• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

30 jannewaris 2025: Emily yn it Frysk

5 december 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

omslach Smel is it Strân fan ’t Hert.

Har poëzy is guon lêzers sa dierber dat se har koartwei Emily neame, as wie sy in hertsfreondinne. Tagelyk heart it wurk fan de Amerikaanske dichteres Emily Dickinson (1830-1886) ta de hichtepunten út de wrâldliteratuer. Botte tagonklik is it oars net: Dickinson har gedichten binne faak riedseleftich en tsjuster.

It oersetten fan har poëzy yn it Frysk is in dryste ûndernimming, mar it bringt it ek tichterby. Yn neifolging fan de Fryske dichter Obe Postma is Klaas van der Hoek dy útdaging oangongen. It risseltaat is syn lêstendeis ferskynde bondel Smel is it Strân fan ’t Hert, mei 150 Dickinson-oersettings.

Op dizze Lanlike Gedichtedei fertelt Klaas van der Hoek oer Emily Dickinson, har wurk, eardere Fryske oersettings en syn eigen wurkwize. Besikers dy’t dat wolle, kinne nei dizze yntroduksje yn in workshop sels oan de slach om in Dickinson-gedicht oer te setten yn harren memmetaal.

Oer de oersetter

Klaas van der Hoek (1960) wie oant foar koart konservator hânskriften en moderne letterkunde by de Universiteit van Amsterdam. Sûnt 2013 fiert er it weblog www.konsenylje.nl. Hy pleatst dêr ûnder mear oersettings fan gedichten fan Wallace Stevens, E.E. Cummings, Elizabeth Bishop, Georg Trakl, Else Lasker-Schüler en Ingeborg Bachmann.

In jûn oer Emily Dickinson en it oersetten fan har poëzy

Tongersdei 30 jannewaris 2025

Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar

De jûn begjint om 19.30 oere, ynrin fan 19.00 oere ôf.

Elkenien is wolkom. De jûn is fergees tagonklik, wol graach yn it foar oanmelde fia dizze link.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: poëzie, Poëzieweek, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

24 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 maaie 2026: Deadline Gjalp

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

16 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

14 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

11 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d