Ien fan de bêst bewarre geheimen op taalsosjologysk en dialektologysk gebiet yn Fryslân is wol it saneamde ‘Gieters’, it no útstoarne dialekt fan it Nedersaksysk, as migraasjetaal ôfkomstich fan it Oeriselske Gieteren (Giethoorn) en omkriten. Yn 1751 waard it foar it earst troch de earste turfmakkers nei Aldehaske en omkriten meibrocht, yn 2011 is de lêste sprekker yn Lúnbert stoarn. Yn Tusken Talen hawwe wy (Jonkman en Versloot 2008: 101-103) yn it haadstik Gitersk/Stellingwerfsk beide fariëteiten sa’n bytsje mei inoar lykslein. Dochs foarme it Gitersk sa’n twaenheale iuw geografysk in aparte enklave fan in lang lint fan doarpen dat sa’n bytsje rûn fan Ychten, Dolsterhuzen, Sint Jânsgea, Rotsterhaule, Stobbegat (letter Vegelingsoard), Aldehaske, Terbant, Lúnbert, Tsjalbert, Gersleat, De Tynje en (Nij) Beets (sjoch kaartsje).
No hawwe al dy doarpen net allegear tagelyk Gitersktalich west; twa ‘weagen’ fan Giterskpratenden hawwe har rûchwei út Aldehaske wei nei it westen en nei it easten beweegd, mei as lêst oerbleaune kearn Tsjalbert en de doarpen der omhinne, benammen Lúnbert. Beide lêste sprekkers binne ek oan it begjin fan 21ste iuw yn de susterdoarpen Lúnbert-Tsjalbert stoarn: Johanna Berber Brandsma-Tuiten (BT: Lúnbert 1955 – Lúnbert 2011) en Jantsje Knevelman-Krol (KK: Tsjalbert 1915 – Tsjalbert 2005). Der is in koarte lûdopname fan harren makke, wat miskien wol it lêste petear oer én yn it Gitersk west hat.
Johanna Brandsma-Tuiten (BT) ynterviewt Jantje Knevelman-Krol (KK) yn 2004 |
BT: Doar sitten wy dan …..te kruumproaten*. KK: Gieters! BT: Ja, Gieters, hen, Gieters, ja. Wy hadden et veurige week ok nog over de winter, hen, over de waanten. KK: Over de waanten en hazzen.** BT: Dat de mênsen die anhebben, hen. Wat is de natuur nog mooi, niet. KK: Ja, maar wel kold! BT: Maar wel kold op dit moment, ja. We sitten ok zowat in de ijsheiligen. De jonge bloemegies worden der weer inplaand. |
3. verkeerd, onjuist inzake spreken, redeneren (denigrerend, maar door sommige sprekers lange tijd niet zo gevoeld:) kroem praoten Stellingwerfs spreken ‘Kroem praoten’ is in Steggerde negatief; ‘plat praoten’ niet (Bu[ijl], Ste[ggerde]), (…)
** Frysk: heizen/hoazzen
Yn twa artikels behannelje ik in pear aspekten dy’t mei dizze nijsgjirrige Nedersaksyske fariëteit yn it Frysktalich gebiet ferbûn binne, ûnder oaren oan de hân fan de hjirboppe fetsetten wurden. Earst koart wat oer de skiednis fan de komst fan de feanarbeiders fan de twadde helte achttjinde iuw ôf nei de leechfeangebieten yn it suden fan Fryslân oant it begjin fan de 21ste iuw. Fansels komt it oanwinnen en it belúnjen fan it tal sprekkers yn de twaenheale iuw fan syn bestean op it aljemint. Dêrby komme taalsosjologyske aspekten as prestiizje en nammejouwing foarby (Op syn Gitersk I). Ik slút letter ôf mei in blik op de taalkundige kant fan it dialekt: is it Gitersk en it Stellingwerfsk lyk te slaan? (Op syn Gitersk II).
