By it keapjen fan Robert McColl Millar, A history of the Scots language. Oxford 2023 en Clive Young, Unlocking Scots. The secret life of the Scots language. Edinburgh 2023.
As ik yn in gebiet mei in minderheidstaal kom, gean ik altyd de boekwinkel yn om te sjen oft dêr ek resinte literatuer oer dy minderheidtsaal te finen is. Yn Skotlân, dêr’t ik krektlyn wie, is dêr sels de lúkse fan twa minderheidstalen: it Keltyske Gaelic, besibbe oan it Iersk, mar ek it Scots, besibbe oan it Ingelsk. Oer it Skotsk haw ik in pear boeken kocht dy’t in moaie ferliking mei de taalsituaasje yn Fryslân mooglik meitsje. Net dat ik de earste bin dy’t dy makket, want Jelle Krol hat dat yn 2018 yn in stúdzje dien dêr’t er it plak fan it Frysk, nêst it Bretonsk en it Welsk, ek mei it Skotsk ferlike oan de hân fan de skriuwers út it tiidrek fan de Earste Wrâldoarloch. De ferliking fan Krol fan Douwe Kalma en de Skotske dichter Huge Mc Diarmiad (1892–1978) gong oer de ferliking mei it Frysk. Ik wol hjir in (wiete-)fingeroefening meitsje fan de ferliking fan it Skotsk mei it Fryske Nederdútsk, de foarrinder fan it Nederlânsk mar ek fan de (fan oarsprong) Hollânske dialekten yn Fryslân lykas it Stedsk. By it lêzen fan de boeken foel my op dat wat de taalhistoaryske en de taalsosjologyske posysje fan it Skotsk oanbelanget dêrmei dúdlike parallellen te lûken binne. It Frysk soe dêrby as it Gaelic fan Fryslân sjoen wurde kinne en it eardere Nederdútsk as it Skotsk fan ús provinsje. Fansels besteane der grutte ferskillen, mar yn grutte halen sjoch ik grutte oerienkomsten. Dy ferliking kin – fia de bân – in ynstruktive refleksje op de eigen taalsituaasje biede.
It Skotsk taalhistoarysk en taalkundich
Taalhistoarysk komôf
As earste is de besibbens fan it Skotsk mei it Ingelsk út de taalhistoaryske stambeam ôf te lêzen, want beide fariëteiten hawwe deselde stam: it Aldingelsk.
Aldingelsk (450-1150) yn Ingelân oant en mei Súd-Skotlân | |
Anglian | |
Mercian yn Mid-Ingelân | Northumbrysk yn Noard-Ingelân en Súd-Skotlân |
Súdeast-Midslands Midingelsk (1150-1500) | (û.o.) Yorkshire Midingelsk / Ald-Skotsk (1150-1500) |
Londen Ingelsk | Inglis / Midskotsk |
Standertingelsk | Nijskotsk / Beskaafd Stedsk Scots (fan Edinburgh) |
De útkomst fan de histoaryske ûntjouwing is dat der wol in Standertingelsk ûntstien is mar gjin Standertskotsk; by it Skotsk giet it om in samling fan dialekten dy’t troch auteurs út Edinburgh opskreaun binne. Tagelyk hat it plattelân ek in grut ferskaat oan dialekten.
De relatyf lytse taalkundige ôfstân tusken de stedsdialekten yn Fryslân en it (histoaryske) Nederlânsk is ús wol bekend. Dy lytse ôfstân is ek tusken it Skotsk en it besibbe (histoaryske) Ingelsk – mei wat wiete-fingerwurk – oan te wizen. Mei in bibeltekst oer it ‘Bairn’ is dêr in goede yndryk fan te krijen.
