• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

90 jier Kristlike Fryske Folks Bibleteek. Diel 2: Lid Riemke Post-Swart

9 januari 2025 door Froukje Sijtsma Reageer

Riemke Post-Swart (foto: Tresoar)

Nei njoggentich jier bestean lûkt de Kristlike Fryske Folks Bibleteek (KFFB) de stekker derút. Yn desimber 2024 ferskynt it alderlêste boek, dêrnei wurdt de Fryske boekeklup opheft. De 87-jierrige Riemke Post-Swart út Ferwert is al mear as santich jier lid. ‘KFFB-propagandalieder Eelke Simens de Jong trúnde by my oan, likelang oant ik ‘ja’ sei op in lidmaatskip.’

Se kin it har noch goed heuge. Se wie fyftjin jier en wurke as boerefaam op in pleats ûnder Wânswert. ‘Der kaam altyd in soad folk yn it bûthûs. Ek de Frysksinnige skoalmaster Eelke Simens de Jong wie gauris tusken de kij te finen. Hy hie wol yn de rekken dat ik aardichheid hie oan it Frysk.’ De Jong oertsjûge har om lid te wurden fan de KFFB. ‘Yn dy dagen wienen in soad minsken by tsjerke oansluten.’ Kristlike literatuer hearde der by, al gie it kristlike karakter der wol hieltyd mear út yn de romans. ‘Je eigen libben stie beskreaun yn dy boeken.’

Op heechtiiddagen yn de sechstiger jierren hie de KFFB 12.000 leden. ‘Minsken koenen jierliks oanjaan hokker boeken at se bestelle woenen. Net alle boeken hienen myn ynteresse, mar ik haw in oergryslik soad lêzen. In soad stiet hjir noch altyd yn de boekekast, mar ik haw ek wolris dichtbondeltsjes oan oaren trochjûn.’

Leafde foar histoaryske romans

Boppe yn ien fan de keamers hat Post-Swart twa grutte boekekasten stean fol mei Fryske literatuer. ‘Ik kin my gjin libben foarstelle sûnder lêze. Ast in boek tichtklapst, leist in ferhaal oan de kant, mar ast it nei jierren wer ris iepen dochst, dan komt ek dyn eigen ferhaal wer ta libben.’ Benammen histoaryske romans sprekke har bot oan. ‘It Soenhûs fan A.M. Wybenga, nûmer 3 fan de KFFB-boeken fyn ik prachtich. It is in histoarysk ferhaal út East-Dongeradiel.’
In oare roman dy’t se net gau fuortdwaan sil is De sierlike kroan fan Watze Cuperus út 1964. It is gjin KFFB-útjefte, mar it is har wol altyd bybleaun. ‘It giet oer de jierren tritich yn dizze omkriten. As ik dat boek lês, kin ik my wer hielendal foar de geast helje hoe’t ik my yn dy tiid fielde en wat ik doe belibbe haw. Dat kin literatuer dus dwaan: dy werombringe nei eartiids.’

KFFB-korrespondinte

De KFFB-boeken waarden troch de eigen leden besoarge. ‘Al rillegau waard ik ek korrespondinte fan de KFFB yn de hoeke fan Wânswert. Mei de fytstassen fol boeken brocht ik fytsend oer de keale flakten de nijste útjeften rûn.’ Ek doe’t se troude en bern krige bleau se aktyf by de KFFB. ‘Yn Ljouwert wie de jiergearkomste en je koenen dan ek prizen winne. Yn de jierren dat de bern jong wienen hawwe we in autopet en meardere fytsen yn ‘e wacht sleept. Ek hawwe wy ferskate boeken wûn mei priisfragen en puzels. Dat binne moaie oantinkens.’

Soan Auke Post wûn yn 1984 in fyts by de KFFB. Eelke Simens de Jong rikt de priis út. (foto: Tresoar)

Frou Post-Swart fynt it skande dat de KFFB aanst net mear bestiet. ‘Yn dizze digitale wrâld is dat hast ek wol te ferwachtsjen. Mei om’t der troch no folle minder lêzen wurdt, lit stean yn it Frysk.’ Dochs hopet se dat de literêre tradysje fan it lêzen fan Fryske boeken bestean bliuwt. ‘It lêzen moat begjinne mei de lytse bern. It is goed om harren fan jongs ôf oan al foar te lêzen yn de Fryske taal. It soe moai wêze at skoalle der ek mear omtinken foar hat. Jou de bern ek gewoan ris in Frysk boekje mei nei hûs. Lêze yn de Fryske taal moat fanselssprekkend wêze foar bern. Dan sille sy harren eigen bern letter ek wer foarlêze.’

Dit artikel is earder ferskynd op de webside fan Tresoar.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel Tags: geschiedenis, kffb, leesbevordering, tresoar, uitgeverij

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d