
Hawwe Arjen Versloot en ik yn febrewaris ll. Het Friese ‘Nederduits’ útbrocht (sjoch Op z’n Fries ‘Nederduits’ – in skiednis fan it Nederlânsk út Frysk perspekyf wei –, Miet Ooms hat no mei Van vogala tot noncha. Het historische verhaal van de Nederlandse taal in skiednis fan it Nederlânsk út de Flaamske taalsituaasje wei publisearre. Eins hie se doe’t se der troch de útjouwer om frege wurden wie net oan begjinne wold, omdat der de lêste jierren al trije tsjokke boeken yn dat sjenre ferskynd wienen: 15 eeuwen Nederlandse taal en Taalwetten maken en vinden fan Nicoline van der Sijs en Grote geschiedenis van de Nederlandse taal fan Jelle Stegeman. Dat wie de útjouwer syn fraach ek net; it moast in publyksboek1 wurde, útgeande fan mylpeallen, grutte foarfallen en belangrike publikaasjes, dus in seleksje fan hichtepunten. Ek moast it – krekt as dat by ús eigen boek it gefal wie – op it foarste plak oer de wikselwurking tusken mienskip en taal, dus út in histoarysk-taalsosjologysk eachweid wêze. Nettsjinsteande de seleksje is der dochs noch in tsjok boek fan 448 siden fan kommen dat yndie in goed tagonklik publyksboek (gjin direkte boarneferwizing yn de tekst, wol achteryn in koarte lêslist foar belangstellenden) wurden is, mar dat boppedat ek gâns nearlandisten nije ynformaasje biedt. Nei de mienskiplike taalskiednis fan de Lege Lannen oant de skieding yn Noard en Súd nei de Opstân yn 1568, mar seker nei de ôfskieding yn 1830, giet de skiednis in eigen Flaamske kant út mei striid foar it Nederlânsk dy’t yn it lang ientalige Noard ûnbekend is en ta in folslein oare útkomst en wurdearring fan de eigen taal laat hat.
De wize fan pleatsen fan de mylpeallen
Yn elk fan de 57 haadstikjes wurdt koart yn in side as fiif, seis in opfallend ‘momint’ út de lange skiednis fan taal yn de Lege Lannen behannele: Germaansk, Sinte Servaes, Karel en de Elegast, de Reinaert, de ‘Statenvertaling’, de striid foar erkenning fan it Nederlânsk yn Flaanderen, ensafuorthinne. Elk net-nûmere haadstikje set útein mei in koarte beskriuwing út in persoan wei sa’t dy it histoaryske feit sels yn dy tiid meimakke hat of hawwe kinne soe. Bygelyks yn ‘Het Onze Vader van Wulfila’ is dat mei in ympresje fan it oanbringen fan sulveren letters op it perkamint fan de Goatyske bibel troch in muonts yn de âldheid. It giet faak om in fiktyf ynfoljen fan de konkrete werklikheid dêr’t inkeld noch it produkt fan oerlevere is, yn dit gefal de Codex Argenteus (‘Sulveren Bibel’), de âldstoerlevere tekst yn in eastlike fariant fan it Germaansk. De lêzer kin him dêr sa better in foarstelling fan meitsje as dat allinnich neamd wurden wie dat Wulfila yn 379 de bibel yn it Goatysk oerset hat. Dêrnei wurdt in oarspronklike tekst jûn, yn dit gefal it Onze Vader yn it Goatysk mei in hjoeddeiske oersetting en besprek fan de eigenaardichheden. Nei de link tusken it Goatysk en it Aldnederlânsk wurdt de skiednis fan Wulfila jûn en wat dat mei syn oersetting fan de bibel te krijen hat. Ek wurdt weromferwiisd nei in foarôfgeand haadstikje dêr’t dêrfoar al útlis yn jûn wie oer de ferbining fan it Germaansk mei oare taalfamyljes lykas it Keltysk en Romaansk. Dy groepen talen binne allegear ûnderdiel fan it Yndo-Europeesk, de histoaryske rekonstruksje fan besibbe talen yn Azië en Europa. Dêrbinnen wurde wer lytse útstapkes makke nei oare nijsgjirrichheden (‘weetjes’), lykas de troch Ooms ûnderstelde relaasje tusken it net-Yndo-Europeeske Etruskysk en Keltysk. Dan komt in koarte taalkundige beskriuwing fan de ûntjouwing fan it Yndo-Europeesk mei in (by)lûdferskowing nei it Germaansk (*b –> *p, *d –>*t, *g –> *k, ensfh.), de wet fan (Jacob) Grimm. Oan de hân fan in opgroeven histoaryske helm mei opskriften wiist de auteur oan de ein fan dat haadstikje op de ûnwissichheden dy’t by de analyze fan de wurdôflieding te rêden binne. Dy ûnwissigens hie oars om my wol by de ûnderstelde besibbens fan it Etruskysk mei it Keltysk oanjûn wurde mocht.2 Sa wurdt der dus in relaasje lein tusken ferskillende ûnderwerpen, in moaie manier om net al tefolle ynformaasje yn ien haadstikje te stopjen.
