Taalkundige ferskillen tusken it Stellingwerfsk en it Gitersk?
Yn Op syn Gitersk I is de skiednis fan de opkomst en delgong fan it Nedersaksyske dialekt boppe de Tsjonger of Kuunder ferteld mei de taalsosjologyske achtergrûnen dêrfan. It die bliken dat de sterk geografysk bepaalde identiteit fan it Gitersk syn namme oant op it lêst bewarre hie. De fraach is no oft dat mei de taalkundige identiteit ek sa wie; kaam it Gitersk (yn Fryslân) noch oerien mei it oarspronklike dialekt út Oerisel of like it troch de tiid hinne mear op it Nedersaksysk fan Fryslân: it Stellingwerfsk? Wy (Jonkman en Versloot 2008: 101-103) hawwe doe wat jierren lyn yn Tusken Talen- koart troch de bocht miskien – it Stellingwerfsk en it Gitersk mei inoar lykslein (sjoch ynlieding Op syn Gitersk I), mar is dat op grûn fan de spesifike dialektale eigenskippen wol echt sa?
Ik begjin mei it werheljen fan de tekst fan it ynterview fan twa fan de lêste sprekkers: Johanna Berber Brandsma-Tuiten (BT: Lúnbert 1955 – Lúnbert 2011) en Jantsje Knevelman-Krol (KK: Tsjalbert 1915 – Tsjalbert 2005).
Johanna Brandsma-Tuiten (BT) ynterviewt Jantje Knevelman-Krol (KK) yn 2004 |
BT: Doar sitten wy dan ….. te kruumproaten*. KK: Gieters! BT: Ja, Gieters, hen, Gieters, ja. Wy hadden et veurige week ok nog over de winter, hen, over de waanten. KK: Over de waanten en hazzen**. BT: Dat de mênsen die anhebben, hen. Wat is de natuur nog mooi, niet. KK: Ja, maar wel kold! BT: Maar wel kold op dit moment, ja. We sitten ok zowat in de ijsheiligen. De jonge bloemegies worden der weer inplaand. |
3. verkeerd, onjuist inzake spreken, redeneren (denigrerend, maar door sommige sprekers lange tijd niet zo gevoeld:) kroem praoten Stellingwerfs spreken ‘Kroem praoten’ is in Steggerde negatief; ‘plat praoten’ niet (Bu[ijl], Ste[ggerde]), (…)
** Frysk Heizen/hoazzen
Yn dit fragmint binne de spesifike dialektale eleminten fetset: de uu-, oa-, eu-lûden (kruumproaten en veurige), de rutsen aa en ên (waanten, inplaand en mênsen), de koarte vorm an (anhebben), de ol-kombinaasje (kold) en de ferlytsingsfoarm –gies (bloemegies). Opfallend is dat de h- oan it begjin wól en it mulwurdsuffiks e- yn ‘inplaand’ (y.p.f. ‘ineplaand’) nét útsprutsen wurdt, dat neffens it Oeriselsk-Gitersk it tsjinoerstelde wêze moatten hie.
Om nei te rinnen wat de mooglike dialektale ferskillen binne, jou ik hjir no achterinoar in tekstfragmint fan it Oeriselsk-Gitersk, fan it Gitersk en fan it Stellingwerfsk. Dêrnei folget in ferliking op guon opfallende skaaimerken. De ferskillen wurde mei read oanjûn, de oerienkomsten mei grien.
Yn mear as de helte fan de tolve útsochte lûden/foarmen yn it skema komme de trije fariëteiten neffens dit skema oerien, mar by de twadde helte binne wat (lytsere) ferskillen lykas it net-fuortlitten fan de ‘h’ oan it begjin fan in wurd (mar oars net konsekwint) en it net-weilitten fan de ‘j’ by de objektsfoarm ‘joe’ fan de formele oansprekfoarm ‘ie’, en de ein-e by de earste persoan. Tagelyk moatte dy ferskillen ek noch relativearre wurde, want sa komt ‘joe’ ek yn in grut part fan Weststellingwerf foar (sjoch Stell. Wdb II: 520) en ‘heb’ en ‘hebbe’ komme beide yn de Stellingwerven (en by Giethoorn e.o.) en it hanthavenjen foan de begjin-e by it mulwurd yn it Gitersk yn Oerisel. Dy ferskillen fan de Oeriselske fariëteit mei de twa Fryske fariëteiten binne dus relatyf. Ek de soan fan ien fan de lêste sprekkers fan it Gitersk, frou Kevelman-Krol, seach it Gitersk net oars as it Stellingwerfsk.
