• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Mercator Europeesk Kennissintrum beleanne mei Italiaanske ALTRE EUROPE Award

15 december 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Jelske Dijkstra en Cor van der Meer nimme de award yn ûnfangst. Foto: Luca Chiandoni

Foar hast 40 jier oan ûndersyksaktiviteiten op it mêd fan minderheidstalen yn Europa mocht it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, yn Italië de ALTRE EUROPE priis yn ûntfangst nimme.

De ferrassing wie grut, doe’t der in pear wiken lyn in telefoantsje kaam fan de Nederlânske ambassade yn Italië. Jelske Dijkstra, de hjoeddeistige projektmanager fan Mercator, en Cor van der Meer, dy’t rom 20 jier projektmanager west hat en koartlyn pensjonearre is, waarden útnûge om ôf te reizgjen nei de Noard-Italiaanske stêd Udine om de ALTRE EUROPE Award yn ûntfangst te nimmen. 

Fjirtich jier ûndersyksaktiviteiten

De útrikking fan dizze ‘oeuvre’-priis wie op it SUNS Festival yn Udine, it festival foar poadiumkeunsten yn Europeeske minderheidstalen. De priis waard útrikt troch Federico Pirone, wethâlder fan Kultuer fan de gemeente Udine, en Carlo Puppo, foarsitter fan it evenemint. 

Yn syn taspraak neamde Pirone trije redenen wêrom’t Mercator de ALTRE EUROPE priis fertsjinne. Dat wie “foar hast fjirtich jier ûndersyksaktiviteiten dy’t benammen wijd wiene oan de minderheidstalen fan ús kontinint, foar de kwantiteit en kwaliteit en beskikberens fan de stúdzjes nei de situaasje fan minderheidstalen yn it ûnderwiis en nei taalkundige diversiteit, en omdat Mercator mei al dizze aktiviteiten in referinsjepunt is foar alle Europeeske minderheidsmienskippen en sa in ympuls jout oan it befoarderjen fan taalrjochten yn Europa.”

Grutsk

Jelske Dijkstra is wiis mei de priis: “Ik fyn it enoarme opstekker foar Mercator. De priis is in grutte wurdearring en erkenning fan ús wurk. Dit waard moarns by it programma foar skoalbern ek befêstige troch de learkrêften dy’t nei ús ta kamen.” Moarns wiene Dijkstra en Van der Meer nammentlik noch te gast yn in teaterkolleezje foar likernôch 300 bern om te praten oer meartaligens en it wurk fan Mercator. Cor van der Meer sjocht de priis ek as erkenning foar Mercators wurk. “It lit sjen dat ús krewearjen foar de lytse talen yn Europa ek by oare minderheden wurdearre wurdt. We meie dêr as meiwurkers grutsk op wêze!”

Oer SUNS

SUNS Europe is it Europeeske Festival foar poadiumkeunsten yn Europeeske minderheidstalen. It festival sette yn 2009 útein as in muzykwedstriid foar minderheidsmienskippen yn it Alpen- en Middellânske Seegebiet fan Europa en is ûnderwilens útgroeid ta in moetings- en útwikselingsplatfoarm foar keunstners út minderheidstaalgroepen yn Europa.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: Fryske Akademy, meertaligheid, Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning, minderheidstalen, onderwijs, priis, prijs, Suns Europe

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

8 jannewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

8 jannewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

12 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

8 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

5 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
29-30 desimber 2025: Krystkongres mei Tony Feitsmapriisútrikking

29-30 desimber 2025: Krystkongres mei Tony Feitsmapriisútrikking

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

30 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d