Skiednis: opkomst en ûndergong fan in ynkommen dialekt
De Tsjalberter Arjen Fetzes Koopmans hat mei syn koart Beaken-artikel ‘Ynvaezje fan ,,Gietersk” turfmakkersfolk nei de omkriten fan it Hearrenfean’ (1954) gâns sifers garre oer de grutte ynstream dy’t der yn in lytse iuw west hat om de desennia fan 1800 hinne. In foarbyld fan de oantallen yn de al earder neamde Aengwurder doarpen is yllustratyf foar de massaliteit fan de ynstream fan de migranten dy’t sawat alhiel fan Gitersk (omlizzende doarpen ynbegrepen) komôf binne. Koopmans liedt dat ôf fan in list fan ynwenners fan Eangwurden út 1839. Yn dat jier wennen dêr 2666 minsken tsjin 566 ynwenners yn 1744. Grutte oanparten binne fan Oeriselsk komôf; óf berne út earder ynkommen Oeriselske âlden, óf ôfkomstich út de oare ‘turfmakkersdoarpen’ Sint-Jânsgea, Rotsterhaule, Reahel, Rottum, de Haske, (sa’n bytsje de helte) óf streekrjocht út Gieteren en oare plakken út ‘e kop fan Oerisel (in fyfdepart) (Koopmans 1954: 28-29). Hjir komt al wat nei foaren fan de trek fan Giterske feanarbeiders nei it westen en it easten út De Haske wei, it wurk achternei. Jan Post jout ek in yndruk fan hoe’t sa’n bytsje yn ‘e midden fan de njoggentjinde iuw de helte fan de bewenners fan De Tynje Gitersk prate. Ut syn ferhaal wurdt ek dúdlik dat de gearstalling fan de doarpsmienskip hieltyd yn beweging wie troch ynkommende en ôfsettende Gitersken.
Dy yn- en útstreamen fan ynwenners fan in doarp waarden foar in grut part beynfloede troch de produksje fan turf yn de oanbelangjende doarpen. Doe’t dy produksje ynsakke yn it lêste fearn fan de 19de iuw (sjoch grafyk) wie dat it sein ek foar de Giterskpratenden om (wer) ôf te setten. Der ûntstienen sadwaande gjin stabile taalferhâldingen; it Gitersk kealle yn it lêste fearn fan dy iuw net allinnich lokaal mar ek yn totaal ôf. De ymmigraasje fan minsken fan bûtenút gong yn it begjin noch troch.
De bining mei it oarspronklike gebiet is wol hieltyd bestean bleaun. Under oare de dialektolooch Kloeke melde oer Lúnbert en Tsjalbert dat ‘die, naar men mij mondeling meedeelde vanuit Giethoorn bevolkt zijn en waarvan de bewoners nog steeds familie- en vriendschapsbetrekkingen met die van Giethoorn onderhouden’ (Kloeke 1929: 150). Yn de jierren fyftich hat der noch in “familiebezoek” nei Tsjalbert west fan de menniste gemeente. Yn de Opregte Steenwijker Courant (17-04-1953) wurdt noch oer de lêste resten fan de taal rept: “Onder de oudste Tjalleberdsters wordt hier en daar nog het Gieterse dialect gesproken, maar de jongere generatie is volkomen Fries geworden, ook in taal.” Sels 20 jannewaris lêstlyn hat Gerke van Hiele, predikant fan de mennistegemeente dêre, noch skreaun oer de trek nei Fryslân. Hy wie in âlde ’Gieterse’ famyljebibel op it spoar kommen mei dêryn in ferwizing fan dy histoaryske trek nei Fryslân yn it famyljeregister: ‘De stamvader van deze familie, Harmen Gerriets Dam was in 1782 geboren in Giethoorn en hij vertrok met de vervening richting Luinjeberd en Tjalleberd waar in 1817 ook een doopsgezinde gemeente werd gesticht met vooral Gieterse gezinnen.’ Der hat dus yn de turfmakkersdoarpen oant op it lêst in grutte bewustheid west fan it eigen dialekt. Frou Knevelman sei yn 2004 yn dat lêste ynterview noch mei klam: Gieters!
