Op 20 septimber is taalkundige Jarich Hoekstra ferstoarn. Ta syn neitins ha Bouke Slofstra en Henk Wolf in pear stikken út Jarich syn pinne opdold om se hjir nochris wer yn it ljocht te jaan.
Jarich skreau syn stik oer de ûnpersoanlike omnamwurden men, jins en jin yn it Nijfrysk (fan 2010) foar in kongres oer sokke omnamwurden yn Germaanske talen. It is faak en folle sitearre yn ‘e taalkundige literatuer. In oantal skaaimerken fan Jarich syn wurkwize binne yn it artikel te werkennen.
Yn in brede ferkenning komme ferskynsels oan ‘e oarder dy’t de measte oare fryskpraters net yn it sin komme. De analyze dolt djipper as ferwachte en it docht dêrby bliken dat de auteur in mannichte literatuer op it stik fan sinbou, wurdfoarming, etymology en semantyk achter de knopen hat.
It is frij algemien bekend dat it ûnpersoanlike omnamwurd men fan man, yn ‘e betsjutting fan ‘minske’, ôflaat is, lykas it Frânske on fan homme. It ûntkomt Jarich fansels ek net dat de Nijfryske foarm men (útsprutsen mei de swakke fokaal fan de) út it Hollânsk ûntliend is. De goed-fryske foarm is fansels me, ûntstien út Aldfrysk ma. Dat me kaam yn de njoggentjinde iuw noch faak foar. De bûgde foarmen jins en jin komme oarspronklik fan it telwurd ien. (Wy sjogge hjir fansels de brekking fan stien nei stiennen, dy’t him nei 1750 ôfspile hat.)
In wjergader fan men sjogge wy fansels yn it Dútske man. Wjergaders fan jin sjogge wy yn it Ingelsk (one) en it Dútsk (einem, einen), bygelyks: wenn es einem gut geht. Yn it Frysk en Dútsk wurdt de ‘man’- foarm as nominatyf brûkt en komme de ‘ien’-foarmen as bûgde foarmen foar: men is noait tefreden as it jin goed giet. De Ingelske feiten litte sjen dat in ‘ien’-foarm ek as ûnderwerp brûkt wurde kin: one shouldn’t be surprised. Yn it Yslânsk wurde de nominatyf madhur en de bûgde foarm man beide as ûnpersoanlik omnamwurd brûkt, dat de ‘man’-foarmen kinne op harsels wol bûgd wurde. Yn gjin Germaanske taal wurde de Fryske en Dútske rollen fan ‘man’ (nominatyf) en ‘ien’ (bûgd) omkeard.
Yn Jarich syn grammatika is it Fryske men altyd generyk en ynklusyf. Dat wol sizze dat wy net sizze kinne: *dy tsjerke hat men yn 1900 boud. De sin is immers net tiidleas en de ik-persoan wurdt as dielnimmer fan de men-mienskip útsletten. Men moat altyd tefreden wêze is dêrfoaroer in goede sin.
As wy yn ‘e Taaldatabank sjogge, dan fine wy wol in pear gefallen fan net-generyk en net-ynklusyf men, sawol yn de tweintichste iuw as earder. Mar dy binne útsûnderlik. Jarich syn strange, frijwat âldfrinzige en preskriptive ‘taalnoarm’ bringt hjir nijsgjirrige taalferskynsels oan it ljocht. It net-generike men is fansels in Hollânsk ynslûpsel.
It Fryske men is sa botte ynklusyf fan betsjutting dat it ek as in beskiedenheidsfoarm fan ‘ik’ brûkt wurde kin, krekt sa’t it Frânske on gauris de betsjutting fan ‘wy’ hat. (Hoe’t it giet? No, men hat optheden neat te kleien.) Jarich giet noch in stapke fierder. Hy hat foarbylden fûn fan in beklamme men (mei de sjwa fan de) yn ‘e betsjutting fan ‘ik’: En wa moat it belije? Men!
