Wat in feest wie it twa jier lyn op Tresoar: ‘ús’ Richthofenkolleksje waard, as alderearste, ynskreaun yn it nije Nederlânske Unesco-register Memory of the World. Op dy feestlike jûn yn novimber 2022 rôp de foarsitter fan de Unesco-kommisje Tresoar op om fuort troch te setten, en foar ál it Aldfrysk sa’n status te berikken, mar dan: ynternasjonaal. Dizze prachtige útdaging hat Tresoar fuort opnaam. Mar dan begjint it tinken en it plannen: watfoar objekten giet it dan om? Hoe wurket it mei sa’n oanfraach? Wat is it ferhaal dat we fertelle wolle? En hoe bringe we dat ferhaal dan?
Earst mar wêr’t we it eins oer ha: de objekten. It ‘Aldfryske korpus’ (koartsein: alles wat we ha oan Aldfryske teksten) bestiet út sechstjin hânskriften, njoggen eksimplaren fan in drukt boek (it Freeska Landriucht), ca. 1100 oarkonden en akten, en noch in hânfol hânskriftfragminten – tink by dat lêste mar oan dat Aldfryske fragmint út Wenen, dat fan ’t simmer bot yn it nijs wie. Dat is dus net in bytsje, mar ek wer net hiel folle. Eins soenen je it op termyn bêst allegearre byinoar bringe kinne op in website, dêr’tst dat dan allegearre besjen en lêze kinst – en dat wolle we dan ek. Sa krijst ommers in hiel kompleet byld fan it Frysk út de midsiuwen, wat o sa wichtich is foar it begryp fan de skiednis fan ús taal. En om’t it Frysk ek in rykstaal yn Nederlân is, en dialekten fan it Frysk boppedat beskerme binne yn Dútslân (Saterfriesisch en Nordfriesisch), is sokke ûntsluting fan folle grutter belang as allinne mar provinsjaal.
Skiednisûnderwiis
Mar om álles te ûntsluten, dat is in te grut projekt foar no. En it is earst ek noch net nedich. Je kinne ek begjinne mei wat it wichtichst is, of it âldst, of it moaist, of… Sa’n kar kin op fan alles basearre wêze. Wy ha derfoar keazen om te begjinnen mei de rjochtsboarnen dêr’t de midsiuwske Friezen yn opskreauwen hoe’t se harren bestjoer en rjochtspraak – yn dy tiid wie dat fierhinne itselde – regelje woenen. It giet dan om 25 objekten, nammentlik dy niisneamde sechstjin hânskriften en njoggen drukken. De teksten yn dy 25 boeken lykje faak aardich opinoar. It binne úteinlik hast allegearre kopyen fan kopyen fan kopyen. Mar se ha dochs in soad fariaasje, om’t der yn it rjocht in soad feroare troch de tiid, en ek troch lokale ferskillen. De boeken stamje út de lette midsiuwen. Mar om’t se hiel faak kopiearre binne, is de ynhâld folle âlder as de boeken sels. Soms litte de teksten ús oant yn it earste milennium weromsjen: in ékstra sprong yn de tiid, fan wol fjouwer of fiif iuwen. Dat wie noch de tiid dat ‘Frisia’ lâns de hiele Neder lânske en Noardwest-Dútske kust rûn – ‘tusken Skelde en Wezer’ sizze we wolris. Om’t we amper oare rjochtsboarnen út dy tiid ha, helpe de Aldfryske rjochtsboarnen ús om te begripen hoe’t rjocht en bestjoer lâns de Noardseekusten regele wie. Dat is it ferhaal dat we graach fertelle wolle, ek mei as doel dat it skiednisûnderwiis yn Nederlân, Dútslân en België sa stadichoan wat mear omtinken krijt foar de ‘Fryske’ laach fan de iermidsiuwske Lege Lannen.
Erfgoedynstellings
De byinoar 25 objekten lizze ferspraat oer njoggen erfgoedynstellings yn Nederlân, Dútslân, Frankryk en Ingelân. Dêr hearre ek hiele grutte jonges by, lykas de KB, nationale bibliotheek yn Den Haag, de Bibliothèque Nationale yn Parys en de Bodleian Library yn Oxford. Mei al dy njoggen ynstellings wolle we de Unesco-nominaasje yntsjinje, in saneamde ‘joint nomination’. Dêr kin mar ien pinfierder foar wêze, en om’t Tresoar fierwei de measte Aldfryske boeken hat, wolle wy dat graach dwaan. Mar hoe begjinne je soks? Want net elke ynstelling hat miskien likefolle kennis fan ‘harren’ Aldfryske boek, of sjocht it grutte belang derfan yn. Soks is yn Utert in ein makliker út te lizzen as yn Parys of Oxford… It begjint mei it fieren fan petearen by elk fan de oare acht ynstellings, om harren sa mei te nimmen yn it ‘Fryske ferhaal’.
Tiidpaad
De petearen binne hiel wichtich, want we wolle fansels álle ynstellings meikrije. Dêrom dogge we dat as earste: dy petearen fiere we dit winterskoft. Sa ha we boppedat ek de tiid om hjir of dêr noch wat by te stjoeren of ekstra ta te ljochtsjen, as dêr ferlet fan is. Sadwaande hoopje we ein 2025 in nominaasjeformulier by Unesco yntsjinje te kinnen mei njoggen hantekenings derop. Unesco hat sels dan sawat oardel jier nedich om alles te hifkjen, eventueel noch ekstra ynformaasje te freegjen en in eigen oardiel foarmje te kinnen. Yn de maitiid fan 2027, sa is de ferwachting, komt dan de útslach… En fansels hoopje we dan wér sa’n feest op Tresoar fiere te kinnen, mar dan mei gasten út hiel West-Europa!
Dit is diel ien yn in rige fan trije stikken oer it trajekt om te kommen ta in ynternasjonale Unesco-status foar de Aldfryske taal- en rjochtsboarnen. Anne Tjerk Popkema is spesjalist Aldfrysk en boekskiednis. Arjen Dijkstra is direkteur fan Tresoar.
Dit artikel is earder ferskynd yn Letterhoeke, desimber 2024
Laat een reactie achter