Ferliking Ingelsk mei Skotsk Matteüs 1 18-21 (William Laughton Lorimer, 1885–1967) | |
Ingelsk | Skotsk |
18 This is how the birth of Jesus the Messiah came about. His mother Mary was pledged to be married to Joseph, but before they came together, she was found to be pregnant through the Holy Spirit. | This is the storie o the birth o Jesus Christ. His mither Mary wis trystit til Joseph, but afore they war mairriet she wis fund tae be wi bairn bi the Halie Spírit. |
19 Because Joseph her husband was faithful to the law, and yet did not want to expose her to public disgrace, he had in mind to divorce her quietly. | Her husband Joseph, honest man, hed nae mind tae affront her afore the warld an wis for brakkin aff their tryst hidlinweys; |
20 But after he had considered this, an angel of the Lord appeared to him in a dream and said, “Joseph son of David, do not be afraid to take Mary home as your wife, because what is conceived in her is from the Holy Spirit. | an sae he wis een ettlin tae dae, whan an angel o the Lord kythed til him in a draim an said til him, “Joseph, son o Dauvit, be nane feared tae tak Mary your trystit wife intil your hame; the bairn she is cairrein is o the Halie Spírit. |
21 She will give birth to a son, and you are to give him the name Jesus, because he will save his people from their sins.” | She will beir a son, an the name ye ar tae gíe him is Jesus, for he will sauf his fowk frae their sins.” |
Op de wurden bairn (bern), trystit (ferloofd) and kythed (ferskynde) nei giet it yn dit bibelfragmint benammen om fonetyske ferskillen: of/o, mother/mither, was/wis, before/afore, found/fund, to/tae, ensfh. De earste yndruk is dat der gjin grutte leksikale ferskillen tusken beide besteane, lykas dat tusken it Stedsk en it besibbe Nederlânsk (histoarysk) ek net it gefal is. Yn oanfolling op dizze skreaune ferzje wurdt yn de boppeneamde boeken fan McColl Millar en Young fuortdaliks opmurken dat de deistige werklikheid in hiel grut kontinuüm yn it brûken sjen lit tusken broad (suver/plat) Scots en Standertingelsk mei in licht Scots aksint. Dat alles kin Scots neamd wurde. In hiel soad Fryskpraters tinke ek al dat se Leewarders prate oft se de hurde [g] oan it begjin fan in Nederlânsk wurd útsprekke en dan ek nochris ‘juh’ der by sizze. De suverste fariëteit is oars foar Ingelskpraters, ek as se al langer yn Skotlân wenje, dreech te ferstean. Dêrby komt ek noch in taalsosjologysk aspekt, dat de eigen Skotske fariëteit hast net formeel brûkt en net faak skreaun wurdt, mar fierderop mear dêroer.
It Skotsk histoarysk
Ek yn de histoaryske ûntjouwing fan de maatskiplike posysje fan it Skotsk en it Stedsk binne mutatis mutandis grutte oerienkomsten oan te wizen [De ‘ferlykbere‘ Fryske situaasje jou ik koart tusken kante heaken]. It Skotsk funksjonearre foar 1700 gewoan as regionale sprutsen mar ek as skreaune taal [provinsjale Nederdútske fariëteiten Hollânsk, Brabânsk, ‘Vriesch’]. Foar de Feriening fan de Kroanen fan Skotlân en Ingelân (1603) wie it Skotsk de taal fan it hof en it rjochtssysteem. Dêrnei ferhuze it Skotske keninklik hof nei Londen en begûn it skriuwen yn it Standertingelsk yn plak fan it Skotsk, en de elite folge. Nei de Feriening fan de Parleminten yn 1707 ferhuze it bestjoer fan Skotlân nei Londen [mei de ferhuzing fan de Fryske steedhâlder Willem IV nei Den Haach yn 1747 waard de feriening fan de provinsjes yn 1795 (Bataafske Republyk, letter Keninkryk Nederlannen) al ynset]. It Ingelsk waard de dominante taal yn Skotlân en it Skotsk ferlear stadichoan prestiizje** [twaddde helte achttjinde iuw ûntstie der yn de Republyk in algemien Nederdútsk/Nederlânsk op basis fan de hegere Hollânske foarm]. Yn de achttjinde iuw wie der in grutte opgong fan folksaardige poezij mei nammen as Robert Burns [It Fryske Nederdútsk waard yn de akademyske