Op 14 novimber promovearre Lourens Visser (fan De Lemmer) yn Grins op in proefskrift oer bywurden fan graad (fuortsterkjende bywurden) yn de Aldgermaanske talen. Yn it Frysk moatte jo dan tinke oan tige, o sa, bot, in soad ensfh. Yn dit nijsgjirrige proefskrift behannelet er ek it Aldfrysk. Folslein yn line mei wat wy oars ek sjogge, feroaret it Aldfrysk ek wat de fuortsterkjende bywurden oanbelanget fan in taal dy’t yn de âldste teksten tichter by it Aldingelsk stiet yn in taal dy’t yn de rin fan de 15e iuw it Middelnederlânsk folle mear oankrûpt.
Dêrby is oars al wat nijsgjirrichs te rêden. It frekwintste fuortsterkjende bywurd yn it Aldingelsk is swīð ‘tige’, dat ek yn it Aldsaksysk foarkomt. Yn it Aldfrysk bestiet swithe ek, mar komt mar in hiel bytsje foar en dan ek nochris inkeld yn de âldere teksten. Yn de jongere midiuwske teksten slacht it wurd seer (< Nederlânsk zeer) foar master op. No is mei beide wurden wat apartichs te rêden. Yn it lettere Frysk, mei ynbegrepen it Frysk sa’t wy dat no prate, wurdt in fuortsterkjend sear beskôge as in hollannisme. Sy is sear iverich is gjin goed en amper gongber Frysk, al binne der wol Friezen dy’t it brûke soene. Wol: sy is hiel/tige/o sa/wakker iverich. Anne Wadman brûkt (1985) bgl. wol in sin as: Sear seker begryp ik dat. Yn dat gefal is sear net samar te ferfangen troch bgl. tige: *tige seker begryp ik dat. It giet om in foech kodewiksel fanút it Hollânske zeer zeker ynstee fan bgl. wrychtich: dat begryp ik wrychtich wol. Geale de Vries skriuwt yn in 1988 in stikje dêr’t er krekt de gek hat mei de Hollânske ynslûpsels; dêr komt men dan ek sear goed tsjin.
By âldere skriuwers fan foar de 19e iuw komt men it wurd sear inkeld wol ris tsjin. Sa skriuwt Reiner Bogerman (1551) sûnder euvelmoed seer hyrd (‘hurd’) en seer breed. Dat slút noch oan op it let-midiuwske brûken fan it wurd. D. Simonides (1765) brûkt in kear seer geswint dat allinnich al troch de foarm geswint as Hollannisme te beskôgjen is. Krekt sa is it hiel formele zæær gelæærde hæær (1767) útsoarte fanút it Hollânsk wei tocht.
Wy kinne dus fêststelle dat it lienwurd seer hielendal net sa húsriem wurden is yn it Frysk as dat wy op basis fan de skreaune boarnen út de 15e iuw wol tinke soene. Tagelyk is it wurd swiid net hielendal út it Frysk wei ferdwûn. No komt it te uzes benammen noch foar yn poetysk taalgebrûk, lykas: Hja is yn de swiid-wide-see oan it swimmen (Berber van der Geest). Men koe fan tinken wol hawwe, dat it om in bewuste argaisearring fan de taal gean soe. Opfallend genôch komt it wurd yn de perioade 1600-1800 mei ien útsûndering net foar: yn 1750 skriuwt ien in kear swiedig. Mar Theodor Siebs kaam it wurd yn 1886 yn Holwert al noch in kear tsjin op syn fjildwurk nei de dialekten yn Fryslân al murk er op dat it ‘selten’ wie. Mar Siebs hie wol al fûn dat it wurd net inkeld te uzes noch foarkaam, mar ek yn de Easterlauwerske dialekten:
Wangereagersk: deer kan hii swíithfeel (sehr viel) jil far máckii.
Sealtersk: hie häd swíede fúul Jeeld: ‘er hat sehr viel Geld’.