It ûnpersoanlike besitlik omnamwurd jins (ferlykje Ingelsk one’s) mist yn it Dútsk. Yn it stik krijt dat wurd jins aardich wat omtinken. Minder wiidweidich wurdt útlein dat syn en him likegoed as bûgde foarmen fan (of: by) men brûkt. Yn it iermoderne Frysk binne jin en jins wat letter opkommen as dy oare twa.
Hjoeddedei slacht it Hollânske men wierskynlik by de jongerein foar master op, mei al syn eigenskippen. De útspraak is ien mei it lûd fan let. De semantyske beheining fan generikens en ynklusiviteit is ferdwûn. En de foarmen jin en jins binne fergetten. Of der is in oar soarte fan ynklusiviteit foar yn it plak kommen. Yn in praatsje op in Taalkundedei fan ferline jier waard útsteld om it wurd jin te bûken as standertoersetting fan it Hollânske ‘genderneutrale’ hen. Sokke dingen binne foar Jarich syn ûndersiken net sa botte rillevant, dat se wurde amper neamd.
Yn ‘e analyze fan ien en oar wurdt in soad opdold. Tefolle om hjir op te neamen. In moai foarbyld is lykwols Jarich syn besprek oer de (pro-)nominale eigenskippen definitens en spesifikens. In haadnammegroep of omnamwurd is definyt as it nei in ferskynsel wiist dat by de sprekker en de harker bekend is, bygelyks de doar yn: docht de doar ticht. Dêrom wurdt it lidwurd de (ûnsidich: it) ek wol it definite (of: beskate) lidwurd neamd. In haadnammegroep of omnamwurd is spesifyk as it ferwiist nei in besteand ding, ienfâldich sein. In foarbyld is: Jantsje wol mei in Grinzer trouwe. As hjirmei in bepaalde Grinslanner (litte we sizze Eggo út Stadsknoal) bedoeld wurdt, is de haadnammegroep in Grinslanner spesifyk. Mei oare wurden: der bestiet in Grinslanner x en mei dy x wol Jantsje trouwe.As de sin betsjutte moat dat Jantsje mei likefolle wa trouwe wol op it betingst dat de man yn Grinslân wennet, dan is de haadnammegroep in Grinslanner net spesifyk.
Koarte tiid foar it ferskinen fan Jarich syn artikel hat der ûnder taalkundigen diskusje west oer it begryp ‘spesifikens’. Jout de besteande definysje wol wjer wat in gewoan minske mei syn memmetaal ‘docht’? As is sis dat in dief juster yn ‘e hûs west hat, is dy dief dan spesifyk? Der bestiet ommers in dief x en dy hat by my yn ‘e hûs west. As dy dief “der is” of “west hat”, dan “bestiet” dy dief en hat er in namme en in identiteit, want sa giet it der yn ‘e wrâld om en ta. En dan is er yn sekere sin spesifyk. Mar dat bedoel ik fansels net as ik dat sis.
Jarich nimt dy resinte kennis mei yn syn besprek fan de pronominale eigenskippen fan men, jins en jin. Nei syn betinken binne dy wurden wol definyt, want it giet om in bekend ferskynsel soks as ‘it minskdom, de wrâld, de minsken yn it algemien’. Mar dat it is net genôch foar Jarich. Hy moat in test fine, en dy is der: de as-test: as goe-Fries is men altyd ferkâlden. De as-test jildt as in bewiis foar definitens. Deselde ûnpersoanlike omnamwurden binne net spesifyk. Der is net in oanwiisbere groep minsken yn ‘e werklikheid dêr’t men nei ferwiist. Men ferwiist nei minsken yn it generaal, minsken út it hjoed, it ferline en yn ‘e takomst. En sels oer mooglike en net-besteande minsken.
Yn in grammatikale beskriuwing fan it Nijfrysk soe gjinien him bûge oer de ‘definite’ of ‘spesifike’ status fan it omnamwurd men. Je soene sa’n fraach net optinke kinne. Yn in taalkundige diskusje wurdt it fansels oars.
Nei myn betinken jout it artikel oer men, jin en jins in aadige yllustraasje fan Jarich syn taalkundige wurk. Mar ek net mear as dat, want der is noch in protte oer te sizzen.
Laat een reactie achter