• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

OWL+: in plus foar Europeeske minderheidstalen en ûnderwizers

29 augustus 2025 door Femke van Seijen Reageer

OWL+ (Ownership and Leadership) is in projekt wêrby’t sprekkers fan it Frysk yn Nederlân, it Súd-Samysk yn Noarwegen, it Latgalysk yn Letlân en it Mirandeesk yn Portugal in platfoarm krigen om mei-inoar yn kontakt te kommen. Ek binne meardere tools (middels) ûntwikkele, sadat ûnderwizers yn de regio’s dêr’t dy talen praat wurde beskikking krigen oer mear ûnderwiismateriaal om harren minderheidstaallessen te ferrykjen.

It konsortium bestie út it Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy, NORD University (Noarwegen), de Rēzekne Academy of Technologies (RTA, Letlân), en CIDLeS (Portugal). Tallinn University (Estlân) hat soarge foar de technyske stipe. De fjouwer minderheidstalen út it projekt fertsjintwurdigje ferskillende regio’s yn Europa mei in ferskaat oan situaasjes. It Frysk hat al in moai skoft de status fan offisjele taal yn ’e provinsje Fryslân. It Súd-Samysk hat mar in lyts tal sprekkers, al kriget it wol wat offisjele stipe. It Mirandeesk is in lytse, taal dy’t oan de regio Miranda do Douro bûn is en hat pas yn de lêste jierren mear oandacht krigen. It Latgalysk is in regionale taal besibbe oan it Standert-Letsk, dêr’t it tige dreech blykt te wêzen om offisjele stipe foar te krijen.

It Erasmus+-projekt rûn fan febrewaris 2022 oant en mei febrewaris dit jier (2025). In lyts oersjoch oer de ynhâld en ympakt fan dit ynternasjonale projekt. 

Stipe foar ûnderwizers fan lytse, bedrige talen

It OWL+-projekt hie as doel om stipe te jaan oan ûnderwizers om lytse, bedrige talen yn harren lesaktiviteiten te belûken. OWL+ woe produkten meitsje dy’t net allinne bedoeld binne foar taalmienskippen dy’t amper materiaal hawwe, mar ek makke binne mei de input fan dyselde taalmienskippen, benammen input fan ûnderwizers en wichtige spilers fan dy mienskip (lykas in feriening, ried of kultureel inisjatyf).

It stribjen wie dêrom om tools te kreëarjen dy’t ûnderwizers helpe om harren bewust te meitsjen fan talen mei amper ûnderwiismateriaal, dy’t harren adekwate ynformaasje biede oer sokke talen en dy’t harren oanmoedigje om dy ynformaasje te yntegrearen yn ferskillende learomjouwingen en -konteksten. In wichtich ûnderdiel fan it projekt wie om ûnderwizers de feardigens te jaan om sizzenskip (ownership) te hawwen oer harren kulturele erfguod en om harren te ynspirearjen om in oanpak te finen om de lokale bedrige taal/talen yn edukative aktiviteiten te yntegrearen. Meardere fan dy tools binne dêrom makke mei de ynbring fan de projektpartners, mar ek fan oare minsken út it fjild fan de minderheidstalen.

Lesmodule oer minderheidstalen en praktyske gids mei aktiviteiten

It earste dat realisearre is, wie it e-learning platfoarm. Op dy webside wurde de tools presintearre en kin elkenien ynformaasje fine oer it projekt sels, it tiim en de ynstânsjes dy’t ferbûn wiene oan OWL+.

Dêrnei is in module ûntwikkele, dêr’t ynformaasje te finen is oer de fjouwer minderheidstalen fan de partners, it Frysk,  it Latgalysk, Mirandeesk en it Súd-Samysk. Troch in mjuks fan ferskillende media (bgl. tekst, fideo, kwis) wurde de besikers op de hichte steld oer: wat in minderheidstaal eins is, it taalprofyl fan de spesifike talen út it projekt, de yntegraasje fan dy minderheidstaal yn it ûnderwiissysteem, it gebrûk fan de taal bûten it ûnderwiis om en de taal sjoen yn in breder perspektyf (op (ynter)nasjonaal nivo). Ek is der in module ûntwikkele oer “Ownership and Leadership” (sizzenskip en liederskip), de twa begripen dy’t sintraal stean yn it projekt en as essinsjeel sjoen wurde foar it fersterkjen fan de minderheidstaal yn ’e mienskip. Yn ’e module wurdt útlein wat mei de begripen bedoeld wurdt, en hoe’t dizze tapast binne yn it projekt.