rûnten (Hemsterhuis, Wassenbergh, IJpeij) as in selstannige Fryske fariëteit nêst de Hollânske foarsteld]. Yn 1872 waard de Skotske Underwiiswet oannommen, wêrtroch’t it leger ûnderwiis mei it Ingelsk ferplichte waard; it Skotsk waard ferbean en (fysyk) ôfstraft. Yn offisjele rûnten hold it Skotsk op te bestean, inkeld praat yn ynformele rûnten [Nasjonale ûnderwiiswet 1806 makke it Hollânske Nederdútsk (‘de Hollandsche tongval, in de scholen taalkundig onderwezen’ (Weiland 1805)) ta ferplichte ûnderwiistaal, it ‘Stadsch’ waard net ferbean mar yn de njoggentjinde iuw maatskiplik wol ta ‘straattaal’]. Yn de iere tweintichste iuw ûntwikkele in groep Skotske skriuwers, ûnder lieding fan Hugh MacDiarmid, in foarm fan literêr skreaun Skotsk, beynfloede troch it Europeesk modernisme, dat bekend waard as ‘synthetic Scots’ (Sjoch Jelle Krol 2018: 201-206) [Ferskillende foarmen fan legere Hollânske fariëteiten waarden inkeld foar de couleur locale/sociale brûkt (Sjoch H. Burger, Avondrood 1944)]. Yn de jierren santich foarige iuw kaam der oandacht foar de regionale dialekten yn ferbân mei in oanwinnend gefoel foar de Skotsk-nasjonale identiteit [‘dialektrenêssânse’ fan de streektalen, ek fan it Stedsk]. It Britske regear tekene yn 2001 ûnder oare foar it Skotsk it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen (inkeld diel II mei fuortsterkjen, net ferplichtsjen), dy’t late ta in seker taalbelied, ek foar it ûnderwiis [Nêst it Frysk (diel III ferplichtsjend) wie der gjin plak foar de Hollânske dialekten yn it Hânfest, sels net yn diel II, inkeld foar it Biltsk wurdt der gemeentlik taalbelied ûntwikkele, ûnder oare foar it ûnderwiis].
It Skotsk taalsosjologysk
Ut de beide boeken komme werkenbere foarbylden oer it hâlden en dragen fan de sprekkers mei it Skotsk. Hie it Skotsk oant yn de santjinde iuw noch in aardich heech prestiizje, yn de achtjinde iuw is de sosjolingwistyske kleuring op it kontinuüm sûnt de achttjinde iuw neffens de bekende fariabelen werom te finen yn it taalgebrûk (ferlykje de ‘fariabele regel’ fan Labov): âlderen, froulju, plattelanners, leech-oplaten en sprekkers brûke suverder Skotsk as harren tsjindielen en in yntyme situaasje lokket suverder Skotsk út as in formelerenien. Spesifike stedsdialekten fan de legere klassen krije in eigen identiteit as ‘Urban Scots’ mei in sosjaal leger oansjen fan brykpraat (mar dat tagelyk de jongerein, benammen jonges, oansprekt troch syn stoerheid). It droech yn alle gefallen net by oan in goede namme foar it Skotsk yn it algemien. Dy sosjaal delgeande tendins liket miskien oan de ein fan de njoggentjinde en it begjin fan de tweintichste iuw troch dialektologyske belangstelling ôfremme en is der in besykjen om ta in nij nasjonalistysk bewustwêzen te kommen. De Douwe Kalma fan Skotlân MacDiarmiad, woe krekt fan de dialektologyske, folkloristyske wize ôf en dêr in Standertskotsk foar yn it plak sette. It slagge lykwols net om mei dat heechdravende Skotsk de hegere domeinen lykas it ûnderwiis en de media te berikken; de maatskiplik ynfloed wie minimaal. Yn de tiid fan it ynterbellum waarden de minsken krekt sosjaal mobiler sadat de delgong fan it Skotsk him yn de tweintichste iuw trochset hat. De legere middenklasse, de klasse dy’t rjochte is op opgeande sosjale mobiliteit, stapte oer op in foarm fan Ingelsk. Minsken tochten dat it Skotsk oan it útstjerren wie. Yn de folkstelling fan 2011 joegen oars wol oardel miljoen Skotten oan Skotsk prate te kinnen, mar der moat tagelyk konstatearre dat dat taalgebrûk in soarte fan tuskentaal wurden wie fan it suvere Skotsk en it Ingelsk. Oars as de sprekker fan it Gaelic dy’t yn ien kear oerstapt op it Ingelsk en werom (lykas de Fryskprater), is de sprekker fan it Skotsk ien dy’t triemleas fan in suverder foarm nei in minder suvere foarm trochskowe kin [lykas by it Stedsk].
