• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Meartaligens yn de praktyk: Suzanne Dekker promovearre op ûndersyk nei meartaligens op Fryske basisskoallen

19 juni 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

S.V. Dekker, Multilingualism in heads, hearts and hands, coveryllustraasje eigendom S. Dekker

Suzanne Dekker promovearre tongersdei 13 juny 2024 oan de Ryksuniversiteit Grins op har proefskrift ‘Multilingualism in Heads, Hearts, and Hands’: Attitudes towards the development, implementation, and evaluation of multilingual approaches in Frisian primary schools.

It promoasjeûndersyk is útfierd binnen it 3M Project (Meer kansen Met Meertaligheid) en giet oer it ûntwikkeljen, ymplemintearjen en evaluearjen fan meartaligens op Fryske basisskoallen. Binnen it 3M Project binne meartalige aktiviteiten ûntwikkele foar ferskillende doelgroepen learlingen. Dekkers ûndersyk giet oer de hâldingen tsjinoer meartaligens en it brûken fan dizze meartalige aktiviteiten, en hoe ’t de hâldingen harren ûntwikkelje yn de rin fan it projekt.

Dekker hat gebrûk makke fan kwantitative enkêtes en longitudinale analyze fan fideo-data, en kwalitative (longitudinale) ynterviews. “It ûndersyk lit sjen dat men oer it algemien posityf is as it giet om meartaligens, en in soad helje kin út dielname oan in projekt as 3M. Ek lit it sjen dat soksoarte projekten needsaaklik binne om meartaligens del te setten as prioriteit binnen de skoallen.” 

In gearfetting fan de dissertaasje yn trije talen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk) kinne jo hjir dellade.

Dekker wurket sûnt oktober 2023 as postdoc ûndersiker by it Mercator Research Centre, ûnderdiel fan de Fryske Akademy. Dêr wurket hja benammen oan it analysearjen fan de Taalsurvey, in grutskalich ûndersyk nei de hjoeddeistige sels-ynskatte taalfeardigens, attitudes en gebrûkspatroanen fan it Frysk. Ek is Dekker belutsen by it nije projekt InterGenerational Transmission of West-Frisian (IGT). Dêrneist wurket hja ien dei yn ‘e wike as ûndersiker by it lektoraat Meartaligens en Underwiis fan de Hegeskoalle fan Utert oan projekten oer effisjint ûnderwiis Ingelsk op de basisskoallen, meartaligens en lêsûnderwiis, en profesjonalisearring fan nijkommersspesjalisten.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: Fries, meertaligheid, mercator, Promotie, Rijksuniversiteit Groningen, taalattitudes

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d