It gefolch fan de ynkomst fan de nije Giterske bewenners wie dat dy de âlde ynwenners (faak greidboeren) om ekonomyske redenen ferdreau omdat dat agrarysk bestean dêre stridich wie mei de feanterij dy’t it greidlân opslokte. It Gitersk naam yn de njoggentjinde iuw yn dit tichte sosjale netwurk fan de doarpsmienskip it plak fan it Frysk yn. Koopmans hat noch in sturtsje fan dy Giterske taalmienskip meimakke, mar tagelyk tekenet er al it begjin fan de teloargong op:
Wy witte it noch út ús skoallejierren, dy’t yn it lêst fan de foarige ieu (1900) foelen, dat der doe yn Gersleat, dêr’t it forfeantsjen earder (yn ‘e Aldeweister polder) bigoun wie fan net-Gietersken dat doe yn Gersleat de measte bern by skoalle Frysk praetten. Yn Tsjalbert wie it doe sà, dat der mar inkelden Frysk praetten en yn Lúnbert wie it allegearre Gietersk.Noutiids [nei WO II] is it sa, dat allinne inkelde âlderen noch tsjininoar Gietersk prate en yn húshâldings dêr’t beide âlden âld-Tsjalberters binne, fansels de bern, yn ‘e hûs, ek. By skoalle wurdt lykwols fan alle bern Frysk praet en de âlderen kinne it allegearre ek wol. It sprekt, dat yn it hjirre sprutsen Frysk wol inkelde Gieterske wurden oerbleaun binne en dat gâns oare wurden hwat in ôfwykjende útspraek hawwe.’ (Koopmans 1954: 31)
De earste taalsjologyske ûndersikers fan Fryslân, Boelens en Van der Veen (De taal van het schoolkind in Friesland, 1956: 81-82), befestigje de tebekgong fan it dialekt yn it neioarlochske Tsjalbert: ‘In Tjalleberd werden slechts drie van de 152 als dialectsprekers aangeduid. Het Tjalleberters is dus bij de schooljeugd practisch verdwenen.’ It Gitersk wie yn de jierren fyftich fan de foarige iuw gjin mienskipstaal mear en inkeld yn gebrûk as húshâldingstaal. It hat it noch – sjoen de opname dy’t yn 2004 makke is – it útholden as persoanlike taal fan guon, mar is no dus hielendal ferdwûn.
It prestiizje fan it Gitersk
De hjirfoar sketste ferrin fan it Gitersk is der ien fan opkomst en delgong dat hast like gau opkommen as ferdwûn is. Wat hat no bydroegen ta dy gong fan saken: it prestiizje of de wikseljende wenomstannichheden?
Al by de alderearste ynkomst fan de ynstream fan Gitersken yn it westlike part fan it lint fan ferfeantersdoarpen as Sint Jânsgea, Rotsterhaule en Aldehaske waard in negative hâlding by de Friezen waarnommen, ferwurde troch de feanberimer Marten Jans in 1767:
Gaan wij eens treden voort naar ’t dorp van Oudehaske
En zien, hoe ’t daar nu wordt tot ééne waterplaske;
Door ’t uitlandsch vreemde volk wordt daar het land verteerd [sic, RJ].