Opfallend oan de foarbylden fan Van der Geest en it Wangereagersk is dat swiid suver as in prefiks brûkt wurdt. Visser hat yn syn proefskrift wiisd op it feit dat de âldste fuortsterkjende partikels yn it Proto-Germaansk as foarheaksels en net as selsstannige bywurden begûn binne. It liket hast, as it it Fryske swithe/swiid amper oer dat stadium hinne kaam, al moat wol sein wurde dat de pear Aldfryske foarbylden dúdlik gjin foarheaksels binne, mar selsstannige bywurden:
nen husmon ne ach with sinne hera to swithe ne winna (F-K17)
‘(gj)in ‘boarger’ moat net te bot mei syn hear stride’
It is suver wat by Dokkum om, mar no komt de bredere waarnimming, dêr’t ik feitlik op wize wol. It Hollannisme sear is net it iennichste gefal dat yn it Frysk fan de lette midsiuwen brûkt wurdt, wylst dat it net oanslút by it Frysk sa’t wy dat fan letter kenne. In soart gelikens patroan fynt men by de wurden foar ‘frou/wiif’ en ‘famke’. Oant djip yn de 20e iuw bestie yn it Frysk it ferskil tusken frou ‘woman’ en wiif ‘wife’, yn it Hollânsk beide vrouw. Yn de âldste Fryske teksten wurdt foar beide begripen wīf brûkt, mar al sûnt de 13e iuw dûkt frouwe op. Yn it earstoan foar wat wy no dame neame soene, mar dan al rillegau algemien foar ‘woman’. Tagelyk bliuwt wīf it wurd foar ‘wife’. Lykas sein bestie dizze sitewaasje oant frij resint ta. Lykwols wurdt yn de rin fan de 15e iuw it wurd frouwe yn de skreaune taal ek geregeldwei brûkt foar ‘wife’. Allyksa giet it mei de wurden foar ‘famke’. Yn de âldste teksten is dat noch megethe, besibbe oan de Hollânske wurden maagd en meid, mar foar it meast is it yn it klassike Aldfrysk famne, fomen ensfh. Yn de 15e iuw dûkt dan it wurd jonkfrouwe op foar in jongfaam. Pas yn de bibeloersetting út 1978 komme wy jonkfrou wer tsjin yn dy betsjutting, oars wurdt it brûkt op syn Hollânsk as ‘frou fan adel’. Mar dat lêste is dus net de betsjutting yn de 15e iuw. It gebrûk fan frouwe en jonkfrouwe yn de 15e iuw slút dus better oan by it Middelnederlânsk as by it Frysk fan eardere of lettere iuwen.
Sokke foarbylden lykje foarbylden fan in Frysk taalgebrûk yn de 15e iuw dat blykber it Hollânsk mear oankrûpte as de sprektaal fan oare Fryskpraters. It wiist, sa is myn ynterpretaasje, op it bestean fan in bysûnder taalgebrûk troch in learde en meartalige kulturele boppelaach, benammen, mar net inkeld, yn de stêden. Dy skieding stêd-plattelân moat men nammers net te skerp sjen: in grut part fan de maatskiplike boppelaach bestie út adel mei grûnbesit bûten de stêden, mei har staten en stinzen. It wie dus folle mear in maatskiplik ‘fertikaal’ ferskil as ‘horizontaal’. Dat ferklearret ek wêrom at in soad fan dy nije wurden en foarmen al yn it Frysk fan elkenien bedarre binne, om’t der geografysk in hiel soad kontakt wie tusken minsken fan ferskillende stannen. Der binne ommers genôch foarbylden fan 15e iuwske Hollannismen dy’t wol algemien wurden binne, lykas dat, en, ik, ferkeapje foar wat eins yn it Frysk wêze soene: *det, *an, *yk, *selle.
Dizze waarnimming makket dat men by de beoardieling fan it skreaune Frysk út de midsiuwen, en benammen út it lêste skoft, hoeden wêze moat: wat wy skreaun fine (en mear is der net) is net perfoarst oer alle boegen de taal fan it grutste part fan de Friezen fan dy tiid, mar in Frysk dat skreaun waard troch in meartalige, kulturele en maatskiplike boppelaach. Dy groep wie oan de iene kant de brêge tusken de Hollânske foarmen en de rest fan de Friezen – dy’t doe grif noch lang net allegearre (aktyf) twatalich wienen – mar tagelyk ek brûkers fan in soarte fan ‘heech-Frysk’ dat wurden en foarmen befette dy’t net húsriem wurden binne ûnder de legerein. In oar opfallend ferskynsel yn de taal fan dy tiid is it ‘omdraaien’ fan de tiidwurden, sa’t dat de lêste desennia gongber is ûnder Frysktaligen. Wy fine dat in soad yn de 15e en 16e iuw, mar dêrnei wer folle minder en dan ek wer by skriuwers dy’t allegearre ek meartalich wiene en dat benammen brûkten om it rym moai útkomme te litten. It kin dus goed wêze dat dy ‘Hollânske’ wurdfolchoarder him ek beheinde ta de maatskiplike elite. By it analysearjen fan de let-midiuwske taal sil men al de ûnderskate taaldomeinen hieltyd apart besjen moatte. Sa lykje fonology en morfology fan de 15e iuw krekt hiel sekuer oan te sluten by de taal fan letter tiid, wylst dat wy dus yn wurdskat en wurdfolchoarder dúdlike foarbylden fan ‘heech-Fryske’ taalgebrûk fine, dat net werom te finen is yn de sprektaal fan lettere generaasjes Friezen. Dat hat ek alles te krijen mei it feit dat krekt dy kulturele boppelaach it Frysk as memmetaal yn de 16e iuw oerjoech en Frysk dan noch inkeld it Frysk fan de legere stannen is.
Laat een reactie achter