de modules oer it Súd-Samysk en it Frysk

As lêste is der in praktyske gids gearstald, mei lesaktiviteiten om de minderheidstaal hinne dy’t te brûken binne foar elke (minderheids-)taalles en op ferskillende nivo’s. De aktiviteiten fariearje op it gebiet fan taalfeardichheid (bygelyks: prate, lústerje, skriuwe en lêze), kompetinsjes dy’t behannele wurde (bygelyks: sosjaal, strategysk, taalfeardigens), it ûnderwerp (bygelyks nije technologyen en sosjale media), de leeftiid fan de doelgroep (fan foarskoalsk oant folwoeksene-ûnderwiis), de tiid dy’t de ûnderwizer oan besteegje sil en hoe djoer oft de oan te skaffen materialen binne. Dêrneist wurde alle aktiviteiten yn seis ferskillende talen oanbean: it Ingelsk, Nederlânsk, Frysk, Portugeesk, Letsk en Noarsk. De aktiviteiten binne te brûken troch ûnderwizers oer de hiele wrâld, en befetsje stap-foar-stap ynstruksjes, praktyske tips en konkrete ideeën foar ûnderwiis, basearre op de ûnderfiningen fan dosinten en akademisy fan it OWL+-konsortsium.

In foarbyld fan in opdracht yn de praktyske gids

Eveneminten

Neist de online produkten, hat it OWL+-tiim ek eveneminten (saneamde ‘Multiplier Events’) organisearre, ien yn elk minderheidstaalgebiet. Dat wiene mominten om oan ús netwurkpartners en oare ynteressearren ús fuortgong yn it projekt sjen te litten, ús tools te testen en dêr feedback oer te krijen en om it (ynternasjonale) publyk de gelegenheid te jaan mei-inoar yn de kunde te kommen en ûnderfiningen út te wikseljen. De Multiplier Events fûnen plak yn Rezekne, Letlân (3 april 2023), Levanger, Noarwegen (25 septimber 2023), Miranda do Douro, Portugal (11 april 2024) en Ljouwert (6 novimber 2024). Dêrneist is der in ekstra evenemint organisearre troch NORD University, yn Snåsa (Noarwegen). De eveneminten droegen by oan de ferbining tusken de minsken yn it fjild fan minderheidstaalûnderwiis en -belied en it konsortsium, de fersprieding fan ús projekt en tools, en it fersprieden van kennis oer de situaasje fan minderheidstalen en hoe’t dy, stapke foar stapke, troch ússels ferbettere wurde kin.

It evenemint yn Miranda do Douro, Portugal

Ympakt

Al mei al kin sein wurde dat it OWL+-projekt in positive ympakt hân hat op alle dielnimmers. De tools waarden mei entûsjasme ûntfongen, de ferskate eveneminten wiene drokbesocht en de minderheidstaalmienskippen, foaral dy mei in bedrige taal en in lyts tal sprekkers, fielden harren heard en wiene tige bliid mei de oandacht dy’t de taal en har kontekst krige. It Mercator Europeesk Kennissintrum wie de oanstjoerder fan it projekt, en de Fryske situaasje waard sjoen as in grut foarbyld foar de oare lytse bedrige talen dy’t by it projekt belutsen wiene. It projekt kin dêrom as suksesfol beskôge wurde. It konsortsium hat ek mei in soad wille en nocht gearwurke, en sjocht genôch mooglikheden foar takomstige projekten.

https://owlplus.eu/

Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en hat as missy it opdwaan, tapassen en it fersprieden kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen op skoalle, thús en troch kultuerpartisipaasje. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: docent, Frysk yn it ûnderwiis, minderheidstalen, onderwijs

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d