(Yn Spahr van der Hoek 1969: 129)
Troch de massaliteit fan it oanlûken fan de yn it djipgraven spesjalisearre feanarbeiders fan Gieteren en it dreger meitsjen fan de greidbuorkerij troch lânferlies waard de oarspronklike befolking ferdreaun. Dat alles mei-inoar hat him omsetten yn in negative hâlding foar de Gitersken oer. Der waard leechlizzend oer harren praat. De Friezen hienen bygelyks de gek mei ‘Overijssels bier’ fan de feanarbeiders dat in mingsel fan jittik, sjerp en wetter wêze soe. De negativteit rjochte him ek op it ’turftrappers-taaltje’. Roel Piters de Jong skreau dêroer:
De autochtoane befolking fan de Ouster Trijegeaën wie oer it algemien net bysûnder ynnomd mei de Oerysselse ymport. Hja koene de measten net ferstean en de turfmakkers op harren beurt ferstiene de âlde befolking ek mar mei lijen. Deturdmakkers libben yn in hiel oare wrâld as wat men hjir wend wie. It folkskarakter wie ek oars en dêr koene hja as de geseten Friezen har mar min by oanpasse. Foaral de âldere turfmakkers, dêr ’t in bulte analfabeet tusken sieten, waarden net foar fol oansjoen en fan gefolgen sylden de jongeren yn ’t selde soch mei. Ik ha frijwat turfmakkers kend, dy ’t in briefke mei har namme derop yn ‘e beurs hiene. As hja by gelegenheid harren namme sette moasten, dan kaam de beurs foar it ljocht, it briefke waard derút krige en neist it pompier lein dat hja tekenje moasten. Dan waard de namme sa goed mooglik neiskreaun. (…)
De turfmakkers seinen fan de boeren: ‘De boeren hemmen aanders gien proat as over koenen, hui en dong.‘ It wienen twa skate wrâlden dy’t mar stadichoan nei inoar ta groeiden. (De Jong 1982: 72, 73)
De Gitersken holden it as feanbaas en as spesjalisearre feanarbeider yn de njoggentjinde iuw noch in pear generaasjes fol om dialekt te praten dêr’t sy yn de doarpen fan Aengwurden ek de boppelaach foarmen. Yn 1900 prate dêr hast gjinien fan de skoalbern Frysk. Yn de tweintichste iuw feroaret harren posysje hurd en ek it plak fan it dialekt yn it algemien yn Nederlân, omdat sosjale mobiliteit foar gruttere groepen mooglik waard. De minsken seagen del op de ‘krompraters’ (ferlykje ‘kruumproaten’ yn it ynterview). Tagelyk krige it Frysk yn it ynterbellum foarsichtich in opgeande line te pakken (Spahr van der Hoek 1954: 132). Ek drûge de oanfier fan nije migranten út Oerisel op, wylst it oanpart Frysktaligen oanwûn, omdat de Giterske doarpen noch altyd in Oeriselsk taaleilantsje bleaunen yn it omringjende Fryskpratende plattelân. It ynbrochte dialekt rekke dêrtroch hieltyd mear yn it sosjale isolemint en waard op it lêst net mear oan de bern trochjûn. Yn 1991 skreau Maria Delgrosso yn in rapportaazje (LC 28-05-1991) oer in jubileum fan de basisskoalle yn Gersleat: ‘Het Gieters werd de belangrijkste voertaal maar later werd iedereen die dit dialect sprak uitgelachen. “Hy praat krumme of Tsjalberts”, werd er dan gezegd.’ In pear minsken dy’t it krekt nei de oarloch noch leard hienen, bleaunen oant yn ús iuw oer, mar dy binne der no ek net mear. De taalfariaasje yn Fryslân is wer wat lytser wurden.
Net inkeld prestiizje
Opmerklik bliuwt lykwols dat de identiteit net inkeld troch syn maatskiplike identiteit, syn prestiizje bepaald waard. Doe’t de ynterviewster fan it iepeningsfragmint by fersin prate oer ‘kruumpraoten’, waard se troch de ynterviewde teplak set mei ‘Gieters!’. De geografyske identiteit hat blykber net swak byspile by it fuortbestean fan it ynkommen dialekt, mei ek om dat de bining mei it Oeriselske gebiet bleau en der boppedat noch lang farske dialektsprekkers oanfierd waarden, mar op in stuit wie dat dien.
Henk Bloemhoff, Stellingwarfs woordeboek diel 2 F-K. Oosterwoolde 1994.
Kr. Boelens en J. van der Veen, De taal van het schoolkind in Friesland. Cijfers en beschouwingen. Leeuwarden 1956.