Glossen
In oare foarbyld fan de nijsgjirrige oanpak fan de Leuvenske taalhistorikus is hoe’t de sechtjinde-iuwske humanist Lipsius yn oanrekking kaam mei wat de Wachtendonckse psalmen te hjitten komme soenen. De earste fiktive ympresje, yn dit gefal fan de geastlike Arnold van Wachtendonck dy’t yn Luik wachtet op de besite fan taalgelearde Justus Lipsius dy’t in troch him ûntdekt hânskrift besjen sil, makket de lêzer lekker. It foarmet it opstapke nei it algemiene ferskynsel fan de saneamde glossen, oersettingen tusken de Latynske tekst yn. It foarme de oergongsfaze fan in Germaanske taal fan inkeld sprutsen folkstaal – fia dy helptaal tusken de rigels troch – ta in echte (skriuw)taal fan in folslein selsstannige tekst. De lêzer komt te witten dat Lipsius der mei oaren entûsjast oer korrespondearre, oantekingen en mooglik ek in folsleine kopy fan makke of meitsje litten hat, dêr’t no noch mar inkeld de glossen sels fan bewarre bleaun binne; it orizineel is weirekke… It is in yllustraasje fan it probleem fan de hjoeddeiske taalwittenskipper dat der noch mar ûnderdielen oerlevere binne. By it bestudearjen fan dy betide stikjes Nederlânsk, achterôf ‘Aldnederlânsk’ neamd, moat de ûndersiker ek rekkenje mei te wurdlike oersettingen dy’t de syntaksis fan it Latynske orizineel meinimt. Boppedat is de oersetting net yn ien – skerpôfskieden – fariëteit opskreaun omdat der nêst wat wy no Frankysk neame ek Saksysk yn foarkomt. It oerskriuwen op ferskillende lokaasjes fermeardere noch in kear de taalheterogenisearring, mei’t elke kopiIst ek wer syn eigen oanpassingen der ynstoppe. In ienheidstaal bestie yn dy tiid noch net. Mei de nedige slaggen om de earm wurdt dêrom de oarsprong fan de Wachtendonckse Psalmen lokalisearre yn de omkriten fan Krefeld yn Dútslân. Foar de nearlandist wurde dan oan de ein fjouwer fersen fan psalm 54 taalkundich útspit mei it orizinele Latyn, it Aldnederlânsk en it moderne Nederlânsk. Deselde ynterpretaasjeswierrichheden sille har fierderop yn it boek foardwaan bij ‘Over nesten en vogels’ oer wat publyk as it âldstoerlevere Aldnederlânsk bekend stiet: Alla vogala …..
By de publikaasje fan in nije taalskiednis fan it Nederlânsk, Miet Ooms, Van vogala tot noncha, Het historische verhaal van de Nederlandse taal. Borgerhoff & Lamberigts, Gent. 448 blz. € 35,00. ISBN 978-94-9338-781-2
It Flaamske perspektyf
Fansels kin Ooms mei de skiedskriuwing lekker ticht by hús begjinne, omdat it earste Nederlânsk, ‘Dietsch’ yn Súd begûn is mei Heinric van Veldeke, Van Maerlant, Joos Lambrecht, ensfuorthinne. Pas mei de fal fan Antwerpen 1585 ferskode it swiertepunt nei Noard. De eigen Flaamske ynfalshoeke fan Ooms komt dêrnei nei foaren mei titels as ‘Hoe Saint Omaar Saint-Omer werd’, ’Het snoeimes van de Vlaamse taal’. ‘Weer verenigd, weer gescheiden’, ‘De taalwetten van Coremans’. It Nederlânsk dat him mei de Opstân befrijde fan de Spanjerts, befrijde him ek foar in grut part fan it Frânsk, omdat de Zeven Provinciën Nederdútsktalich wienen. Yn Súd bleaunen dêrnêst Waalsktalige provinsjes achter mei harren taal, it Frânsk wie de dominante taal, ek yn Nederlânskpratende gebieten. Yn ‘Hoe Saint Omaar Saint-Omer werd’ wurdt oan de hân fan de ferfrânsking fan de plaknammen oanjûn hoe’t it Frânsk earst yn Frânsk-Flaanderen hieltyd noardliker oprukt. Nederlanners prate tsjintwurdich oer Lille, wat foar Flamingen Rijssel hjit. Ek al hâldt it Flaamsk dialekt dêr noch lang stân, op guon plakken praat âlderein it no noch, dochs is it foar de maatskiplike posysje funest; it wurdt ‘patois’ en ferdwynt dêr hast hielendal, earst út de stêden as Duinkerk en Saint Omaar, letter op it plattelân. Mar krekt dêr wie healwei de achttjinde iuw in earste sinjaal om it Flaamsk Nederdútsk te kultivearjen mei de staverings- en taalgids Het Snoeijmes van de Vlaemsche Tale, dy’t in noarm foar de eigen taal stelle moast. It manuskript is lykwols noait printe en hat dêrom gjin ynfloed hân. Yn de njoggentjinde iuw soe Súd dochs de noarm fan Noard (Siegenbeek en Weiland) folgje, dat troch de foarming fan it ‘Koningrijk der Nederlanden’ (mei Belgje dêryn ynbegrepen) stimulearre waard, ek al bestie der in grut ferskil mei it eigen dialektyske taalgebrûk.
