
Nei oanlieding fan de publikaasje fan Dekker, S., Stefan, N, Van Seijen, F., Dijkstra, J., La Roï, C., Heeringa, W., & Kircher, R. (2025). Taal yn Fryslân: In nije koers. Fryske Akademy.
Ynlieding
Yn 1956 is de earste grutskalige taaltel-enkête ferskynd oer de taalferhâldingen yn Fryslân: Boelens en Van der Veen, De taal van het schoolkind in Friesland. Cijfers en beschouwingen. Leeuwarden 1956. Histoarikus Oebele Vries, earder ferbûn oan it Frysk Ynstitút yn Grins en tsjintwurdich gastûndersiker by de Fryske Akademy, wit noch goed hoe’t dat ûndersyk by him op de legere skoalle yn Driezum ôfnommen waard. Hy siet doe yn de tredde klasse. Syn master frege de learlingen oft sy thús Frysk praten of wat oars. Alle 45 learlingen joegen neffens Boelens en Van der Veen harren rapportaazje ‘Frysk’ oan. ‘Ik wist dat de mem fan ien húshâlding Kollumers prate, mar dat is yn de opjefte fan Driezum net werom te finen. Ik fûn de fraach echt prachtich. Yn myn entûsjasme fertelde ik dat der wol wat ferskillen wienen tusken it Frysk fan ús heit en ús mem en ik joech ek foarbylden: ús heit sei goate en ús mem goatte. Ik tink dat ik ek neamd ha: ús heit sei koe en ús mem ko.’ 1 No giet it by dit soarte fan taaltel-enkêtes net om dialektologyske data, mar op it foarste plak om de persintaazjes fan taalbehearsking, yn dit earste ûndersyk spesifyk oer alle skoalbern yn Fryslân: De ‘stekproef’ wie sa’n bytsje hûndert prosint en de fraach ‘Spreekt de ll. Fries?’ sûnder fierdere spesifikaasje waard mûnling ôfnommen troch de skoalmaster- of -juffrou. Alles mei-inoar koe der sa in hiel represintatyf byld sketst wurde fan de doetiidske ferhâldingen yn taalbehearsking fan dat skift fan de Fryske populaasje.
Yn it fierdere ferhaal hjirre giet it net om it direkt of yndirekt ôffreegjen fan alle persoanen fan in populaasje, mar om grutskalige taaltel-enkêtes mei in stekproef út de hiele populaasje. Op tafal (‘aselekt’) wurdt in beheind tal persoanen út in befolkingsadministraasje fan in gemeente lutsen, dy’t op syn moaist allegear meidogge, omdat elke persoan syn of har achtergrûn in part fan de populaasje fertsjintwurdiget. Dat makket – mei wat marzje om it persintaazje ûnder en boppe de útkomst hinne – in stekproef represintatyf. Op basis fan in relatyf lytse stekproef kin in goede yndruk foarme wurde fan de werklik oanwêzige persintaazjes. It wegerjen om mei te dwaan troch in op tafal oanwiisde persoan jout in fertekening fan de represintativiteit en moat dêrom sa leech mooglik holden wurde. Ik lit hjir de wenstige krityk op ditsoarte fan enkêteûndersyk dat it om selsrapportaazje giet – en net om it objektyf mjitten troch in sertifisearre taaltest – gewurde; sok grutskalich ûndersyk is kwantitatyf en net kwalitatyf.
Mear as in heale iuw taalsurveys yn Fryslân
By de fiif grutskalige enkêtes dy’t dêrnei yn mear as in heale iuw (1969-2025) bekend wurden binne, wie de doelgroep sa’n bytsje álle ynwenners fan Fryslân (de eilannen oars net altyd) yn alle gefallen boppe de legere skoalleleeftyd út. De ûndersiker Lieuwe Pietersen hat mei De Friezen en hun taal fan 1969 der foar keazen om in aselekte stekproef yn twa stappen te dwaan: earst Ljouwert (selekt keazen) en 10 oare gemeenten op tafal. Neffens it oanpart op de hiele provinsje waarden út dy gemeenten ynwenners ek wer op tafal lutsen. Trainde enketeurs gongen dêrnei by de doarren lâns om meiwurking te freegjen. De behearskingsfragen hienen fiif antwurdmooglikheden: ‘heel gemakkelijk’, ‘goed’, ‘vrij aardig’, ‘met moeite’ en ‘helemaal niet’. By nonrespons waarden dy mooglike respondinten troch de saneamde ‘quotesampling’ oanfolle troch oare op tafal lutsen respondinten sadat op ’e ein de stekproef op presys 800 dielnimmers útkaam. Troch de aselektiviteit koe de stekproef yn prinsipe as represintatyf beskôge wurde. Dy represintativiteit is lykwols minder wierskynlik omdat nêst Ljouwert der sa goed as gjin oare stedske gemeenten yn de stekproef terjochte kommen wienen. De selektearre gemeente Hearrenfean mient dat fan dy stedskens miskien wol, mar flekke en oare doarpen wike – seker yn dy tiid – net safolle fan de oare plattelânsgemeenten ôf; it oanpart Frysktaligen wie sadwaande yn dy stekproef oerfertsjintwurdige.
