Op tiisdei 11 febrewaris 2025 fan 14.30 oant 17.00 oere is der yn Kafee Bergsma, Easterein in Ynspiraasjesessy Eksamenfak Frysk. Op it programma stean ûnder oaren bydragen fan skoallen dy’t it Frysk al as eksamenfak oanbiede of oan it opsetten binne. Fansels is der ek romte foar fragen, ferlet en útwikseling. De offisjele útnûging folget noch, mar set de datum no alfêst yn dyn bûsboekjes ast ynteressearre bist. Wolst dyn kollega, teamlieder of direkteur meinimme? Fan herten wolkom!
Laat een reactie achter