Nei de skieding fan Belgje en dus ek fan Flaanderen mei Nederlân yn 1830 kaam de de posysje fan it Nederlânsk yn grutte ferdrukking troch it dominante Frânsk dat de iennige taal wie fan de hegere oerheid, it middelber en heger ûnderwiis en de rjochtbank; it Nederlânsk kaam op in minne namme te lizzen fan patois. Pas mei ‘De taalwetten fan Coremans’ is der yn it lêste fearn fan de njoggentjinde iuw in begjin fan emansipaasje fan it Nederlânsk. Dochs is der sels by de Flaamske beweging dan noch striid oer oft it Nederlânsk wol gaadlik wie foar de formele domeinen, opkomme foar de Nederlânsktalige kultuer yn ingere sin foar literatuer en teater wie al moai genôch. De Flaminganten dy’t it Nederlânsk wol gaadlik achten, sluten har oan by de taal fan Noard dy’t wol op alle maatskiplike nivo’s brûkt waard. In hiele rige taalkonfliketn yn de sfear fan ús Kneppelfreed wienen nedich om yn de tweintichste iuw ta echte maatskiplike emansipaasje te kommen dy’t earst yn 1932-1935 mei in territoriale opdieling yn in ientalich Frânsk part (Walloanje) en ientalich Nederlânsk part (Flaanderen) [en in twatalich Brussel] ta in útiten saak kaam. Net dat de taalstriid dêrmei ta in ein kaam (û.o. it Nederlânskpratende Voerstreek waard by Walloanje yndield), dochs koe it Nederlânsk mei it territorialiteitsbegjinsel op alle mêd brûkt wurde yn it eigen gebiet.
Ferskil yn gebrûk en beöardieling Nederlânsk
Der mei dan no lykberjochtiging fan it Nederlânsk yn Belgje wêze, dochs is it gebrûk en de beoardieling fan it Flaamske en it Nederlânske Nederlânsk net itselde. Hie it algemiene ‘Beskaafde’ Nederlânske Nederlânsk gjin inkelde konkurrint yn de earste helte fan de tweintichste iuw op it mêd fan bestjoer, ûnderwiis en rjochtbank, yn Flaanderen binne der noch altyd Frânskpraters dy’t har fersette tsjin it Nederlânsk en in útsûnderingsposysje claimden. Boppedat is de behearsking fan de standerttaal by Nederlânkpratenden beheinder; de sprektaal fan grutte groepen minsken fierhinne regionaal kleure. Yn de jierren fyftich fan dy iuw waard dêrom dêr aksje ûndernommen mei de saneamde ‘ABN-kernen’ dêr’t minsken op kursus gean koenen om har taalgebrûk te ferbetterjen.

Fansels spile it Nederlânsk fan Noard dêr ek in grutte rol by, ûnder oaren troch Nederlânske foarbyldartysten as Boudewijn de Groot en Koot & Bie. De betiteling fan de taal kaam boppedat krekt. Yn Voor wie haar geweld aan doet, in foarljochtingsbrozjuere, stie ‘Op sommige reclameblaadjes kan men lezen: Vlaamse tekst op keerzijde. Beter ware: Nederlandse tekst, want door het gebruik van Vlaams voor Nederlands legt men, bewust of onbewust, geen verband tussen de taal die wij spreken en de taal die boven de Moerdijk wordt gebruikt. De Nederlanders en wij spreken en schrijven dezelfe taal: het Nederlands.’