Noch bliuwende ynfloed fan de Gitersken by Aldehaske: ‘Wide’
Taalkundich gjin ferskil
Henk Bloemhoff set yn it Stellingwarfs tiedschrift. De Ovend 30 fan april 2002 wiidweidich útinoar dat er ek taalkundich gjin ferskil tusken beide sjocht; hy neamt it Nedersaksysk boppe de Tsjonger of Kuunder sels ‘overkuunders Stellingwarfs’. Hy bringt it op syn kaartsje by it Stellingwerver taalgebiet ûnder. Dat it Stellingwerfsk gjin ienheidstaal is mar in soad dialektyske fariaasje talit (lykas it Frysk), makket it mooglik de grinzen op dy kaart sa te tekenjen, en hy stiet dêryn net allinnich.
Earst lit ik Bloemhoff sels oan it wurd by syn ‘Taelkaorte’:
le zien dus ok et Stellingwarfs in Noordwest-Overiessel angeven, en ok dat in Drenthe. Et is wel aorig veur de lezer om ien en aander hier nog es in beeld te kriegen, vandaor de ofdrok bi’j dit stokkien. We moe’n d’r trouwens wel bi’j numen dat de Noordwest-Overiesselders heur tael wel as slim femilie van oons Stellingwarfs zien en ze numen him dan ok wel es zo, mar lang niet altied. En in Drenthe hebben ze et meerstal over een ‘soort Drents’ as ze et over et Stellingwarfs van Drenthe hebben. Toch is d’r genoeg veur te zeggen om de tael van et hiele gebied Stellingwarfs te numen, zoas bi’jglieks J. Daan en D.P. Blok daon hebben in heur Van Randstad tot Landrand (Amsterdam, 1969). Die publikaosie wodt vaeke as standerd neumen as et gaot om streektael- en dialektindielings.
Yn in nûmer fan it tydskrift Het Noorderland út 1943 stiet dat yn ‘St.-Jehannesge, Oolde- en Ni’jehaske, Rottum, Ni’jbrogge en de streek van Terbaand, Luunjeberd en Tjalleberd (…) meensken d’r ‘Overijssels dialect’ praoten’en Jan Jelles Hof praat yn syn Friesche Dialectgeografie dat der yn Tsjalbert, Lúnbert en Ousterhaule ‘een sterk met Friesch vermengd Overijssels dialect’. Yn St-Jânsgea, Rotsterhaule, Rotstergaast, Dolsterhuzen, Ychten en Eastersee is neffens him ‘het Drentsch-Overijsselsche element zeer sterk waarneembaar’. Krine Boelens hie it sels by syn al earder neamde taaltelling Taal van het schoolkind yn Driemaandelijkse Bladen 8 (1956) oer dat yn Haskerlân (tsjintwurdich ûnderdiel fan De Fryske Marren) dat fjouwer prosint fan de jeugd ‘Stellingwarfs’ prate. Bloemhoff seit dêrom dêroer:
Hoewel een protte meensken dat as Gieters anduden – begriepelik, om de starke invloed die anwezig was van meensken die d’r van Gieteren en omgeving uut henne trokken binnen om te vervenen durf ik et hier toch an om, mit Boelens dus, van Stellingwarfs te praoten. Want in et eerste plak is et Gieters van et dorp Gieteren (Giethoorn) onder et koepelbegrip Stellingwarfs te rekenen, dus ok al zol et hielendal om tael-import uut Gieteren gaon, dan nog is de naeme Stellingwarfs wel op zien plak, en in et twiede plak liekt de tael slim overien te kommen mit oons Stellingwarfs, in et biezunder zoas dat in West-Stellingwarf noordelik van de Lende praot wodt, meer nog as mit et Gieters van Gieteren. Now moet ik d’r wel bi’j zeggen da’k dat wel slim veurzichtig bedoele, want taelmateriaol van dat Overkuunderse Stellingwarfs he’k mar amper.**
Jacques van Ginneken hie deselse yndieling oars ek alris makke yn syn Handboek der Nederlandsche taal (1928: 18, sjoch kaartsje).
