Op 20 septimber is taalkundige Jarich Hoekstra ferstoarn. Ta syn neitins ha Bouke Slofstra en Henk Wolf in pear stikken út Jarich syn pinne opdold om se hjir nochris wer yn it ljocht te jaan.
Ynstee fan dy man kin men ek sizze fan dy man dêr of dy man dêre. Dat makket dat it noch wat mear opfalt dat nei ien man yn it bysûnder ferwiisd wurdt. Fierder kin men mei dy man dêre njonken dizze man hjirre ekstra dúdlik meitsje dat it om twa ferskillende manlju te rêden is. Rûnom fiele sprekkers fan allegear talen blykber it ferlet om soksoarte ferwizingen wat sterker te meitsjen.
Yn it Afrikaansk en it Noardfrysk is dat beslein troch de wei fan de wurden foar ‘hjir’ en ‘dêr’. Yn it Afrikaansk fynt men bygelyks hierdie man of daardie man. Yn it Noardfrysk hat men diheere mon en dideere mon.
Yn it artikel It is sjesa gelegen: presintative fersterking fan demonstrative ileminten yn it Westerlauwersk Frysk, it Sealtersk en oare talen hat Jarich sjen litten dat Westerlauwerske Friezen (yn Nederlân) sawol as Sealterfriezen it wurd foar sjen brûkt ha foar sa’n fersterking. Yn it Westerlauwerske is dy ûntjouwing lykwols stykjen bleaun, wylst er yn it Sealterlân trochset is.
De Sealterfriezen kinne bygelyks die Mon sizze, mar ek krie Mon. Dat is in ferbastering fan kedie Mon en dat ke- is wer ferkoarting fan kiek. Soksoarte foarmen fynt men yn it Sealterfrysk by allegear ferwiiswurden. Njonken nu hat men bygelyks knu, en njonken deer hat men kreer.
Yn ús Frysk seit men noch: Men moat sjesa tinke en dêryn sit sjesa, dat komt fan sjoch-sa. Dat is lykwols in útsûndering wurden. In lytse ieu tebek waard noch wat sein fan: Wy moatte sjedit betinke of Dat sil fan sjesokke gefolgen wêze.
Nei alle gedachten hat it gebrûk fan Kiek! of Sjoch! as omtinken-freegjend partikel de basis west fan de nije foarming. Men kin no ommers ek noch prima Sjoch, dit is it ûnderskied sizze, mei sjoch en dit as oanswettende wurden. It is dan mar in lyts stapke en beskôgje se tegearre as ien wurd.
Laat een reactie achter