De opfolgjende enkête fan 1984 Taal yn Fryslân fan Durk Gorter-en-dy hat om in direkte ferliking mooglik te meitsjen in hiel soad fan de fragen en antwurdmooglikheden wurdlik oernommen fan Pietersen. Dat ûndersyk hat al alle gemeenten meinommen (ek de eilannen) en besocht mei aselekte stekproeven yn dy gemeenten represintativiteit te berikken. De nonrespons waard net oanfolle; sadwaande smiet it fjildwurk fan trainde enketeurs in respons op fan oer de tachtich prosint. Echte wegeringen sieten op tsien prosint, dêryn kin in (lytse) fertekening fan de echte ferhâldingen sitte, omdat net-Frysktaligen earder wegerje om mei te dwaan. Myn eigen ûnderfining as enketeur mei myn respondinten dy’t ik doe yn Weststellingwerf oan de doar trof, wie dat ik de Stellingwerfskpratenden ek wol oer helje koe troch ek op it belang fan kennis oer harren taal te wizen. De úteinlike stekproef wykte net (signifikant) ôf fan kontrôlefariabelen as geslacht, wenkrite, leeftyd, ensfh. Troch de hege respons kinne de útkomsten as aardich represintatyf besjoen wurde. De opfolger fan 1993 Taal yn Fryslân op ‘e nij besjoen fan Durk Gorter en mysels wie min ofte mear in kopy fan de earste Taal yn Fryslân; wurdlik deselde fragen en antwurdmooglikheden, deselde oanpak fan de stekproef, itselde soarte fjildwurk, itselde oanpart fan respons, deselde kontrôlefariabelen en deselde soarte fan útkomsten….
Edwin Klinkenberg en Nika Stefan pakten it mei Taal yn Fryslân de folgjende generaasje fan 2018 hiel oars oan. Wol deselde fragen en antwurdmooglikheden, wol inselde soarte fan stekproef, mar gjin enketeurs dy’t by de doar lâns gienen. Yn plak dêrfan kaam in postale enkête dêr’t de fragelist sels fan fia ynternet ynfolle wurde moast, dy’t allinnich al troch it ûntbrekken fan sosjale druk fan in enketeur ta in hiel lege respons late. Dêroerhinne kaam ek noch dat reewilligens yn it algemien om oan soksoarte ûndersyk mei te dwaan yn in lytse fearniuw sûnt de foargeande enkête keldere wie. De respons kaam mar op sa’n 15 prosint út. Wol is noch besocht om dêrom de ûnderfertsjintwurding fan net-Frysktaligen op leeftyd en gemeente op te plussen neffens de bekende sifers fan de data-administraasjes. Dat de fermoedlike oerferstjintwurdiging fan Frysktaligen – dy’t nei alle gedachten earder meidien hawwe sille – dêrmei noch net kompensearre wurde, bliuwt in swak punt yn de kontrôle op de represintativens fan ditsoarte fan ûndersyk. De saneamde ‘fluchhifkingen’ fan de Provinsje De Fryske taalatlas 2007, 2011, 2015 en 2020 Fryske taal yn byld dy’t yn de tiid tusken de grutskalige surveys fan de Fryske Akademy holden binne, wurde op deselde wize en selde soarte fan lege respons ôfnommen.
