• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

90 jier Kristlike Fryske Folks Bibleteek. Diel 1: In Amerikaanske flecht

20 december 2024 door Louw Dijkstra Reageer

Eelke Simens de Jong achter de mikrofoan op 'e boekemerk (foto: makker ûnbekend)
Eelke Simens de Jong achter de mikrofoan op ‘e boekemerk (foto: makker ûnbekend)

Nei njoggentich jier bestean lûkt de Kristlike Fryske Folks Bibleteek (KFFB) de stekker derút. Yn desimber 2024 ferskynt it alderlêste boek, dêrnei wurdt de Fryske boekeklup opheft. Yn dit dossier blikke ferskate minsken werom op 90 jier KFFB: fan propagandalieder Eelke Simens de Jong, dy’t yn de jierren ’50 Amerikaanske metoaden tapaste om Fryske boeken oan de man te bringen, oant en mei de krityk dat it de Fryske literatuer hjoed-de-dei ûntbrekt oan in krêftige PR-masine. Diel 1: In Amerikaanske flecht

Doe’t de KFFB yn 1959 presys 25 jier bestie, wie der alle reden ta feest. Yn dat sulveren jier koe men it tsientûzenste lid temjitte sjen en waarden der 33.000 boeken ferkocht. De omset fan dat jier wie mei fl. 86.000 mear as alle oare Fryske útjouwers by inoar. En de groei wie der noch net út. In pear jier letter, yn 1962 wiene der sels 12.283 leden en in omset fan likernôch fl. 100.000. Ien fan de sprekkers op it jubileumfeest yn De Harmonie yn Ljouwert, útjouwer A.J. Osinga, neamde de hege flecht dy’t de KFFB naam dan ek ‘hast Amerikaansk.’

It wiene foar dy tiid ek ûnfryske sifers. Foar- en tsjinstanners wiene it der oer iens dat dat foar in grut part te tankjen wie oan Eelke Simens de Jong, dy’t sûnt 1952 propagandalieder fan de KFFB wie. Dy hantearre Amerikaanse metoaden om de boeken oan de man te bringen en hy hie in noas foar publisiteit.

Syn wichtichste PR-middel wie De Fleanende Krie, in hûs-oan-hûskrante dy’t yn grutte oplagen ferspraat waard. Hy organisearre ek PR-aksjes lykas affysjes yn de streekbussen doe’t it boek Konduktrise fan Welmoed Hemrica (in pseudonym fan himsels) ferskynde.

De basis fan syn PR-apparaat wie in grut netwurk fan korrespondinten yn de doarpen, dy’t net allinne de boeken en De Fleanende Krie útsutelen, mar ek leden oanbrochten en advertinsjeromte oan de man brochten. De korrespondinten dy’t de measte nije leden oanbrochten, koene in wike fakânsje op in bungalowpark yn Drinte winne. Mar it wie net allinne de PR, in oar sterk punt fan de KFFB wie dat se troch beskieden lidmaatskipsprizen it boek berikber makken foar minsken mei in smelle beurs.

Rebus KFFB (makke troch Paul Janssen)
Rebus KFFB (makke troch Paul Janssen)

Nei it hichtepunt yn 1962 sakke it tal leden en oan dy delgong soe gjin ein mear komme.  Yn de jierren sechstich besocht men oansluting te finen by de moderne tiid troch in wat oare tematyk. Yn stee fan streekromans waarden – yn de wurden fan E.S. de Jong – ‘probleemromans’ útjûn.’ Skriuwers as A.A. van der Werf, Anne Jousma, Paulus Akkerman en G. Mulder keazen foar oare as tradisjonele ûnderwerpen. Ek waard it oanbod oan oare sjenres as de streekroman hieltyd breder. Sa ferskynden der dichtbondels, oersettings, biografyen, berneboeken en geakundeboeken. Doch koe dêrtroch it begjin fan de (stadige) delgong oan de ein fan de jierren sechstich net mear tsjinholden wurde. Doe al hie de KFFB te krijen mei de opkomst fan de paperback (wêrtroch’t se net mear it monopoly op goedkeape boeken hiene) en mei de konkurrinsje fan bibliobussen en de telefyzje.

Folle seal by de jierlikse roman-priisfraach fan de KFFB (Foto: LC, 1979)
Folle seal by de jierlikse roman-priisfraach fan de KFFB (Foto: LC, 1979)

In grutte fertsjinste fan De Jong en syn KFFB wie dat se soargen foar in trochbraak nei de grutte groep fan ortodoks-kristlike Friezen dy’t hiel lang huverich wie foar Fryske boeken. Se diene dat mei tagonklike boeken, of sa’t mr. dr. K. de Vries fan de Fryske Akademy yn 1964 sei, se kreëarren ‘it lektuerfjild tusken de literatuer en it minderweardige lêsfoer’ dêr’t ek yn Fryslân ferlet fan wie.

Foar it Fryske boekefak yn bredere sin wie de KFFB in foarrinder op de mear kommersjele wei dy’t nei 1970 ynslein waard – en dy’t ek needsaaklik wie. Sa waarden by de lansearring fan de Kikkert-paperbacksearje yn 1966 allerhanne PR-middels ynset dy’t E.S. de Jong tsien jier earder al brûkte. De rol fan de KFFB, dy’t miskien net altiten op wearde skatten is, wie benammen grut by de demokratisearring fan de Fryske boekemerk. In hiel soad Friezen, ek dy’t letter oerstapten nei it lêzen fan literêre boeken, sille foar it earst mei it Frysk yn boekfoarm yn de kunde kommen wêze troch in boek fan de KFFB.

Yn 2024 ferskynde Rijk maar niet in geld. Vijftig jaar Friese uitgevers. 1920-1970 fan skriuwer en útjouwer Louw Dijkstra. Yn dit boek beskriuwt er de bloeiende jierren fan it Fryske boekbedriuw, in tiid fan literêre hichtepunten en kulturele revolúsjes. Ek de KFFB komt dêryn wiidweidich oan bod.

Dit artikel is earder ek ferskynd op de webside fan Tresoar.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel Tags: geschiedenis, kffb, leesbevordering, uitgeverij

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
%d