Krine Boelens, De taalsituatie in de Stellingwerven’. Yn: Driemaandelijkse Bladen 8 nr 3: 1956: 81-90.
Roel Piters de Jong, De Ouster Trijegeaen – Skiednis Fan In Part Fan Doanjewerstal. Ljouwert 1982.
‘De Tsjalberter taal De taal van Giethoorn’ Yn: Vier dorpen één streek. Een historisch overzicht in woord en beeld. Redaksje: S. Bakker, J.W. Dijkstra, A. Hoekstra, H. de Jong, Joh. Knevelman, J.W. van Leer, S. Siebenga en J. Zeevenhooven. Aengwirden 2003: 124-134.
Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Tusken talen. It ferhaal fan de Fryske taal. Ljouwert 2008.
G.G. Kloeke, De Hollandsche expansie. ‘s-Gravenhage 1929.
A.F. Koopmans, Ynvaezje fan ,,Gietersk” turfmakkersfolk nei de omkriten fan it Hearrenfean. Yn: It Beaken XXX 1954: 27-31.
A Pauwels, De plaats van het hulpwerkwoord, verleden deelwoord en infinitief in de Nederlandse bijzin. Leuven 1953.
Jan Post, Troch de Tynster tiid. 1717-2020, of safolle jier minder of mear as it útkomt. Ljouwert 2019.
J.J. Spahr van der Hoek, Samenleven in Friesland. Drie perioden uit de sociale geschiedenis van boeren, burgers en buitenlui. Drachten 1969.
Jens zegt
Is die geluudsopname ook nog argens online te vinden van die twie letste sprèkers Gietersen?
Wolter zegt
Us heit wie ek in Giterske ‘kroemepraoter/kruumpraoter’. Hy kaam fan Dolsterhuzen. It wie syn memmetaal, want hy prate it mei syn mem (Frysk mei heit). Us heit is yn 2019 op It Hearrenfean stoarn. By jierdeisfeesten hienen wy wol Stellingwervers oer de flier. Mei dy minsken prate ús heit ‘Gitersk’, wat net folle ferskilde fan it Weststellingwerfsk. Myn muoike libbet noch en praat it noch hieltyd. Sy wennet lykwols al tsientallen jierren yn Weststellingwerf… Us heit prate Frysk mei my, mar ik wit noch goed hoe’t it Gitersk út syn mûle klonk. Mei syn sus prate er oan syn dea ta Gitersk. Frjemd genôch prate er mei syn broer Frysk.
Reitze Jonkman zegt
Tige tank Jens en Wolter foar jim reaksjes!
Ik haw in pear wiken yn it bûtenlân sitten en sjoch no jim reaksjes.
Jens: De lûdsopname haw ik fan in partikulier tastjoerd krigen en kin ik net samar online sette. Ik kin prikken yn it wurk stelle om it yn in lûddossier beskikber te stellen. As Jens nei myn Akademyadres hjirûnder maild, kin ik sjen oft ik dat klear krije kin.
Wolter: It docht bliken mei it langer libjen fan Wolter syn heit en muoike dat ik mei de oanname dat de praters fan it Gitersk yn de Aengwurder doarpen de lêsten wienen der nêst siet. Dat is hjirby rjochtset. Ik haw oars dit jier sels noch in fraachpetear hân mei in frou út Tsjalbert dy’t ek ‘Gieters’ praat, mar dy komt by Gietern wei en telt dêrom net mei.
Reitze Jonkman op rjonkman@fryske-akademy.frl
Jens zegt
Ik probeere oe telkens en bod te doen via de mail allennig kriege ik telkens een meldink det mien bod niet ofelèèverd isse.
Reitze Jonkman zegt
Besykje ris rjonkman@fryske-akademy.nl
Jens zegt
Ik heb oe en bod edaone. Misskien nog wel leuk umme te weten; de dialectopname van Ouwsternijege van et Meertensinstituut hef twie luu die as Gieters met menare praot: https://ndb.meertens.knaw.nl/soundbites.php?p=F005q