In nije koers
No is krektlyn Taal yn Fryslân. In nije koers fan Suzanne Dekkers-en-dy útkommen. Dêryn binne wol wer deselde soarte fan fragen steld, mar, lykas de titel al oanjout, is de koers wer ferlein. No is gjin stekproef nommen en is der gjin post ferstjoerd mar is der gebrûk makke fan in ûndersykspoadium; in fragelist is útset yn gearwurking mei it Planbureau Fryslân mei in saneamd boargerpanel. Dat panel bestiet sûnt 2017 út 7000 ynwenners fan de provinsje Fryslân dy’t har frijwillich opjûn hawwe. Se binne represintatyf foar de befolking fan Fryslân op it mêd fan geslacht, regio yn Fryslân en leeftyd. De ûndersikers jouwe sels al de foar- en neidielen fan sa’n panel oan. Tsjin it foardiel fan in maklike datasamling (want de respondinten sitte ommers al yn it panel), binne der in tal beheiningen. As earste kin de selsseleksje fan surveypanels de ûndersyksresultaten beynfloedzje. ‘Minsken dy’t oan sokke panels dielnimme, binne nammentlik faak mear ynteressearre yn de ûnderwerpen dy’t ûndersocht wurde of yn de beleanningen foar dielname, ferlike mei minsken dy’t har net ynskriuwe foar in boargerpanel. In oar potinsjeel neidiel hat te krijen mei technyske beheiningen dy’t in part fan de befolking útslute kinne. Dielname oan in online boargerpanel fereasket dat dielnimmers tagong ta ynternet hawwe en in basisnivo oan digitale feardigens sjen litte. Dat kin liede ta útsluting fan âlderen, húshâldens mei in leech ynkommen en minsken dy’t yn in gebiet mei beheinde tagong ta ynternet wenje. (…) Fansels is in stekproef om meardere redenen noait hielendal represintatyf (tink oan de non-respons of oerrepresintativiteit fan respondinten mei in bepaalde achtergrûn of ynteresse) en dêrom wurdt ek yn ús ûndersyk weaging tapast op de data.’ (Dekker-en-dy 2025: 14) Dy weaging, lykas al earder skreaun hjirboppe, kin de oerfertjntwurdiging fan Frysktaligen net hielendal rjochtbreidzje. De kontrôle dêrop bliuwt ûndúdlik.
De útkomsten fan alle enkêtes, ek de Fryske taalatlassen
Om de útkomsten fan de lêst ôfnommen enkête yn perspektyf te setten, pleats ik de kearnfariablen fan de fjouwer feardichheden fan it Frysk yn deselde diagram as dy fan de fjouwer eardere grutskalige enkêtes en trije Fryske taalatlassen 2007, 2011 en 20152 (sjoch Figuer 1). Ut al dy taaltel-enkêtes foar de hiele Fryske befolking is in aardich dúdlike tendins nei foaren kommen foar de feardichheden ferstean, praten, lêzen en skriuwen fan it Frysk.

Utsein De Friezen en hun taal fan 19693 lit de diagram foar de mûnlinge feardichheden – yn grutte halen – in flakke line sjen: it ferstean kinnen fan it Frysk (blauwe line) bliuwt sa’n bytsje stabyl op sa’n 90 prosint en it praten (oranje line) op sa’n 65 prosint. By de skriftlike feardichheden is sûnt 1995 in lichte opgong te sjen: it lêzen (grize line) wint oan fan 34 nei 61 prosint en it skriuwen (giele line) fan 4 nei 19 prosint. De reden foatr dy stigingen is net by dizze antwurden jûn, mar nei alle gedachten hawwe dy net iens sa bot te krijen mei it oanwinnen fan it Frysk troch it ferplichte ûnderwiis sûnt 1980 (basisskoalle) en 1993 (basisfoarming fuortset ûnderwiis), mar mei it brûken fan it Frysk op de sosjale media. De drompel foar de skriftlike feardigens is mei in faak eigenoanrette fonetyske stavering leger wurden en de beöardieling fan de eigen feardigens heger. Yn de fierdere rapportaazje fan it lêste ûndersyk wurdt neier yngien op de fjouwer feardichheden dy’t yngeand ferbûn wurde mei taalachtergrûn, leeftyd, oplieding, stedskens fan it wenfermidden, ensfh. (Dekker-en-dy 2025: 32-46).
In nijer alternatyf foar it tellen fan it Frysk?
