in hiel ein mei. As dizze romte net benut wurdt om dizze besunigings te skrassen meie je je wier ôffreegje oft de provinsje wol echt efter de doelstellings yn harren eigen beleid stiet.
Je woenen se wizer ha. Mar it is noch net te let. Kommende moanne wurde de taal- en kultuerbeliedsnota’s fêststeld en pas nei de simmer wurdt de definitive begrutting fêststeld. Ynsprekke dus, de barrikaden op sa’t Pieter de Groot yn LC skreau. Lit ús hoopje dat Deputearre Steaten, better let as net, ynsjogge wat se oanrjochtsje.
Jens zegt
”De provinsje soe te lyts wêze as it Ryk mei it Frysk omgean soe sa’t de provinsje omgiet mei de streektalen.”
Sterker nog, men ziet graag het Fries verplicht in de gemeente Oost-Stellingwerf. Zie je het voor je, Stellingwerfs verplicht ten noorden van de Kuinder buiten ”autochtoon” gebied?
Jelle Sies zegt
Goeie,
Ik bin Jelle Sies.
De minsken dy’t wat hawwe
en degenen dy’t neat hawwe.
Fanut it ferline binne der minsken dy besit hawwe.
Dizze minsken sille nimmer heech sitte.
Ryke alders, geluk of hurd wurke.
Faak binne der earme minsken.
Gelokkig krije se hjir yn Fryslan noch wat te fretten.
As minsken dy’t wat hawwe no wat jaan oan dy’t neat hawwe.
Komme we de dei ek troch!
Jelle Sies zegt
verkearde link mei jun