Yn Nederlân waard de noarm yn de jierren tachtich foar geef Nederlânsk losser; de Goaiske KindeRen vooR kindeRen en it saneamde Poldernederlânsk. Yn Flaanderen kaam der doe in reaksje op it belearende Nederlânsk en der kaam mear dialekt yn it Flaamske Nederlânsk terjochte. De sjoernalist Geert van Istendael neamde dat mei ôfgriis ‘Verkavelingsvlaams’, tsjintwurdich wurdt it neutraler ‘Tussentaal’ neamd. Dat wie in kompromis fan net de ynspanning leverje om de ûnnatuerlike formele standert te praten (dy’t oars ek tefolle fan boppe de Moerdijk wie) en it sosjale ferlet om it natuerlike lokale dialekt te brûken. De krekt opkommen kommersjele telefyzje VTM hie dêr gjin problemen mei en de taalsituaasje yn Flaanderen hie der in tredde foarm, sis mar ‘Schoon Vlaams Nederlands’ by.
Yn ús grutskalige Onderzoeksrapport Talen in de Lage Landen ha wy studinten en dosinten yn it heger underwiis fan û.o. Flaanderen en Nederlân it Nederlânsk beoardielje litten op sosjale eigenskippen foar it formele (beskaafd, saaklik, flot en cool: prestiizjefaktor) én it ynformele (fertroud en natuerlik: solidariteitsfaktor) domein. Prestige-eigenskippen wurde assosjearre mei sosjaal sukses, by solidariteitseigenskippen giet it om jin ferbûn fiele mei in oar: hoe bot slút de taal by de beoardieler oan? Sawol by de studinten as de dosinten dy’t de Nederlânsktalige fragelist ynfolle hawwe, is sjoen nei de ynfloed fan it bertelân op de folchoarder fan de faktoaren. By de Nederlanners kamen de prestiizje-eigenskippen allegear op de earste faktor en solidariteitseigenskippen op de lettere: it Nederlânsk wurdt dêr as in dúdlike prestiizjetaal beöardiele. De faktorpatroanen fan studinten en dosinten út Flaanderen lieten in frijwat ôfwikend faktorpatroan sjen, de prestiizje- en de solidariteitseigenskippen klonteren statistysk net moai – lykas by dy fan de ynformanten út Nederlân – elk op de eigen faktor byinoar. Hawwe dy resultaten yn Flaanderen en Belgje oer it generaal mei in minder dúdlike taalsosjologyske struktuer fan standerttaal, tuskentaal en dialekt te meitsjen? It soe der in mooglike ferklearring foar jaan kinne.
Ofsluting
Miet Ooms hat mei Van Vogala tot noncha in wiidweidige en tagonklike taalskiednis skreaun. Sy hat fansels wol in seleksje meitsje moatten, en der is fansels wol in momint yn dy lange skiednis te neamen dat oerslein is. Ik haw dêr net om socht. Krekt moai foar ús as lêzers yn Noard is dat der wat typyske saken as de taalstriid om it Flaamske Nederlânsk behannele wurden binne. Dêrom hie ik noch wol wat mear metaal ferwachte oer de beneaming fan de soarten taal troch de skiednis hinne. Wol is der skreaun oer de gefoelichheid om it Nederlânsk yn Flaanderen net ‘Vlaams’ mar ‘Nederlands’ te neamen. Yn de lette midsiuwen wurdt de taal lykwols sûnder euvelmoed ‘Middelnederlands’ neamd, mar dat is in anagroanistyske betiteling út in folle lettere tiid. Faaks hie in útlis oer it brûken fan kontemporêne begripen as ‘Dietsch’en ‘Duitsch’ wat mear omtinken krije kind. Mar hawar, it bliuwt in prachtboek!
- In oar publyksboek út Flaamsk eachweid wei, no dialektologysk, is: Johan De Caluwe, Veronique De Tier, Anne-Sophie Ghyselen en Roxane Vandenberghe, Atlas van het dialect in Vlaanderen.Tielt 2021. ↩︎
- Mûnlinge meidieling fan de auteur op kongres yn Brussel yn augustus.: ‘Dit zal ik in een volgend artikel nog rechtzetten.’ ↩︎
Referinsjes
Jonkman, R. J. & Versloot, A.P. (2025). Het Friese ‘Nederduits’. Beknopte geschiedenis van de Nederlandse taal in Fryslân.
Van der Sijs, N. (2019).15 eeuwen Nederlandse taal.
Van der Sijs, N. (2021). Taalwetten maken en vinden. Het ontstaan van het Standaardnederlands. .
Van der Sijs, N. Jonkman, R. J., Rys, K., & Heeringa, W. (2025).Onderzoeksrapport Talen in de Lage Landen. Taalhouding, taalkennis en taalgebruik van studenten en docenten in het Nederlandse en Belgische hoger onderwijs.
Stegeman, J. (2021). Grote geschiedenis van de Nederlandse taal. Deel 1. Middeleeuwen, nieuwe tijd. Deel 2. Nieuwste tijd. .

Laat een reactie achter