De hjoeddeiske útkomst
Wat is it sosjale plak fan it Skotsk no nei in iuwenlange ûntjouwing? Yn de titel fan it boek fan Young oer de ‘secret life’ fan de Skotske taal wurdt al suggerearre dat dy (as taal) ûnsichtber is, in ferburgen skat fan de Skotske kultuer. It ropt de fraach op oft it eins wol in ‘taal’ is of dat it net earder in foarm fan (min) Ingelsk is. It hat boppedat de ‘pech’ dat Skotlân al in ‘echte taal’ hat: it Gaelic (mar dy is weromkrongen ta in lytse minderheid yn de perifery fan de westlike eilannen fan de Hebriden). Dochs is dat Skotsk – likefolle yn hokker foarm – in drager fan identiteit, fan eigenheid. Der binne ûntjouwingen om it yn it ûnderwiis te brûken (sjoch foto boppe dit stik), der wurdt aardich wat yn publisearre op it mêd fan poesije en proaza. Dochs giet de grutte rop fan it Gaelic út, mar ja, dat hat wer oare kanten dy’t net útkomme. It Stedsk hat dy útstrieling net, lykas de namme it al seit stiet dat inkeld foar de lokale (soasjaal legere) stedsmienskip yn Fryslân.
Botham lyne
Nettjinsteande de ferskillen binne der ferskate oerienkomsten tusken it Skotsk en it Fryske Nederdútsk oan te wizen. Beide hawwe de basis yn de letter dominant wurden steatstaal. Sy krije yn de midsiuwen in eigen taalidentiteit dy’t by in fierdere ienwurding fan harren nasjonale steat yn de achttjinde iuw ferlern giet en yn in dialektstatus oergiet. Der komt ek in sosjale opdieling; it Skotske Ingelsk en it Fryske Nederdútsk krije de sosjaal legere rol takend dy’t yn de iuwen dêrnei ta in dúdliker dialektstatus en lang om let ta in sosjolektisearring liedt. It suvere dialekt wurdt hast inkeld praat yn de yntime thússituaasje en op papier inkeld foar folkloristyske ûnderwerpen brûkt. Der ûntstiet ek in sosjolingwistysk kontinuüm dêr’t in sprekker sûnder oerstappen mei skowe kin al neigeraden de situaasje. Omdat dy relaasje mei de besibbe dominante taal yn it tinken hieltyd wer ta de fraach liedt oft de sosjaal legere fariëteit wol as in taal sjoen wurde kin en der foar beide wol it alternatyf fan in ‘echte taal’ (i.e. Gaelic en Frysk) beskikber is, binne sels inisjativen om dêr feroaring yn te bringen (De Skotske Renaissance fan MacDiarmid-en-dy, foar it Stedsk is dat net iens besocht omdat it Frysk yn dy tiid dêrta útkeazen waard troch Kalma) hawwe yn de marzje fertuten dien, mar it ûnderwiis dêrfan wurdt tsjintwurdich hindere troch it ûntbrekken fan in standertstavering, it kwalik ûnder eagen krijen fan skreaun Skotsk, ûnwissigens oer it skriuwe kinnen*** en de negative hâlding fan de learkrêften. Ek wurdt it sosjolekt as brykpraat sjoen, min Ingelsk; it leit op in ferkearde namme. Foar it Stedsk is der yn it ûnderwiis neat fan de grûn kommen en wurdt troch de man op de dyk as in mjuks, as in mingtaal fan Nederlânsk en Frysk kwalifisearre, dus ek as brykpraat. Yn dizze histoaryske kontekst besjoen binne der foar it Biltsk moaie resultaten by oerheid en ûnderwiis berikt.
*Mei tank oan Jelle Krol foar it meilêzen.
**De bekende Skotske biograaf James Boswell (1740–1795) tocht yn de twadde helte fan de achttjinde iuw net sa posityf oer it gebrûk fan it Skotsk trochs syn heit Alexander (1706–1782) as rjochter fan it Hof fan Skotlân (yn myn wurden, RJ): Syn heit ferachte de moderne literatuer, spruts plat Skotsk fan de achterbuert, en sels skriftlik die er gjin muoite om de Skotsismen te mijen dy’t de measte fan syn kollega’s as fulgêr begûnen te beskôgjen. (He scorned modern literature, spoke broad Scots from the bench, and even in writing took no pains to avoid the Scotticisms which most of his colleagues were coming to regard as vulgar.)
***It staverjen troch de learlingen is oars net in probleem op Whatsapp. Sy betochten Skotske ‘afko’s’: ‘KFL’ foar ‘ken fit like’ [you know what I mean] ‘IDK’ ‘I dinna ken’ [I don’t know], ‘FYD’ for ‘fit ye deein’ [what are you doing]. Ferlykje yn it Frysk BG foar ‘bêst genôch’.
Laat een reactie achter