Gitersk is lyk te slaan mei Stellingwerfsk
Gearfetsjend oer de identiteit fan it Gitersk: wat wy yn 2008 yn ien haadstik mei de titel Gitersk/Stellingwerfsk byinoar brocht hienen, wie taalkundich hielendal gjin rare saak. Wol is it sa dat foar de eardere praters fan it Gitersk it geografysk komôf foar de namme de trochslach joech, ek al seagen se sels ek gjin ferskil mei it ‘Oertsjongersk’ lykas de Friezen it Stellingwerfsk lang neamd hawwe.
*In sekere Wolter hat yn in reaksje op myn Op syn Gitersk I oanjûn dat syn Giterskpratende heit fan It Hearrenfean noch oant 2019 libbe hat en Wolter syn Giterskpratende muoike dat noch altyd docht. Myn oanname dat ik mei de twa oanhelle froulju út de eardere Aengwurder doarpen de twa lêste sprekkers fêststeld hie, wie dus ferkeard. By dizze rjochtset. It docht lykwols neat ôf oan it feit dat it migraasjedialekt oan it weiwurden is.
**Mei tank oan Henk Bloemhoff fan de Stellingwarfer Schrieversronte (û.o. foar de Taolkaerte) en Harrie Scholtmeijer fan de Overijsselacademie.
**Henk Bloemhoff hold deselde miening oer de ferskillen tusken beide fariëteiten nei’t er nij materiaal út it streekboek oer de fjouwer Aengwurder doarpen ûnder eagen krige.
Henk Bloemhoff, ‘Oonze tael, oonze zorg.’ Yn: De ovend. Stellingwarfs tiedschrift. 30e jaorgaank no. 2 (april 2002).
Henk Bloemhoff, Stellingwarfs woordeboek diel 2 F-K. Oosterwoolde 1994.
Kr. Boelens en J. van der Veen, De taal van het schoolkind in Friesland. Cijfers en beschouwingen. Leeuwarden 1956.
Krine Boelens, De taalsituatie in de Stellingwerven’. Yn: Driemaandelijkse Bladen 8 nr 3: 1956: 81-90.
Roel Piters de Jong, De Ouster Trijegeaen – Skiednis Fan In Part Fan Doanjewerstal. Ljouwert 1982.
‘De Tsjalberter taal De taal van Giethoorn’ Yn: Vier dorpen één streek. Een historisch overzicht in woord en beeld. Redaksje: S. Bakker, J.W. Dijkstra, A. Hoekstra, H. de Jong, Joh. Knevelman, J.W. van Leer, S. Siebenga en J. Zeevenhooven. Aengwirden 2003: 124-134.
Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Tusken talen. It ferhaal fan de Fryske taal. Ljouwert 2008.
G.G. Kloeke, De Hollandsche expansie. ‘s-Gravenhage 1929.
A.F. Koopmans, Ynvaezje fan ,,Gietersk” turfmakkersfolk nei de omkriten fan it Hearrenfean. Yn: It Beaken XXX 1954: 27-31.
A Pauwels, De plaats van het hulpwerkwoord, verleden deelwoord en infinitief in de Nederlandse bijzin. Leuven 1953.
Jan Post, Troch de Tynster tiid. 1717-2020, of safolle jier minder of mear as it útkomt. Ljouwert 2019.
J.J. Spahr van der Hoek, Samenleven in Friesland. Drie perioden uit de sociale geschiedenis van boeren, burgers en buitenlui. Drachten 1969.
Laat een reactie achter