De tradysje om taaltel-enkêtes nei de taalferhâldingen fan de behearsking fan it Frysk yn Fryslân te dwaan, is al lang. Wy ha sjen kind dat de earste ûndersiken fan de foarige iuw in ûntjouwing sjen lieten fan in simpele fraach yn 1956 foar de hiele doelpopulaasje fia in langer wurdende fragelist yn kombinaasje mei in beheind tal aselekte gemeenten en respondinten yn 1969 nei in wiidweidiger list foar alle gemeenten mei it hast folslein bestriken fan de doelpopulaasje fan hûnderttûzenen ynwenners mei de de oanpak fan in stekproef yn 1984 en 1995 yn ien of twa stappen. De oerienkomst fan dy ûndersiken wie dat der wiidweidich fjildwurk dien waard mei trainde enketeurs dy’t troch har persoanlike fraach oan de doar de minsken gau oer de streek helje koenen. De nonrespons bleau dêrtroch leech. Yn de tsjintwurdige iuw (2018 en 2025) hat der foar it ôfnimmen fan de lange listen gjin fjildwurk mear west, mar in ûnpersoanlike benadering fia de post; ûnder oaren dêrtroch wie der in grutte útfal fan respondinten dy’t dêrmei in fertekening fan de represintativens opsmiet en de útslach minder betrouber makke. Dy fertekening koe mei waging mar oant op in hichte kompensearre wurde. De betrouberens fan de útkomsten is troch de hege nonrespons danich tebekrûn.
Dêrom in útstel om it wer oars oan te pakken. Faaks moatte wy eleminten út dy eardere ûndersiken kieze om de nonrespons sa leech mooglik te krijen, sadat der in sa hege represintativens komt as by de eardere ûndersiken:
- in koarte fragelist,
- in trochtochte stekproef fan adressen yn twa stappen,
- in ‘panel’ fan selekt keazen gemeenten en
- fjildwurk mei trainde enketeurs
- kontrôle troch waarnimmen
Op grûn fan de eardere ûndersiken kin in beheind tal gemeenten selekt keazen wurde dy’t represintatyf foar de hiele provinsje binne. Yn dy gemeenten wurdt in beheind tal adressen aselekt lutsen. De trainde enketeurs (nei in tastjoerd brief) belje oan en stelle yn it Frysk de fraach om mei te dwaan. Ut de taalkar fan de oantroffen persoan kin al de fraach oer it ferstean en prate kinnen foarriedich beäntwurde wurde en biedt sa ek in kontrôle foar de nonrespons by wegeringen. Mei noch in lyts tal fragen oer de behearsking fan de oare bewenners opdat adres soe it fraachpetear ôfsletten wurde kinne, mar mooglik is der noch tiid foar in pear mear fragen oer bygelyks taalgedrach. Op basis fan it type hûs/wyk kin de sosjale posysje rûsd wurde. De antwurden kinne fuort op de telefoan ynfierd wurde en binne daliks beskikber foar statistyske bewurking. Mei in lytser tal enketeurs kin de koarte list fan de petearen frij gau ôfnommen wurde. It grutste foardiel soe wêze dat de represintativens – mei troch de observaasje by nonrespons – wer omheech brocht wurdt, in sintraal aspekt fan ditsoarte fan taaltelûndersyk.
Literatuer
Boelens, Kr. en J. van der Veen: De taal van het schoolkind in Friesland. Cijfers en beschouwingen. Leeuwarden 1956.
De Fryske taalatlas 2007, 2011, 2015 en 2020 Fryske taal yn byld/Friese taal in beeld. S.pl s.j.
Dekker, S.V., Stefan, M.H., Van Seijen, F., Dijkstra, J.E., Heeringa, W.J., La Roï, C., & Kircher, R., Taal yn Fryslân: In nije koers. Fryske Akademy. Ljouwert 2025.
Gorter, D. G.H. Jelsma, P.H. vander Plank en K. De Vos, Taal yn Fryslân. Undersyk nei taalgedrach en taalhâlding yn Fryslân. Ljouwert 1984.
Gorter, Durk. en Reitze J. Jonkman, Taal yn Fryslân op ’e nij besjoen. Ljouwert 1995.
Klinkenberg, Edwin, Reitze Jonkman en Nika Stefan, Taal yn Fryslân de folgjende generaasje. Ljouwert 2018.
Pietersen, L., De Friezen en hun taal. Een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries. Drachten 1969.
- Mei tank oan Oebele Vries. ↩︎
- De Fryske taalatlas 2020 past net mear yn dizze tabel, mar dat makket net safolle út, om’t dy likernôch deselde persintaazjes joech as dy fan 2015. ↩︎
- Hjirboppe is al oanjûn dat de Frysktaligen yn dy stekproef fan Pietersen 1969 oerfertsjintwurdige wienen. Fansels sille de persintaazjes ek yn de werklike populaasje wat heger as de ûndersiken yn de jierren ’80 en dêrnei útkomme om’t dy lettere jierren in frij grutte ynstream nije ynwenners fan bûten Fryslân ynkommen wie. ↩︎

Laat een reactie achter